Grutte Pier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pier Gerlofs Donia
Boekyllustraasje 1622
Boekyllustraasje 1622
Algemiene ynformaasje
Namme Pier Gerlofs Donia
Bynamme Grutte Pier
Berne Kimswert, 1480?
Stoarn Snits, 28 oktober 1520
Berop boer en frijheidsstrider
Skilderij mei Grutte Pier yn de midden.
Fan Johannes Hinderikus Egenberger (1822–1897)

Grutte Pier (1480? - 28 oktober 1520) is de namme dêr't Pier Gerlofs Donia as Fryske frijheidsstrider bekend ûnder wurden is. Om syn figuer hat safolle mytefoarming west dat it slim te sizzen is hokker ferhalen oft wier binne en hokker net.

Libben en skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn Kimswert, yn de 2e helte fan de 15e ieu sa om 1480 hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bonga en troude mei Rintsje Syrtsema. It pear krige yn 1506 in soan, Gerlof Piers Donia. Pier Gerlofs Donia syn frou ferstoar yn 1515.

Yn 1498 kaam Fryslân ûnder it bewâld fan Albrecht fan Saksen dy't om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle. Doe't dat, nei syn dea, lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, ferkoft syn soan syn rjochten oan de lettere Karel V.

Pier Donia wie boer yn Kimswert mar syn pleats, de Osingastate, waard yn 1515 troch hiersoldaten fan de Swarte Heap platbaarnd. Mûglik is dêrby ek syn frou fermoarde. Troch dy oanfal ûntwikkele Pier him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Hy foarme tsjin de Swarte Heap in eigen binde, ûnder de namme fan de Arumer Swarte Heap, en ûnder syn lieding operearre in kapersfloat, fan Makkum en Warkum út op de Sudersee.

Oan Pier wurde in reuseftich postuer en boppeminsklike krêften taskreaun. Oan Pier wurdt ek it tongbrekkerssechje "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries" taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean oft de lju oan board fan de skippen wol Friezen wiene. Wie dat net it gefal dan soenen se kylhelle wêze en harren skip leechrôve.

Leginden[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de leginde droegen Pier en syn mannen de bút fan de plundere skippen ôf oan hartoch Karel fan Gelre, dy't stipe yn de striid tsjin de Hollanners tasein hie. Doe't bliken die dat Karel 1517 sels in machtsposysje yn Fryslân besocht te krijen, wie Pier sa teloarsteld dat er him werom luts út de striid. Syn lêste jierren wenne er yn Snits, dêr't er op 28 oktober 1520 ferstoar.

De leginde wol hawwe dat ek syn bern fermoarde binne troch de Saksen. Dêr is sibbekundich ûndersyk nei dien, en it soe kinne dat syn soan Gerlof Piers it oerlibbe hat, en dat syn neikommelingen ek hjoed de dei noch yn Nederlân en Amearika libje. Ek it ferstjerren fan syn dochter is foar in lettere datum optekene.

Stânbyld fan Grutte Pier yn Kimswert

Yn it sintrum fan syn bertedoarp Kimswert stiet in stânbyld fan Pier Donia, makke troch Anne Woudwijk.

Grutte Pier yn sechjes en siswizen[bewurkje seksje | edit source]

  • "De biezem yn 'e mêst," sei Grutte Pier "wy sille de Sudersee skjinfeie".
  • Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries".

It swurd fan Grutte Pier[bewurkje seksje | edit source]

Grutte Pier soe ek yn fjildslaggen domineare hawwe mei in geweldich grut swurd. Dat stielen slachswurd wie 2,15 meter lang en woech goed 6 kilo. Neffens de oerlevering koed er mei dat swurd de hollen fan mear fijannen tagelyk ôfkapje. It ûnderstelde swurd fan Grutte Pier hinget tsjintwurdich (2008) yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Ek yn de taapkeamer fan Herberch 'De Greate Pier' yn syn berteplak Kimswert hinget 'it ienichste wiere swurd fan Grutte Pier'. Syn helm wurdt bewarre yn it stêdhûs fan Snits.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Oktober 2011 waard yn 'e tsjerke fan Kimswert de grêfsark fan preester Jehannes († 15 juny 1486) weromfûn. Jehannes wie pastoar yn Kimswert doe't Pier in jonkje wie, dat hy soe Pier doopt hawwe kinne. Teffens is de sark fûn fan Sybrandt fan Bonga, dy't oan Pier syn mem besibbe west hawwe moat.[1]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Dirk L. Broeder, Groote Pier. Utert: Kemink en Zoon, 1940 (mei yllustraasjes fan Albert Hahn jr.)
  • Grote Pier, yn: Verhalen van stad en streek: Sagen en legenden in Nederland/ W. de Blécourt, R.A. Koman [et al.]. Bert Bakker 2010, s. 86-88.


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante 31 oktober 2011, side 10, Grafzerk ontdekt van doper Grutte Pier