Springe nei ynhâld

Evangeelje fan de Hebreeërs

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 okt 2020 om 17.51 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Ynhâld: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Evangeelje fan de Hebreeërs
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 100150 n.Kr.

It Evangeelje fan de Hebreeërs wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e joadsk-kristlike evangeeljes, wêrfan't de oarspronklike namme ûnbekend is, mar dat troch de tsjerkfaar Hieronymus fan Stridon "it Hebriuwske Evangeelje" neamd waard. It waard wierskynlik yn 'e earste helte fan 'e twadde iuw yn it Gryksk skreaun, en brûkt troch in kristlike mienskip fan Joadsk komôf yn Egypte. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan sitaten yn 'e wurken fan iere tsjerkfaars as Hieronymus, Klemins fan Aleksandrië en Origenes, dêr't in grut respekt út sprekt foar Jakobus, de broer of healbroer fan Jezus.

Hoewol't it Evangeelje fan de Hebreeërs sels net oerlevere is, bestie it neffens in list fan kanonike en apokrife wurken yn 'e njoggende-iuwske Stichometry fan Nisefoarus út 2200 regels (300 minder as it Evangeelje fan Mattéus). Op grûn fan 'e tekst fan 'e oerlevere sitaten is men fan tinken dat it Evangeelje fan de Hebreeërs kwa opbou de kanonike evangeeljes net wanlyk west hawwe moat, en dat it bestie út in ferheljende struktuer wêryn't Jezus syn doop yn 'e rivier de Jordaan, syn ferlieding troch de duvel, it Lêste Jûnsmiel en syn weropstanning út 'e dea op 't aljemint kamen. Teffens moatte der guon útspraken fan Jezus diel fan útmakke hawwe. Mear as dat by de kanonike evangeeljes it gefal is, waarden de foarfallen út it libben fan Jezus presintearre yn in synkretistysk joadsk-kristlik ramt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en Further Reading, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus