Springe nei ynhâld

Sizel

Ut Wikipedy
In sizel

In sizel (ek wol sisel of sytsel) of in sichte,[1][2] is in stik lânbou-ark dat tsjinnet foar it snijen fan gers, nôt en reid. De sizel is ien fan de âldste stikken ark fan de minskheid. It ôfsniene gers en nôt waard brûkt as foer foar fee en it reid foar tekbedekkings.

Sûnt it begjin fan de izertiid ûntstiene der hûnderten ferskate farianten de streek, ynearsten fan izer en letter fan stiel. Dat grutte ferskaat oan sizeltypen yn in protte kultueren kinne ûnderferparte wurde yn glêde of ribbelige blêden, dy't beide brûkt wurde kinne foar it meanen fan sawol grien gers as ripe nôt mei help fan licht ûngelikense techniken. It ribbelich limmet, dat syn oarsprong hat yn prehistoaryske sizels, dominearret noch hieltyd by it rispjen fan nôt en is hjoed-de-dei sels te finen yn terskmasinen en yn guon kokenmessen. [boarne nedich]

In sizel waard ek wol as wapen brûkt, benammen troch Traasjers en Daasjers. De Romeinen neamden it in falx, itjinge sizel bestjutte.

In sichte is justjes grutter as in sizel, mar lytser as in seine.

In sizel waard, mank mei in hammer, as in symboal foar it kommunisme brûkt, ferwizende nei de arbeidersklasse, dêr't de hammer foar fabrykswurklju en de sizel nei lânwurklju ferwiisde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 856.
  2. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 651.