Springe nei ynhâld

Testamint fan Job

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 okt 2020 om 21.22 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Testamint fan Job
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e iuw f.Kr.1e iuw n.Kr.

It Testamint fan Job is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It hat de foarm fan in pseudepigraaf ûnder de namme fan Job, de haadpersoan fan it bibelboek Job, en moat datearre wurde yn 'e earste iuw f.Kr. of de earste iuw n.Kr. It ierst oerlevere manuskript is in Koptyske tekst út 'e fyfde iuw, wylst oare iere hânskriften yn it Gryksk en it Aldtsjerkeslavysk skreaun binne.

It Testamint fan Job is in soarte fan útwreide ferzje fan it ferhaal dat yn it bibelboek Job ferteld wurdt. Oars as yn it bibelboek is Job yn it Testamint fan Job lykwols de kening fan Egypte. It geskrift makket gebrûk fan in ramtferhaal wêryn't Job op syn stjerbêd leit en syn soannen en dochters byinoar ropt om harren syn lêste wurden en ynstruksjes op te dragen. Dy lêste wurden foarmje dan it eigentlike ferhaal, wêryn't Job syn hiele skiednis sa't dy yn it bibelboek Job ferteld wurdt, nochris oereidet. Alle personaazjes dy't yn it bibelboek Job foarkomme, meitsje ek harren opwachting yn it Testamint fan Job; lykwols binne der grutte ferskillen. Sa kriget Job syn frou hjir in folle wichtiger rol taparte, en wurdt har ek in namme jûn: Sitidos, wylst der yn it ferhaal beskate kristlike eleminten ferwurke sitte (lykas Gods tuskenkomst en ferjeffenis), wêrfan't de saakkundigen (noch) net sizze kinne oft dy orizjineel binne, of it resultaat fan in bewurking fan in joadsk geskrift troch in lettere kristlike redakteur. In oar ferskil mei it bibelboek is dat Satan hjir foar Job oer in iepentlik fijannige hâlding oannimt, wylst er yn it bibelboek Job mear in soarte fan oanklager yn in rjochtsaak is. Job wurdt krektlyk oars ôfskildere: trochdat er nea syn geduld ferliest, mislearje alle oanfallen fan Satan op him, wylst er yn it bibelboek alles ferliest útsein syn leauwe. De ein fan it Testamint fan Job wykt sels noch sterker ôf: wylst Job him yn it bibelboek oer syn lot beklaget en God ferwiten makket, hâldt Job hjir konsekwint fol dat syn fertrouwen op God net beskamme wurde sil, al hoe't syn treasters ek op him ynprate om him fan dy oertsjûging ôf te bringen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus