IJ (Amsterdam)

Ut Wikipedy
Amsterdam yn 1544, troch Cornelis Anthonisz, mei it IJ foaroan.
Drokte op it IJ yn de 17e iuw
It IJ
Satellytfoto mei it IJ tusken it Noardseekanaal (lofts) en de IJmar (rjochts)

It IJ is in rivier, earder in seeëarm, yn de provinsje Noard-Hollân. It eigentlike IJ of Binnen-IJ skiedt de Amsterdamse binnenstêd ôf fan Amsterdam-Noard, en wie oarspronklik in baai fan de Sudersee. De namme IJ is besibbe oan it Germaanske wurdt foar 'wetter', Ae, Ee, Ie of Die (fergelykje mei it Frânske eau).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn de Midsiuwen waard it IJ bedike.

Mids 19e iuw waard besletten om it grutste part fan de seeëarm, dy't nei it westen oant Felsen en Beverwyk rûn, yn te polderjen en it oerbliuwende par fan de Sudersee ôf te sluten middels in daam.

Tagelyk waard it Noardseekanaal oanlein (iepene yn 1876) dat it Ofsletten-IJ mei de doe ek oanleine nije haven IJmuiden ferbynt. It Bûten-IJ leit oan de eastside fan de Oranjesluzen en slút oan op de IJmar en Markermar.

By Spaarndam leit benoarden de Spaarndammerdyk noch in IJ, dat in oerbleaun stik fan de oarspronklike seeëarm is.

Eilannen yn it IJ[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de hichte fan de eardere Amstelmûning waarden trije eilannen yn it IJ oanlein, mei sân út de dunen by IJmuiden, dat frijkaam wie by it dollen fan it Noardseekanaal. Op dy eilannen waard it Sintraal Stasjon boud (iepene yn 1889). Dêrtroch waard de binnenstêd fan Amsterdam ôfskieden fan it IJ, en waarden de measte havenaktiviteiten nei oare plakken oerbrocht.

It eastlik part fan it tichte IJ waard ein 19e iuw it Eastlik Havengebiet oanlein mei yn it IJ opsmiten skiereilannen. Ein 20e iuw waard it in wenwyk, deun oan it wetter fan it IJ. De IJmar krige fierder de nijbouwyk IJburg, ek op keunstmjittige eilannen. It sân dêrfoar waard út de omkriten fan Lelystêd helle.

Foar de oanlis fan de Afrika-haven waard in polder ynrjochte dêr’t trije eilannen yn leine. Dat wiene de eilannen Ruigoord (eartiids ek wol Kooijen eilân neamd), De Hoorn en Jan Rebellenwaard. Oant ein 20e iuw waard der bot protestearre tsjin it ôfbrekken fan Ruigoord.

Yn de IJmar leit ek Fort Pampus, dat ta de Stelling fan Amsterdam beheart.

It wetterpeil fan it Bûten-IJ wurdt mei de IJmar en de Markermar op in winterpeil fan NAP -0,40 m en in simmerpeil fan NAP -0,20 m holden middels spuien en bemealen. It IJ spilet ek in rol by de drinkwetterfoarsjenning fan goed 1 miljoen Nederlanders omdat it yn ferbining stiet mei de Markermar en de Iselmar. De Iselmar is it grutste swietwetterbekken fan Nederlân.

IJ-fearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amsterdamske fearen fersoargje tsjinsten oer it IJ. Sûnt 1897 wurdt de tsjinst tusken it Sintraal Stasjon en it Tolhûs yn Amsterdam Noard fersoarge troch de Gemeenteveren Amsterdam (GV). Yn de rin fan de 20e iuw kamen der noch ferskate feartsjinsten by, sa as de pont nei de Adelaarsweg en ek ferkate lytse IJ-fearen. Yn 1943 ûntstie it Gemeentlikferfierbedriuw (GVB) troch fúzje fan de Gemeentetram Amsterdam mei de Gemeentefearen.

Nei de bou fan de Schellingwâlderbrêge (1957), de Coentunnel (1966), de IJtunnel (1968) en de Zeeburgertunnel (1990), wurde gjin auto's mear oerset, mar foar fuotgongers en fytsers binne de IJ-Fearen noch fan grut belang.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Webkamera[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haven Amsterdam