Voorhout
Voorhout | ||
De Sint-Bartoloméustsjerke fan it tsjerkhôf ôf sjoen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Teylingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.280 (2023)[1] | |
Oerflak | 12,62 km² (12,23 km² lân, 0,39 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 1.369 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N443 N444 N450 Alde line | |
Postkoade | 2215-2216 | |
Netnûmer | 0252 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 13' NB 4° 29' EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.teylingen.nl/ | ||
Kaart | ||
Voorhout is in plak en eardere gemeente yn de Dún- en Bollekrite yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De eardere gemeente hie in oerflak fan 12,62 km² en gie mei yngong fan 1 jannewaris 2006, mank mei Sassenheim en Warmond op yn de nije gemeente Teylingen. Voorhout hat 17.280 ynwenners (2023) en is dêrmei de grutste kearn yn de gemeente en tagelyk ek it bestjoerssintrum fan de gemeente, wylst it gemeentekantoar yn Sassenheim stiet. By Voorhout hearre de buorskippen Piet Gijzenbrug en Teijlingen, dat lykwols tsjin de beboude kom fan Sassenheim oan leit en bekend is fan de ruïne fan Teylingen, dêr't de gemeente nei neamd is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1988 fierde Voorhout syn 1000-jierrich bestean. Yn in brief út 988 stiet dat greve Durk II fan West-Frisia de tsjerke fan Foranholte skonk oan de Abdij fan Egmond. It twadde part fan de namme, -holt of -hout is in ferwizing nei it dúngebiet dat doetiids tige boskryk west hawwe soe. Oan de rânen fan dat gebiet ûntstiene delsettings lykas Noardwikerhout en Sassenheim. Yn dy tiid waard ûnderskied makke tusken in leechstammige bosk (wâld), dy't suver ûnbegongber foar in minske wie, en heechstammige bosk (hout), dy't ornaris op 'e sângrûn fan de Hollânske kust foarkaam. It tichtebylizzende Noardwikerhout ferwiist ek nei dy bosk, allyk Hollân, dat fan holtland ôf komt, itjinge "bosklân" betsjutte.[2]
It gebiet wie lykwols al lang foar 988 bewenne en dêr binne Romeinske munten fûn. Yn 1907 fûn in boer 18 brûnzen bilen en 1 beitel, likernôch 3500 jier âld, oan de Rijnsburgerweg. Hja wurde hjoed-de-dei útstald yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien.
Sûnt 1150 spilen de eallju Fan Teylingen in wichtige rol yn it gebiet. Hollânske greven kamen gauris byinoar op it Kastiel Teylingen. De wichtichste bewenster fan it kastiel wie Jakoba fan Beieren. Voorhout bleau ynearsten in lytse delsetting. Yn 1514 stiene der mar 40 huzen registrearre.
Yn 1657 waard de Leiske Feart groeven fan Haarlim neu Leien en dêrtroch begûn Voorhout te waaksen. Yn 1842 waard de spoarline Haarlim-Leien iepene en Voorhout krige twa stasjons. Ien yn 'e buorskip Piet Gijzenbrug en ien mei de namme Voorhout. Yn 1900 hie Voorhout likernôch 2000 ynwenners. De measte ynwenners fertsjinnen har ynkommen oan de blombolletylt. Dat duorre oant de Twadde Wrâldkriich. Yn 1944 waaren nije diken oanlein en waarden alle twa stasjons sletten foar persoaneferfier. Yn 1960 wenne der likernôch 5.000 minsken yn Voorhout en yn 1988 wie dat woeksen ta 9.360. Dy groei waard feroarsake troch de bou fan de nije wyk oosthout. Yn 1997 krige Voorhout fannijs in spoarstasjon. Der waarden mear wiken boud en de befolking woeks algeduerigen. Yn 2005 hie Voorhout krapoan 15.000 ynwenners.
Wiken en buerten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Voorhout bestiet út de wiken: Voorhout (âlde part fan it doarp westlik fan it spoar), Oosthout, Hoogh Teylingen, Toegangsweg, 's-Gravendamseweg en it bûtengebiet. Dy wiken binne ûnderferparte yn de buerten: Bloemenbuurt (boud yn 1985-1992), Kruidenbuurt (boud yn 1985-2000), Vissenbuurt (boud yn 1996-1998), Schoutenbuurt (boud yn 1986-2006), Componistenbuurt (boud yn 1995-2016).
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stasjon Voorhout leit oan de Alde line en betsjinnet it doarp. Voorhout leit likernôch in kilometer noardlik fan de autosnelwei A44 en westlik fan it doarp rint de N444, dy't de ferbining fan Noardwyk mei Warmond foarmet. Voorhout hat ek in folsleine ringwei.
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ruïne fan Teylingen
- Lytse Tsjerke, protestantske tsjerke út 'e 14e iuw
- Sint-Bartoloméustsjerke, roomsk-katolike tsjerke fan 1882/1883
- Mûne Hoop doet leven
- De pastorije Boerhaavehuis fan de Lytse Tsjerke
- De pleatsen Noordhout, De Hooghkamer, Rijnoord en Klein Bouwlust
- In soad bolleskuorren
Berne yn Voorhout
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herman Boerhaave (1668-1738), dokter, botanikus, natuerkundige, skiekundige, filosoof, rektor magnifikus en heechlearaar
- Edwin van der Sar (1970), fuotballer
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Lytse Tsjerke
-
Hoop doet leven
-
Boerhaavehuis
-
Pleats Noordhout
-
Fjild mei hyasinten
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Voorhout fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Teylingen | ||
---|---|---|
Kearnen: Sassenheim • Teijlingen • Voorhout (bestjoersintrum) • Warmond | ||
· · |