Wikipedy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wiki.png

In Wikipedy is in iepen, rjochtenfrije ensyklopedy, dy't troch elkenien bewurke wurde kin. It wurd is in kombinaasje fan wiki en ensyklopedy. In wikipedy is in taalferzje fan it Wikipedia-projekt fan de Wikimedia Foundation, in yn Florida fêstige organisaasje. Wikipedia bestiet op it stuit, desimber 2008, út 265 wikipedyen. Mei de Wikipedy wurdt almeast doeld op de Fryske Wikipedy.

Om't in wikipedy de foarm hat fan in wiki, kin elkenien siden yn in wikipedy feroarje. Dit is tagelyk de krêft en it swakke stee fan in wikipedy: Elkenien kin flaters ferbetterje, mar elkenien kin ek nije flaters meitsje. Algemien wurdt troch de wikipedia-mienskip oannaam dat it foardiel grutter is as it neidiel.

Op de measte wikipedyen binne út en troch problemen mei fandalisme: bewurkings dy't mei sin de wikipedy minder meitsje. Troch dat de skiednis fan eltse side bewarre bliuwt kinne sokke feroarings lykwols gau genôch tebekdraaid wurde.

Eltse wikipedy hat in foarkar foar dát gebiet dêr't de taal fan dy wikipedy it meast praat wurdt. Lykwols binne it generale ensyklopedyen: hoe mear at der skreaun wurdt hoe mear der ek oer gebieten fierder fuort skreaun wurdt.