Iepenbiering fan Abraham
Iepenbiering fan Abraham | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 70 – 150 n.Kr. |
De Iepenbiering fan Abraham is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e aartsfaar Abraham, dat fan joadske oarsprong is en yn 'e regel datearre wurdt tusken 70 en 150 (n.Kr.). It is inkeld oerlevere yn seis Aldtsjerkeslavyske manuskripten, al moat it oarspronklike frijwol wis yn it Hebriuwsk steld west hawwe. It soe wêze kinne dat it earst út it Hebriuwsk nei it Gryksk oerset is, en dêrnei fan it Gryksk nei it Aldtsjerkeslavysk, mar dat is net mei wissichheid te sizzen, mei't sawol it Hebriuwske orizjineel as de eventuële Grykske tuskenlizzende fertaling ferlern gien is. De Iepenbiering fan Abraham is opmerklik om't it it joadendom en alle oare godstsjinsten foarsteld as folslein oaninoar tsjinsteld, en fanwegen it sterke ikonoklasme dat derút sprekt.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De titel fan 'e Iepenbiering fan Abraham dekt de lading net alhiel, mei't it foarste trêdepart better de Leginde fan Abraham neamd wurde kinne soe. Dêryn wurdt nammentlik Abraham syn bekearing beskreaun fan polyteïsme (meargoaderij) ta henoteïsme (wêrby't men noch wol yn mear as ien god leaut, mar noch mar ien ferearet). De wiere iepenbiering begjint pas dêrnei, as de stim fan God Abraham opdraacht om in offer oan him te bringen, en de ingel Jahoël stjoerd wurdt om Abraham te learen hoe't er dat oanpakke moat. Nei't er op 'e berch Hoareb it offer brocht hat, fart Abraham op nei de himel, dêr't er troch Jahoël rûnlaat wurdt. Hy kriget sels de troan fan God te sjen (mar God sels net). Him wurdt ek de Sûndefal yn it Hôf fan Eden toand, mar de stim fan God fertelt Abraham dat de minske, nettsjinsteande de besmoarging troch de Sûndefal, dochs sels beslute kin om net sûndich te libjen. Dêrby wurde as de fjouwer aartssûnden opneamt: ûntucht, tsjeafte, homoseksualiteit en begear. Ta einbeslút kriget Abraham in fizioen fan 'e takomst te sjen, wêryn't syn neiteam straft wurde sil foar it oanbidden fan ôfgodsbylden. As Abraham freget hoelang't dy bestraffing oanduorje sil, kriget er ta beskie dat der úteinlik in messias komme sil dy't de fijannen fan God befjochtsje en ferslaan sil, en dy't in nij tiidrek begjinne sil, wêryn't God syn útkarde folk frij wêze sil fan ûnderdrukking. (Dit is in ferwizing nei de messias dy't troch de joaden ferwachte wurdt; hoewol't it om 'e datearring fan 'e tekst wol kinne soe, achtsje teologen it tige by tige ûnwierskynlik dat dit ferwize soe nei Jezus Kristus).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |