Springe nei ynhâld

Wiebe Nijenhuis

Ut Wikipedy

Wiebe Nijenhuis (Snits, 30 jannewaris 1955Drylts, 1 april 2016)[1] wie in sterke man út Snits.

Doe't er 27 jier âld wie waard er yn 1981 winner fan de earste wedstryd foar ferkiezing fan de Sterkste Man fan Fryslân yn de Fryslânhal yn Ljouwert. Dy wûn er nochris yn 1982 en 1983. Op it program stienen ûnderdielen as stêven bûge, bierfetten lade en froulju optille mei de earms foarút. Nijenhuis wie benammen goed yn Powerliften.

Nei syn karriêre bleau er aktyf yn de sport. Sa wie er in wike foar syn dea noch skiedsrjochter by it Frysk kampioenskip gewichtheffen. Nijenhuis ferstoar hommels yn de âldens fan 61 jier.[2]

Nijenhuis hie in fytswinkel yn Snits en fierde it 25 jierrich bestean fan de saak op 1 septimber 2015.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante, 14 novimber 1983

  1. Stjerberjocht fan Wiebe Nijenhuis
  2. [1]
  3. [2]