Beitel
In beitel of beidel is in langhalich stik ark fan metaal, almeast fan stiel (of foar in part), mei in karakteristyk foarme snijkant oan 'e útein fan it blêd, dat ornearre is foar it snijen of kapjen fan hurd materiaal lykas hout, stien of metaal. It hânfet fan it blêd fan guon soarten beitels binne makke fan metaal, of hout mei in skerpe râne deryn of fan keunststof.
By it beiteljen wurdt it blêd yn in materiaal forsearre om it te snijen. De driuwende krêft kin útoefene wurde en triuw it mei de hân of troch in hammer te brûken. By yndustrieel gebrûk kin in hydraulyske raam of fallend gewicht brûkt wurde om in beitel it materiaal yn te krijen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de prehistoarje waard al gebrûk makke fan beitels dy't fan stien of bonke makke wiene.
Typen beitels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Type beitels binne hakbeitels, stekbeitels, sloopbeitels, skaafbeitels en gutsen.
Mei in hakbeitel kin mei help fan in hammer in gat yn it hout kappe wurde.
Mei in stekbeitel kin hout ôfstutsen wurde. In stekbeitel hat in 25 oant 30 graden skerpere snijhoeke as in hakbeitel.
In sloopbeitel hat in skerpe kant oan de útein en oan ien lange kant, wylst de oare lange kant stomp is, dêr't op hammere wurde kin.
In skaafbeitel is almeast part fan in blokskaaf, dy't wurdt brûkt foar houtbewurking.
In guts is in type beitel dat tsjinnet om lytse stikjes út it materiaal wei te snijen, benammen by houtbewurking, houtdraaien en byldhouwen. Gutsen jouwe almeast holle oerflakken en hawwe in U-foarmige dwerstrochsneed.
Fierders binne der in stienbeitel foar it kapjen of snijen fan stiente en in metaalbeitel foar it bewurkjen fan metaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, sjoch References op dizze side. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chisels fan Wikimedia Commons. |