Grutte Pier is de namme dêr't Pier Gerlofs Donia as Fryske frijheidsstrider bekend ûnder wurden is. Hy is nei alle gedachten de ferneamdste persoan út de Fryske skiednis. Om syn figuer hat safolle mytefoarming west dat it slim te sizzen is hokker ferhalen op wierheid berêste en hokker net.
... de Kromme Knillis de namme is fan De Boarn tusken Aldskou en Akkrum, en neffens in sêge ek de namme wie fan de reus dy't dit stik fan De Boarn groeven hat?
... de "noardpoal" dêr't it kompas hinne wiist, magnetysk sjoen de súdpoal is?
... it Hylpersk, it argayske Frysk dialekt fan it havenstedsje Hylpen, in tige behâldende lûdlear en wurdskat hat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is?