Sassenheim
Sassenheim | ||
Eardere gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Teylingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 16.020 (2023)[1] | |
Oerflak | 6,42 km² (6,22 km² lân, 0,2 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 2495 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A44 N208 N443 | |
Postkoade | 2171-2162 | |
Netnûmer | 0252 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 14' NB 4° 31' EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.teylingen.nl/ | ||
Kaart | ||
Sassenheim (pleatslik ek wol útsprutsen as: Sassem) is in plak en eardere gemeente yn 'e Dún- en Bollekrite yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De eardere gemeente hie in oerflak fan 6,42 km² en gie mei yngong fan 1 jannewaris 2006 mank mei Voorhout en Warmond op yn 'e nije gemeente Teylingen. Sassenhem hat 16.020 ynwenners (2023) en de bebouwing hie yn 'e tiid fan de gemeentlike weryndieling syn grinzen berikt. Dêr hearden gjin oare kearnen ta de eardere gemeente, allinnich de buorskip Klinkenberg. De buorskip Teijlingen, ferneamd om de ruïne fan Teijlingen dêr't de nije fúzjegemeente syn namme wei hat, leit tsjin Sassenheim oan, mar falt ûnder it gebiet fan de eardere gemeente Voorhout. De ynwenners fan Sassenheim wurde Sassemers neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prehistoarje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak dêr't Sassenheim op leit is ien fan 'e âldst bewenne plakken fan Hollân. Sûnt likernôch 3000 f.Kr. ûntstiene yn it gebiet strânwâlen troch ynwurkjen fan 'e see, dêr't jongere strânwâlen by foarme waarden westlik fan de âldere. Sassenheim ûntstie op in âldere strânwâl doe't de kust mear nei it easten ta lei as hjoed-de-dei. Dy ûntwikkeling fan de strânwâlen sette fuort oant yn 'e Romeinske tiid. Eastlik fan dy strânwâlen ûntstie in sompegebiet. Troch ôfgravings foar sânwinning, útwreiding fan plakken en grûnbewurkjen foar de blombolletylt binne in soad spoaren út it Neolitikum en lettere tiidrekken ferlern rekke, dochs binne der yn 'e omkriten ferskate spoaren fan dy snuorjes weromfûn, lykas in stiennen sizel, dy't brûkt waard foar it snijen fan reid en sompegers. Yn 'e brûns- en izertiid waard it gânse strânwâlde gebiet bewenne. De bewenners libben fan 'e jacht, ikkerbou en feehâlderij.
Romeinske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 1e iuw n.Kr. leine de Romeinen har noardgrins, de limes, justjes súdlik fan Sassenheim oan de Alde Ryn dy't yn dy snuorje de haadtakke fan de Ryn wie. Fan de kust ôf setten de Romeinen me har skippen ôf nei Brittanje. Nei alle gedachten wurken de romeinen tegearre mei de yn it kustgebiet wenjende Germaanske stamme fan de Kananefaten. De fynst fan in 2000 jier âlde wetterput mei in trochsneed fan 125 sintimeter by Sassenheim wiist op in frij grutte Germaanske delsetting. It is net wis dat de delsetting by Sassenheim bewenne waard troch Kananefaten. De Romeinske skiedsskriuwer Tasitus neamde dat de Frisii har yn twa seksjes oan 'e mûning fan de Ryn fêstigen. It wurdt oannommen dat de meast westlike groep dêrfan nei de delsleine Bataafske Opstân yn 69 n.Kr. har yn it gebiet fan de kananefaten delstrieken. It krekte ferrin fan de súdwestlike ekspânsje is net wis, mar it gie nei alle gedachten om ferhuzings by it kustgebiet del oant djip yn Flaanderen en net om gebietsútwreidings. Dat proses sette troch oant it syn hichtepunt yn de 3e iuw berikte.
Yn de 4e iuw, yn t tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren ferlieten de Romeinen de krite nei it suden ta. Mei har ferfart in wichtich part fan de romaniseare kananefaten dy't nei alle gedachten opgiene yn 'e stammeferbûn fan de Franken. Wettersneden en kusteroazje twongen ek de Frisii healwei de 3e iuw grutte parten fan har lân efter te litten, sa't in hommelse brekme oan argeologyske fynsten sjen lit. In soad tôgen nei Flaanderen en Kent yn Ingelân.
Iere midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e ein fan de 5e iuw ôf wie der fannijs bewenning yn it kustgebiet troch bewenners dy't wer Friezen neamd wurde. Dat hie sûnt it Grutte Folkeferfarren mear in plitike as in etnyske ynhâld. De befolking yn dy snuorje bestie út ferfarrende Angelen en Saksen al is net út te sluten dat der noch âlde Friezen yn it gebiet efterbleaun wiene. Dat soe in mooglike ferklearring fan de namme Sassenheim wêze; heim (hiem) fan de Saksen. Dochs it is mear oannimlik dat de namme Sassenheim ôflaat is fan de persoanenamme Sahso of Saxo, in foarm dy't yn West-Nederlân faker foarkaam. Skiedkundige en argeolooch Menno Dijkstra oppenearret dat dat it gefal is want plaknammen einigjend yn -heem (of in fariant dat ferdraaid waard as -om, -um of -heim) dy't keppelje oan in persoanenamme lizze ornaris fierder fan de rivier (yn dit gefal de Alde Ryn) as plaknammen dy't basearre binne op in haadwurd dy't oan 'e rivier lizze. Plaknammen dy't basearre binne op in persoannenamme wiene individuele lânoanmakkerijen, dy't letter ûntstien binne as dejingen tichter by de rivier. Boppedat hiene se ek net sa'n al te grutte betsjutting, itjinge bliken docht út it sindelingswurk fan Angelsaksyske muontsen ein 7e iuw. Ek soe it mooglik wêze dat Sassenheim stifte is troch Angelsaksyske besikers. Yn 690 kaam Willibrord mei 11 muontsen oan lân by Katwyk oan See mei de opdracht en kerstenje de Friezen. Under syn lieding waard in tal memmetsjerken stifte, lykas dy fan Oegstgeest. Ut Voorhout wei waard letter yn Sassenheim in lytse kapel stifte. Dy Angelsaksyske besikers koene Sasenheim syn namme "wenplak fan 'e Saksen" jûn ha as in oandiel Saksyske migranten by de Rynmûning yn in gebiet mei in oare etnyske eftergrûn.
Willibrord joech syn besit oan de abdij fan Echternach, dy't ek troch him stifte waard. Troch ynfallen fan Wytsingen koe dy abdij de kontrôle oer al it guod en rjochten net goed útfiere. De biskop fan Utert naam dy taak oer, dochs hy moast ek foar de Wytsingen flechtsje. Doe't dy lang om let ferdreaun waarden, blieken dy troch de greven fan West-Frisia ynpalme hawwe. Dêrom makke de biskop in list fan alle guod dy't nei 850 ferlern rekke waarden. Op dy list wurdt foar it earst Hostsagnem (East-sasseneheim) en Westsagnem (West-Sassenheim) neamd. De namme wie oan 'e begjin fan d e9e iuw yn gebrûk. Lette yn d e10e iuw waard de namme Saxnem, Zassenem en Sassem brûkt.
