Springe nei ynhâld

Teijlingen (buorskip)

Ut Wikipedy
Teijlingen (buorskip)
De ruïne fan Teylingen
De ruïne fan Teylingen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Teylingen
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 14' NB 4° 31' EL
Kaart
Teijlingen (Súd-Hollân)
Teijlingen

Teijlingen is in buorskip yn de Dún- en Bollekrite yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De buorskip falt ûnder Voorhout, dochs leit tsjin de beboude kom fan Sassenheim oan. De buorskip is ferneamd om de ruïne fan Teylingen, dêr't de gemeente, dêr't de buorskip yn leit, nei neamd is. Dy ruïne fan it eardere Kastiel Teylingen dy't yn 'e 13e iuw boud waard, waard yn de 15e iuw bewenne troch grevinne Jakoba fan Beieren. De tichteby lizzende Keukenduin by Lisse, dêr't it lettere Kastiel Keukenhof en syn tunen de Keukenhof nei neamd waarden, hearden ta it kastiel en de rispinge dêre wie bestimd foar de koken fan it kastiel, dêrfandinne de namme.

Westlik fan Sassenheim en Lisse leit in dúnrêch mei de namme Teijlingen, dy't weromgiet op in rekonstruearre Germaansk wurd *taglingja ‘sturt’ of ‘smelle, hege dúnrêch’; dat Germaanske wurd is ek werom te finen yn it Ingelske tail.[1]

Yn 948 wurdt Taglingi, in plak tusken Oegstgeest en Limmen foar it earst neamd yn in list fan de Utertske Domtsjerke. Yn 1143 wurdt Teylingen wer neamd, mar dan as in persoanenamme fan Gerard fan Teylingen, dy't fan in aadlik laach kaam.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reinsma, Riemer, Namen op de kaart: oorsprong van geografische namen in Nederland en Vlaanderen. Atlas Contact, Utjouwerij (19 april 2011), side 98. ISBN 9789045017945.
  2. Skiednis op 'e side fan Kastiel Teylingen
Gemeente Teylingen
Kearnen: SassenheimTeijlingenVoorhout (bestjoersintrum) • Warmond
· · Berjocht bewurkje