Springe nei ynhâld

Eexta

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 mrt 2021 om 14.17 troch Drewes (oerlis | bydragen) (kat oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eexta
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 2010 (2008)
Oar
Koördinaten 53° 10' NB, 6° 59' OL

Eexta (Grinslânsk: Eekste) is in earder doarp en no in wenwyk fan it doarp Scheemda yn de Grinslânske gemeente Aldamt. Eexta wie earder in dûbeldoarp fan Scheemda yn de doetiidske gemeente Scheemda. It Wynskoaterdjip foarme de grins tusken beide doarpen. Nei it ferlizzen fan dat kanaal nei it suden yn 1954 waard de âlde rin foar it grutste part dimpt. Dêrnei woeks Eexta alhiel troch nijbou oan Scheemda fêst, dêr't it doarp yn 1964 offisjeel opheft waard en in part fan Scheemda waard. It eardere doarp telde neffens it CBS yn 2008 2.010 ynwenners.

Eexta leit besúdeasten fan it haaddoarp Scheemda, oan in ôfspjalting fan it Wynskoaterdjip. Yn it noarden fan it eardere doarp leit it Stasjon Scheemda.

Foar de namme fan it doarp Eexta binne stikmannige ferklearrings foar jûn. Eartiids waard der tocht dat it it gearlûken fan it wurd eek (iik) mei de útgong -steg (brêge, wei) of -sta (wente) wie. In oare mooglikheid is it gearlûken fan de wetternamme Ae mei de útgong -gest of -garst (ikkerlân). Ek soe it om in ôflieding fan it Aldfryske wurd eske (ikkerlân) wêze kinne. De âldste foarmen binne Ext (1391), Eghiste (1435) en Egeste.

Eexta ûntstie as in lintdoarp of as in doarp foar it oanmeitsjen fan rânefean by de ouwers fan de Munter Ae del. Op de kaart binne ferskate bewenningslinten te sjen. De âldste is dy mei de buorkerij Vogelzang en it buorskip Eexterzwaag leit yn it ferlingde fan it midsiuwske doarp Scheemda. De eardere tsjerke mei de pastorij, dy't op heger sângrûn stiene, wiene part fan in twadde bewenningslint by de Buiteneexterweg del. Dat lint rûn oarspronlik yn súdlike rjochting. Dat gebiet wie bekend as Eexterhamrik, dus de himrik fan Eexta. Oerbliuwsels fan pún litte sjen dat der ien of mear stinzen stien hawwe. Troch it ûnderstrûpen fan it lân troch de Doalert waard wentebou opskood nei in plak dat '"Boppe-Eexta" neamd waard. Dokuminten út 1391 en 1420 neame de lytsere stins fan iene Nemeke Eppens yn de Op Ext

Om 1700 hinne hiene Scheemda en Eexta ien tsjerkerie.

De âlde krústsjerke fan Eexta

It doarp hie earder in moaie krústsjerke, dy't yn de twadde helte fan de trettjinde iuw boud waard. De tsjerke, dy't yn deselde styl as dy fan Súdbroek boud waard, waard yn 1870 ôfbrutsen, om't it fierhinne troch efterstallich ûnderhâld en swiere stoarmen ferrinnewearre wie. Op dat plak waard dêrnei in nije tsjerke boud, dêr't de âlde preekstoel en it oargel yn weromsetten waard. De nije tsjerke waard ferskate kearen útwreide, mar waard yn 2009, by it ûntstean fan de PKN, ôfbrutsen en meitsje plak foar in multyfunksjoneel sintrum. De foargevel fan de tsjerke mei de toer is stean bleaun en de efterkant waard oerskildere.

De oarspronklike pastorij út de trettjinde iuw is bewarre bleaun en hat it âldste wentetek fan Nederlân. Dat blykte út in ûndersyk fan de Rykstsjinst fan Monumintesoarch.

Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
· · Berjocht bewurkje