Standing Rock Sû Stamme
Standing Rock Sû Stamme | ||
Ingelsk | Standing Rock Sioux Tribe | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Noard-Dakota Súd-Dakota | |
haadkertier | Fort Yates (Noard-Dakota) | |
etnisiteit | Westlike Dakota, Lakota | |
ledetal | 16.000 (2013) | |
oprjochting | 1868 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Standing Rock Yndianereservaat | |
lokaasje | súdlik Noard-Dakota en noardlik Súd-Dakota | |
oerflak | 9.251,2 km² | |
ynwennertal | 8.300 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.standingrock.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Noard-Dakota.
|
De Standing Rock Sû Stamme (Ingelsk: Standing Rock Sioux Tribe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steaten Noard-Dakota en Súd-Dakota.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 16.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Fort Yates, yn Noard-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), foar it meastepart Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai substamme fan 'e Janktonai, mei in lytsere groep Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. De Standing Rock Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reservaat fan 'e Standing Rock Sû Stamme is it Standing Rock Yndianereservaat (Standing Rock Indian Reservation) fan súdlik Noard-Dakota en noardlik Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan rom 9.250 km², en dêr't yn 2000 likernôch 8.300 minsken libben. De Westlike Dakota wenje foar it meastepart yn it Noarddakotaanske diel fan it reservaat, en de Lakota wenje frijwol allegear yn it Súddakotaanske diel.
Oarspronklik makke it Standing Rock Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat, dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Standing Rock ien wie.
De oarspronklike súdgrins mei it Cheyenne River Yndianereservaat lei oan 'e Grand River, mar yn 1909 waard troch de Amerikaanske oerheid in stripe lân súdlik dêrfan oerhevele fan Cheyenne River nei Standing Rock.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|