Wikipedy:Sykje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jo kinne op ferskate manieren sykje yn de Wikipedy:

Sykjen mei de Wikipedy[bewurkje seksje | edit source]

Eltse side fan de Wikipedy hat in sykfjild, mei twa knoppen: "Side" en "Sykje". Jo kinne yn it sykfjild ien of mear wurden skriuwe en dan op ien fan de knoppen klikke.

Side 
As der in side is mei dy titel wurdt dy werom jûn. Oars wurdt jo oanbean de side nij te skriuwen, en wurdt der socht nei oare mooglikheden.
Sykje 
Dit jout in oersjoch fan de siden mei jo wurd(en) yn de titel, en in oersjoch fan de siden mei jo wurd(en) yn de tekst.

Sykfunksje fan de Wikipedy[bewurkje seksje | edit source]

  • De sykfunkse slacht gjin acht op haadletters: Frysk, frysk en FRYSK jouwe itselde resultaat.
  • As jo mear wurden brûke, wurde allinnich siden opnaam dêr't alle wurden yn steane. Mar der wurdt net nei sjoen of de wurden krekt sa byinoar stean as yn it sykfjild.
  • Der wurdt allinnich socht om in hiel wurd; net om in part fan in wurd, en net om in losse letter. (De resultaten jouwe al parten fan wurden, mar dêr wurdt net op socht.)
  • Registrearre meidoggers kinne it sykjen wat oanpasse yn harren Ynstellings.
  • In tal wurden dy't in soad brûkt wurde, wurdt net nei socht. In probleem dêrby is dat dit noch net ynternasjonalisearre wurde kin, wat betsjut dat Ingelske wurden negeard wurde dy't yn it Frysk al in doel hawwe kinne.

Fierder sykjen[bewurkje seksje | edit source]

Underoan de resultaatside stiet in wat útwreide sykfunksje: Normaal wurdt allinnich mar socht yn de gewoane Wikipedy-siden. (In registrearre meidogger kin dat feroarje by de Ynstellings.) Mar hjir kinne jo oanjaan ek sykje te wollen yn de oerlissiden ensfh.

Oare manieren om siden te finen[bewurkje seksje | edit source]

  • De keppeling Koartlyn feroare, jout de siden oardere nei de lêste feroaring.
  • De keppeling "Wat is hjirmei keppele" jout foar eltse side de siden dy't dêr in keppeling mei hawwe.
  • Yn de list fan Bysûndere siden stiet Alle titels, de alfabetyske titellist. (Dizze keppeling stiet ek op de haadside.)
  • Alle siden binne keppele, sadat ferbannen tusken de side folge wurde kinne.

Sykje op it ynternet[bewurkje seksje | edit source]

It is ek mooglik om mei syktsjinsten lykas Google allinnich troch de siden fan it Wikipedia-projekt te sykjen. Dit binne fansels net altiten de resintste ferzjes, mar oan de oare kant kin der troch oanheltekens te setten socht wurde nei de kombinaasje fan twa wurden, lykas "30 febrewaris".

Neat fûn?[bewurkje seksje | edit source]

Spitigernôch binne in protte saken noch net yn de Fryske Wikipedy opnaam.

  • As jo oare talen machtich binne, soenen jo it yn in oare Wikipedy besykje kinne.
  • It ynternet is grutter as de Wikipedy. Fansels kinne jo mei Google gâns it ynternet trochsykje.
  • As jo sels al wat witte oer it mêd dat jo sochten, of as jo der mear oer útfine, soenen jo dêr sels in nije side oer skriuwe kinne.