Evangeelje fan de Wierheid
Evangeelje fan de Wierheid | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 140 – 180 n.Kr. |
It Evangeelje fan de Wierheid is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e gnostyske evangeeljes en waard ferlern waand oant der yn desimber 1945 tafalligerwize troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady twa Koptyske manuskripten fan weromfûn waarden dy't mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe leine. It iene werûntdutsene manuskript fan it Evangeelje fan de Wierheid is in frijwol folsleine ferzje yn it Achmimyske dialekt fan it Koptysk, wylst it oare in fragmintaryske oerlevering yn it Sahidyske dialekt is. It Evangeelje fan de Wierheid, dat oarspronklik yn it Gryksk skreaun wêze moat en datearret fan 'e perioade fan 140 oant 180, is wierskynlik it wurk fan 'e dissipels fan 'e gnostyske learmaster Falentinus, of mooglik fan de man sels. It wie bekend by de tsjerkfaar Irenaeus, dy't it ta ketterij ferklearre.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de kanonike evangeeljes jout it Evangeelje fan de Wierheid net in ferslach fan it libben en de lear fan Jezus fan Nazaret, mar is ynstee in frij esotearysk geskrift dat beskriuwt hoe't de Flater yn personifiëarre, froulike foarm ta wêzen kaam en Jezus oan in beam fêstspikere. It leit fierders út dat guon passaazjes út 'e kanonike evangeeljes net letterlik nommen wurde moatte; sa soe it iten jaan oan 'e hongerigen op spirituële honger slaan, en it rêst jaan oan 'e wurgen op lju dy't wurch fan it libben binne.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|