Daasjers
De Daasjers (Latynsk: Daci, Gryksk: Dákai) wienen in Yndo-Jeropeesk folk dat yn Daasje (tsjintwurdich Roemeenje) en parten fan Moesja libbe hat. De earste skreaune berjochten oer dit folk datearje út de Romeinske tiid. De Daasjers wienen besibbe mei de Geten en waarden sjoen as in Trasysk folk.
It wengebiet fan de Daasjers wie foaral yn Transsylvaanje en it westen fan Walachije. Yn East-Walachije en de Dobroedzja wennen mei de Daasjers ferwante Geten en yn Moldaavje libben de allyksa besibbe Karpen.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Dasyske folk soe likernôch 2.000.000 sielen grut west ha. Omrekkene dat it yn dy tiid gewoan wie dat 1/10 part fan de hiele befolking yn it leger tsjinne, kin sein wurde dat it leger likernôch 200.000 man grut wie. Hjirmei hie Daasje nei it Romeinske ryk it grutste tal ynwenners fan Jeropa.
Nei de oermastering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 107 waard Daasje oermastere troch de Romeinen. In grut part fan de befolking kaam om yn de kriich. De Romeinske keizer Trajanus liet om-ende-by 150.000 Daasjers as slaven fuortfiere. De Daasjers dy't oerbleaune, fermongen harren mei de Romeinske kolonisten en namen de Latynske taal oer. Harren neisieten waarden iuwenlang oantsjutten mei de namme Walachen, dy't sy troch de Slavyske folken krigen. Pas yn de 19e iuw krige Daasje har hjoeddeistige namme Roemeenje.