Carmen Electra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Carmen Electra yn 2008

Carmen Electra, wiere namme Tara Leigh Patrick, (Cincinnati (Ohio), 20 april 1972) is in Amerikaanske aktrise.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

Carmen waard grut yn White Oak, Ohio. Doe't sy njoggen wie waard sy útsocht foar de "School for Creative and Performing Arts". Dêr naam hja sjonglessen en as tsiener dûnse hja yn musicals en makke har eigen koreografy. Sy woe doe al yn Los Angeles te lâne komme en besykje in platekontrakt te krijen.

Mei 15 jier ferhuze sy nei Minneapolis om by har suster en healsuster te wenjen; sy fertsjinne har jild mei modellewurk. Fjouwer jier lette ferfarde sy hommels nei Los Angeles, feroare har namme yn Carmen Electra en skraachwurk in wike letter moete sy Prince.

Yn 1992, nei in audysje foar Prince, tekene Carmen har earste platekontrakt op it "Paisley Park Records"-label. Nettsjinsteande Prince syn krewearjen foar har súkses waard Carmen har foarste album lykwols in flop. Yn 1995 koe Carmen oan it wurk as presintatrise fan it programma All That op Nickelodeon. Maart 1996 stie sy neaken yn de Playboy en makke in Playboy-fideo mei de namme Playboy Cheerleaders. Yn 1996 waard bekend makke dat Carmen Jenny McCarthy ferfange soe yn de MTV-show Singled Out.

Dêrtroch rekke har karriêre yn in streamfersnelling en krige sy in kontrakt by Baywatch om Pamela Anderson op te folgjen yn dy rige. Teffens krige hja tal fan (by-)rollen yn ferskate films en posearre sy foar tal fan blêden yn de wrâld.

Carmen Electra wie troud mei basketballer Dennis Rodman en gitarist Dave Navarro, eks-Jane's Addiction en eks-Red Hot Chili Peppers, mar wyls is har twadde skieding in feit.

Fan 12 maaie 2007 ôf soe sy optrede yn Las Vegas as assistinte fan yllusjonist Hans Klok yn syn show Faster than Magic,[1] mar safier kaam it net. It soe te krijen hawwe mei har klaustrofoby dy't hja net baas wurde koe. Pamela Anderson is doe yn it plak fan Carmen kaam.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Perssupport.nl Parseberjocht show yn Las Vegas