Johan Cruijff

Ut Wikipedy
Johan Cruijff
Cruijff yn 2009
Cruijff yn 2009
persoanlike bysûnderheden
namme Johan Cruijff
bynamme Nûmer 14
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 25 april 1947
berteplak Amsterdam
stjerdatum 24 maart 2016
stjerplak Barcelona
klupskiednis
rêchnûmer 14
posysje Rjochts
jeugdteams
19571964 Ajax
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1964–1973
1973–1978
1979
1980–1981
1981
1981
1981–1983
1983–1984
Ajax
FC Barcelona
Los Angeles Aztecs
Washington Diplomats
Levante UD
Washington Diplomats
Ajax
Feyenoord
239(190)
143(48)
27(14)
27(10)
10(2)
5(2)
36(14)
33(11)
nasjonaal team
1966–1977 Nederlân 48(33)
trainer by
1985–1988
1988–1996
2009–2013
Ajax
FC Barcelona
Kataloanje
Johan Cruijff yn it shirt fan it Nederlânsk alftal

Hendrik Johannes (Johan) Cruijff (Amsterdam, 25 april 1947Barcelona, 24 maart 2016) wie in Nederlânsk proffuotballer en fuotbaltrainer. Cruijff hat ien fan de beste fuotballers oait op de wrâld west. Hy waard útroppen ta de beste Jeropeeske fuotballer fan de 20e iuw en hat in soad oare prizen wûn. Johan Cruijf hat tegearre my syn frou Danny Coster trije bern: Chantal (16 novimber 1970), Susila (27 novimber 1972) en Jordi (9 febrewaris 1974). Jordi Cruijff hat ek betelle fuotbal spile.

Cruijff waard ynternasjonaal ferneamd troch syn technyske spul en syn taktysk ynsjoch. Hy is ien, nettsjinsteande hy relatyf net safolle prizen wûn hat mei fuotbaljen, ien fan de beste fuotballers ea west, neist spilers as Pelé en Maradona.

De achternamme fan Cruijff wurdt meast mei in Grykske Y skreaun. Yn folle frjemde talen komt de kombinaasje 'uijf' net foar en is it dreech út te sprekken. Dêrom wurdt syn namme faak ferynternasjonalisearre ta Johan Cruyff. Dizze namme brûkt hy ek by syn kolumn yn de Telegraaf.

Biografy as fuotballer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cruijff waakse op yn it Amsterdamse Betondoarp. Op syn tsiende waard hy lid fan Ajax dêr't hy op 15 novimber 1964 debutearre yn it proffuotbal. De wedstriid einige yn 1-3 foar GVAV, de tsjinstander fan dy dei. Cruijff makke it ienichste doelpunt foar Ajax. Uteinlik soe Cruijff alve jier foar Ajax spylje, yn acht seizoenen dêrfan waard hy kampioen fan Nederlân.

De oanfaller spile foar it earst yn it Nederlânsk alvetal op 7 septimber 1966, tsjin Hongarije, de wedstriid einige yn 2-2 mei in doelpunt fan Cruijff. Cruijff krych in syn twadde wedstriid foar Oranje in reade kaart. It wie de earste reade kaart die it Nederlânsk alvetal yn de skiednis krige.

Yn it seizoen 1973/1974 gong Cruijff nei FC Barcelona. De Katalanen betellen 6 miljoen gûne foar de spits. Dêr waard hy ferienige my syn âld-trainer Rinus Michels. Hy spile oant 1978 ta by Barcelona wêrnei hy yn Amearika gong te fuotbaljen foar de Los Angeles Aztecs en letter by de Washington Diplomats. Yn 1980 kearde hy wer werom nei Spanje, dizze kear by Levante, wêrop hy wer nei Amearika ta gjit en wer foar de Washington Diplomats spyljen giet. Yn 1981 komt hy wer nei Nederlân ta om by syn âlde leafde Ajax te spyljen en syn karriêre ôf te sluten.

Mar it rûn oars. Yn ’82 woe Ajax it kontrakt fan Cruijff net ferlenge. Dêrop gong hy nei de aartsrivaal Feyenoord ta. Dat jier waard Feyenoord oan de hân fan Cruijff kampioen en wûn it de KNVB Beker.

Yn 1974 hat Cruijff meidien oan it wrâldkampioenskip fuotbal. Nederlân wist de finale te heljen, mar ferlear der mei 2-1 fan Dútslân. Yn totaal spile Cruijff 48 wedstriden foar Oranje. Dêryn skoarde hy 33 kear.

Biografy as trainer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn aktive rinbaan as fuotballer waard Cruijff trainer. Hy begûn by Roda JC as technysk direkteur wêrnei't hy yn 1985 yn dizze funksje by Ajax werom kaam. As trainer waard Cruijff yn de seizoenen ‘85/’86 en ‘86/’87 kampioen en wûn yn beide jierren de KNVB-Beker. Yn 1987 spile Ajax foar it earst yn alve jier wer in Jeropa Kup finale. Ajax wûn de finale fan Lokomotiv Leipzig mei 1-0 troch in doelpunt fan Marco van Basten. In jier letter naam Cruijff ûntslach as trainer by Ajax.

Yn 1988 krige Cruijff de kâns om by It Hearrenfean trainer te wurden. Mar even letter kaam 'syn' Barselona, wêrnei't er dêr hinne gong. By Barselona wûn hy hast alles wat der te winnen foel. Oan 1994 ta wûn ‘Barça’ elk jier ien of meardere prizen. Maar sûnt ’94 gong it de ferkearde kant op. Yn it seizoen ‘95/’95 krige Cruijff dan ek ûntslach. It Barcelona fan dy tiid hie as bynamme ‘Equipo de Sueño’, wat dreamploech bestsjut.