Widzel tom Brok

Ut Wikipedy

Widzel tom Brok (* sirka 1375 - † 25 april 1399) wie in Fryske kriichshear en haadling. Hy wie de soan fan Okko tom Brok.

Okko, de heit fan Widzel stoar yn 1389 en omdat syn soan noch te jong wie om it bewâld oer te nimme, naam syn mem, Quade Foelke, fanút de fâdij de hearskippij oer fan it amtsgebiet. Doe't Widzel mearderjierrich wie joech er de piraat Klaus Störtebeker yn East-Fryslân Mariënhafe as fluchthaven om him weromlûke te kinnen mei de Likedielers.

Widzel stoar yn in brân yn in tsjerke te Detern. Dy brân wie oanstutsen troch de krigers fan de Aartsbiskop fan Bremen, de greve fan Aldenboarch en oaren út it ferbûn.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Eggerik Beninga, Cronica der Fresen, Teil I u.II
  • Ostfrs. Urk.B. I, Ostfrs. Landschaft Aurich
  • Wiarda, Ostfriesische Geschichte. 11 Bde., Aurich 1791 - 1819
  • Ubbo Emmius, Rerum Frisicarum historia.