Tongbrekkerssechje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In tongbrekkerssechje is in wurd, of in sin, dêr't de útspraak gauris problemen fan jaan kin. De measte talen ha sokke sinnen. Tongbrekkers binne meastentiids makliker út te sprekken as men de taal net sprekt, mar wol wit hoe't it fonetysk útsprutsen wurde moat. It hoege lykwols net perfoarst lange sinnen te wêzen. It kin by in tongbrekkerssechje hannelje om wurden dy't, net maklik fluch efterinoar sein wurde kinne. Mar it kin ek in mingeling wêze fan wurden dy't hast itselde sein wurde.

Foarbylden yn it Frysk[bewurkje seksje | edit source]

It tongbrekkerssechje fan Grutte Pier[bewurkje seksje | edit source]

In ferneamd foarbyld fan in tongbrekkerssechje is ferbûn mei de ferhalen oer Grutte Pier. Hy soe it as sjibbolet brûkt hawwe om Hollanners dy't hawwe woenen dat se Fries wienen te ûntmaskerjen:

Bûter, brea en griene tsiis,
Wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries.

Neffens Waling Dykstra waard dat sechtje brûkt yn 1500 doe 't de Hartoch fan Saksen Frjentsjer belegere.

Oare foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

  • Op ús finneherne lizze fjouwer klear lottere ljipaaien yn ien nêst.
  • Al tsien jier gie Pier ier mei it iepenbier ferfier
  • Wa wit wer't Wytse Watses wever wennet?
    Wytse Watses wever wennet West wiet :Warkum.
    Wa wit wat Wytse Watses wever weeft?
    Wytse Watses wever weeft wite wollene wanten.
  • Yn ien ear in earbel
  • De earebarre is yn de jarre bedarre
  • Moatst de strjitstiennen skjin skrobje ear’t de tsjerketsjinst begjint
  • Fjouwer klearlottere ljipaaien yn in skriezenêst
  • Trije kear krom troch de pomp krûpe
  • De minne muorren yn ‘e buorren tichteby de tsjerke tuorren hawwe grutte skuorren
  • It Nijs brocht niis it bjusterbaarlike nijs fan in nijsgjirrich ûngemak
  • De iene hazze hazze de oare hazze hazze hast
  • Lekkere rollade
  • Wat in protte protters op ‘e tsjerkhôfmuorre.

Foarbylden fan Trijfel[bewurkje seksje | edit source]

Nico Scheepmaker die yn syn rubryk Trijfel yn de Ljouwerter Krante ris in oprop om tongbrekkers op te stjoeren:

Der siet in snip op 't Snitser skip,
Dy snie it spek mei de bek fan 't spit
Der wie gjin snipskries dy 't dat die
Dy 't spek mei de bek fan 't spit ôfsnie
of as fariaasje:
Op it Snitser skip, dêr siet in krie
Dy 't mei de bek it spek fan 't spit ôfsnie
Fierders wie der skip noch krie
Dy 't him dat neidie.

of in oare fariaasje:
Der siet in snip op 't Snitser skip,
Dy snie mei de bek it spek fan 't spit fan’t Snitser skip.
Der wie gjin snip noch skries dy dat nog die,
Dy mei de bek it spek fan 't spit fan’t Snitser skip ôfsnie.
''Bydwaan troch C. Klompstra

Noch in rychje:
Mei ik mei jo jojo jojoë?
Jojo jo mar mei jo eigen jojo.
Ha jo jo jojo wol by jo?

De Terkaplester klok klipt trijeris, Trijeris klipt de Terkaplester klok

Sân stringen bloedreade bloedkralen

Njoggen en njoggentich

Westfryske tongbrekker[bewurkje seksje | edit source]

Der is ek in Westfryske tongbrekker:
Moin veers vreet liever reeuwe riepe as rooie kool met ruipe (Frysk:"Myn rier fret leavver rauwe rapen as reade koal mei rûpen")
Dizze rier komt ek foar yn in oare Fryske tongbrekker: Rearikke rierreljirre