Sterkste Man fan Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De ferkiezing fan Sterkste man fan Fryslân wurdt sûnt 1982 hâlden. De wedstriden wurde op ferskate plakken hâlden, de lêste jierren yn it WTC Expo yn Ljouwert. Oan it begjin as ûnderdiel fan de Jierbeurs, sûnt 1988 as selsstannich evenemint.

De ûnderdielen binne net altiten itselde. Yn 2010 binne der seis ûnderdielen: Beamstamhuffe, Autolûke, Frachtweinlûke, Gewicht heechsmite, Tsjillen kantelje en Stienhuffe.

Troch de jierren is der in ferskowing geande fan it type gewichtheffers nei all-round atleten. Jan Wagenaar wûn de grutte Wikselbeker fiif kear, Wout Zijlstra en Henk van der Veen elk fjouwer kear.

Foar junioaren is der in eigen klasse.

Sint Anne (2006)
Jier Winner út Lokaasje
2017 Kelvin de Ruiter Surhústerfean WTC Expo Ljouwert
2016 Arno Louwsma Bitgum Flaeijelfeest, Nijhoarne
2015 Kelvin de Ruiter Surhústerfean Flaeijelfeest, Nijhoarne
2014
2013 Kelvin de Ruiter Surhústerfean Boazum
2012 Jan Wagenaar Skearnegoutum
2011 Jan Wagenaar Skearnegoutum WTC Expo Ljouwert
2010 Jan Wagenaar Skearnegoutum WTC Expo Ljouwert
2009 Jan Wagenaar Skearnegoutum sporthal Boekhorst yn Easterwâlde
2008 Jan Wagenaar Skearnegoutum sporthal Middelsee Boalsert
2007 Jan Wagenaar Skearnegoutum Harnehal yn Tsjummearum
2006 Gorrit Visser Drylts sporthal De Bildse Slag Sint Anne
2005 Hans Lolkema Sleat Dokkum
2004 Henk van der Veen Sweagerbosk Drylts
2003 Hans Lolkema Sleat sporthal De Trime yn Balk
2002 Alle Bergsma Wâldsein sporthal De Vuurvrou yn Froubuorren
2001 Alle Bergsma Wâldsein sporthal Wâldsein
2000 Alle Bergsma Wâldsein sporthal Wâldsein
1999 Henk van der Veen Skûlenboarch
1998 Henk van der Veen Skûlenboarch
1997
1996 Henk van der Veen Skûlenboarch
1995
1994 Wout Zijlstra Wolsum
1993
1992
1991 Wout Zijlstra Wolsum
1990 Wout Zijlstra Wolsum
1989 Wout Zijlstra Wolsum
1988 Arend Kuiper Seisbierrum WZS-hal Snits
1987 Tjalling van den Bosch Achlum
1986 Tjalling van den Bosch Achlum
1985 Tjalling van den Bosch Achlum
1984 Wiebe Nijenhuis Snits
1983 Wiebe Nijenhuis Snits
1982 Wiebe Nijenhuis Snits FEC