Oerlis:Sizel
Appearance
@Ieneach fan 'e Esk, tsja, ik wie ek altyd fan betinken dat soks in sichte wie en sizel haw ik ek nea fan heard. Mar Frysker wol hawwe dat in sichte of pikseine, nl "zicht", de "Sichte" in soarte fan lytse seine is. In sizel (nl "sikkel", de "Sichel", en "Sickle") is neffens Frysker fan wat we tochten in sichte. In sikkel is neffens Frysker in Hebriuwske munt of gewicht. Dus dêrom hie ik it sa dien. Ik wit net wat oare wurdboeken dêrfan sizze. Kneppelfreed (oerlis) 3 jan 2025, 00.05 (CET)
- @Kneppelfreed: Goeie. As ik yn it Ned.-Fryske oersetwurdboek sjoch by "sikkel", stiet dêr: "snijwerktuig, sichte, sisel, sizel, sytsel; voor het snijden v. riet: reidseintsje (it), -sichte." Yn it Frysk-Ned. oersetwurdboek stiet by "sichte": "s. de. -n; sichtsje. Zicht, sikkel (werktuig om graan te zichten)." Dus dêr is it neffens my gewoan in sikkel of beide soarten wurktugen. Mar it Frysk Hânwurdboek jout by "sichte" as betsjutting: "(hw, de [sIxtë], -n, sichtsje) koarte seine foar it meanen fan nôt, beane of earte." Dat liket dan mear op wat Frysker seit, hoewol't ik der noch nea fan heard haw dat nôt mei in (koarte seine) meand waard, dus in "koarte seine" soe miskien ek op in sikkel slaan kinne? Dêrûnder stiet "sichteheak: tinne stôk mei in izeren dwersheak om by it sichtsjen it nôt mei byinoar te heljen." Om't men foar it brûken fan in seine, hoe lyts ek, grif twa hannen nedich is, moat in sichte hjir dan wol in sikkel wêze, neffens my. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jan 2025, 00.34 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, ja it is al wat in tizeboel. It liket dat sichte wol brûkt wurdt foar beide "zicht" en "sikkel". Sa't ik it begryp is it Nederlânske "sikkel" de lytste, dêrboppe komt in "zicht", dat yn 't Frysk in sichte of pikseine (lytse seine) is en dêrboppe is de "zeis" (seine). In koarte seine soe tink ik mear op in "zicht" slaan. De fraach is hoe neame we de nl "sikkel". Ik hie foar "sizel" keazen, mar as jo leaver "sichte" brûke, dan is om my dat ek wol goed. Dan moat der even by neamd wurde dat it ark foar it snijen fan reid "reidseintsje" of "reidsichte" neamd wurdt. Foar de side dy't no sichte hjit, kinne we dy faaks omneame ta "lytse (of koarte) seine" of "pikseine". Wat sizze jo en oaren? Al mei al is dat âlde ark fier foar myn tiid. Kneppelfreed (oerlis) 3 jan 2025, 01.37 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed:Ik neam de sikkel sichte en fan sizel ha'k noch nea heart. Dat oare ark, de zicht is de lytse seine. Sa soe ik se neame, mar of it kloppet wit ik net. Ik sil der op it doarp noch eefkes nei fernimme as ien it wit. --RomkeHoekstra (oerlis) 3 jan 2025, 09.08 (CET)
- @Kneppelfreed en RomkeHoekstra: It is altyd moai as jins idee fan hoe't it sit, dielt wurdt troch oaren. Wy neame in sikkel alle trije in "sichte", dus dan bin ik net de suffert dy't it syn hiele libben by it ferkearde ein hân hat. Wat betreft it omneamen fan 'e side: mwôh... "sizel" is blykber ek in goed wurd, hoewol't it my neat seit. Ik haw der "sichte" by set as synonym mei as referinsje de beide oersetwurdboeken. Dan is dat my fierder ek wol goed. De side "Sichte" haw ik al in betsjuttingsside fan makke, mei as lemma's "sichte (sizel)" (wiist troch nei sizel) en "sichte (lytse seine)" (dat is dan de nije namme fan 'e zicht wurden). Om my hoecht der fierder neat omneamd te wurden. Dus as jimme der sa ek mei libje kinne, dan soe ik sizze: lit mar sa't it is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jan 2025, 19.17 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk en @RomkeHoekstra. Dêr kin ik mei libje, dus kinne we it om my ek moai sa litte. Kneppelfreed (oerlis) 4 jan 2025, 05.23 (CET)