Lette midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't it greefskip Hollân út Frysk grûngebiet wei foarme waard, kamen der yn de 13e iuw in trijetal ridderhofstêden om Sassenheim hinne. Oan de súdkant, by de ôfspjalting fan de strânwâl nei Warmond in kastiel fan de hearen fan Alkemade, oan d enoardeastkant de ridderhofstêd Ter Leede, en justjes noardlik fan t doarp lei in troch in grêft omjûn folksboarch by de westlike râne fan de strânwâl del. Hear Dirk fan Teylingen liet dy wetterboarch om 1250 hinne útbouwe en fersterkje ta in wenboarch, dêr't de oerbliuwsels hjoed-de-dei noch bekend steane as de Ruïne fan Teylingen. Ut dy strategyske fêsting wei waard op hjitten fan de Hollânske greven yn westlike rjochting in ferhege dyk oanlein nei it greeflik jachtmêd yn de Noardwikerhoutske dunen oanlein, troch de sompige strânflakte. Dat lânguod fan Kastiel Teylingen stean ebekend as de Keukenduin dêr't it wyld, fee en allegear krûden en beien bestimd wie foar de koken fan it kastiel. De hjoeddeistige Keukenhof hat syn namme dêrfan krigen. De meast ferneamde ynwenenr wie grevinne Jakoba fan Beieren, dy't har yn it kastiel weromloek nei de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen. It sompgebiet eastlik fan de âlde strânwâl feroare njonkelytsen yn in feangebiet nei de oanmakkerijen en waarden bedike, ynpoldere en yn kultuer brocht. De befolking woeks stadichoan fan 133 ynwenenrs (33 huzen) yn 1369 ta 276 ynwenenrs (69 huzen) yn 1623.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 17e en 18e iuw lieten gegoede keaplju grutte bûtenpleatsen bouwe. Op in bytsje nei, binne se allegear ferdwûn. Om 1860 hinne bloeide Sassenheim tige nei it kommen fan de blombolletylt. Yn dy snuorje hie Sassenheim de grutste nôtmûne tusken IJ en Maas. Yn dy tiid hie Sassenheim it allinnerjocht foar it opheljen fan hout- en turfjiske by de boargers fan Sassenheim, Lisse en Hillegom. De jiske waard yn in skuorre opslein en waard dêrnei mei skip oer De Kaag nei Leien ferfierd, dêr't it oan sjippesiederijen ferkocht waard. Dêrtroch kamen de ynwenenrs fan Sassenheim oan har bynamme: asbakken (jiskebakken).
Yn 1899 hie Sassenheim 1.950 ynwenners, yn 1946 krapoan 7.000 en yn 1991 likernôch 14.600. Benammen it ûntjaan fan Sassenheim as yndustrygemeente en forinzegemeente hat dêrta bydroegen. It waaksen gie mank mei it tanimmen fan de wolstân. Dat late ta modernisearjen fan pannen, kealslach en nijbou soargen foar yngeande feroarings yn d ebebouwing en in soad fan it karakteristike doarpsegesicht rekke dêrmei ferlern. Troch brekme oan grûn binne der net folle mooglikheden mear oer foar wentebou en is de groei sa goed as wol ta 'n ein kommen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blombolletylt hat foar de ekonomyske groei fan Sassenheim soarge, dochs is hast folslein út it doarp wei ferdwûn. Ta ferliking mei oare doarpen yn 'e Bollekrite is der frij soad yndustry yn Sassenheim. De fêstiging fan AkzoNobel is de grutste en kaam fuort út 'e ferve- en lakfabryk Sikkes dy't him yn 1939 út Grins wei yn Sassenheim fêstige.
Yn Sassenheim steane ek in fervefabryk fan Akzo Nobel, een koekfabryk, in pakkettesortearsintrum fan PostNL en in distribúsjesintrum fan Dirk.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Pankratiustsjerke, de roomsk-katolike neogoatyske trijeskippige krústsjerke, boud tusken 1913 en 1928.
- Doarpstsjerke fan de 16e iuw
- Ruïne fan Teylingen
- Mûne fan Speelman (romp)
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjon Sassenheim leit oan de Skipholline tusken Leien en Skiphol dy't op 9 desimber 2011 iepene waard. Eastlik fan it doarp rint de autosnelwei A44.
Stêdebân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Sassenheim
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Martin Hersman (1974), reedrider
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Oude Koningshuys
-
Wettertoer fan Sassenheim
-
Bloomekorso Bollekrite yn 2005
-
Alde pleats
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar mear boarnen, sjoch nl:Sassenheim |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sassenheim fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Teylingen | ||
---|---|---|
Kearnen: Sassenheim • Teijlingen • Voorhout (bestjoersintrum) • Warmond | ||
· · |