Playboy Magazine

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Marilyn Monroe
Bettie Page

Playboy Magazine is in neakenblêd, fral ornearre foar heteroseksuële manlju, oprjochte yn 1953 troch Hugh Hefner. In playboy is immen dy't yn jet-set-fermiddens ferkeard, faak achter froulju oan sit en meast koarte ferhâldings hat. It blêd jout foto's fan neakene froulju ôfwiksele mei ynterviews en politike- en kulturele analyzes. It earste nûmer fan Playboy hie Marilyn Monroe op de omslach (en op de middenside-centerfold). It bleat hat altyd mear eroatysk as pornografysk west. De oplage is, faaks troch de maklike tagong ta seks en eroatyske ôfbyldings op ynternet, tige tebekrûn. Yn 1972 waard fan in nûmer mear as 7 miljoen ferkocht. Yn 2005 wie de oplage fan de Amerikaanske útjefte noch mar 3 miljoen. Hugh Hefner's dochter Christie Hefner is tsjintwurdich de direkteur fan Playboy.

De Nederlânske en Belgyske ferzjes besteane sûnt maaie 1983. Foar it Nederlânske nûmer posearre de doe 36-jierrige, neakene Jerney Kaagman. Covergirl fan dat nûmer wie Ellen Soeters. Playboy hat ek in edysje foar froulju, nammentlik Playgirl, mar dy wurdt net yn it Nederlânsk útjûn.

Yn 2005 ferskynde in wittenskiplik artikel oer de feroarings fan lichemsferhâldings fan de centerfoldmodellen yn de lêste 50 jier[1]. Der waard konludearre dat der gjin oertsjûgjende oanwizings binne foar in trend nei gruttere slankens; wol waarden ferskowings sjoen yn it oantal kearen dat fiif ferskate lichemstypen ôfbyld wienen.

Bekende Amerikaanske Playboymodellen[bewurkje seksje | edit source]

Guon modellen waarden troch in fotoreportaazje yn Playboy Magazine wrâldferneamd. Oaren stiene der ien kear yn en waard dêrnei noait mear wat fan fernaam.
List fan súkselfolle karriêrefroulju:

Bekende Nederlanners yn Playboy Magazine[bewurkje seksje | edit source]

Rebecca Loos
Do
Aria Giovanni (2007)

Karút bekende Nederlanners dy't ferskynden yn de Nederlânske útjefte fan Playboy Magazine:

Bekende Flamingen neaken yn Playboy Magazine[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D.M. Garner, P.E. Garfinkal, D. Schwartz en M. Tompson: 'Cultural expectations of thinning in women', Psychological Reports, 47 (1980), s. 483-491.
  1. T. Seifert: 'Anthropomorphic characteristics of centerfold models: trends towards slender figures over time. Int J Eat Disord.', april 2005; 37(3):271-4.