Sachalin (oblast)
Sachalin oblast
Сахалинская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Fiere Easten |
ekonomyske regio | Fiere Easten |
haadplak | Jûzjno-Sachalinsk |
grutste plak | Jûzjno-Sachalinsk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (84,3%) Koreänen (5,4%) Oekraïners (4,00%) Tataren (1,2%) (sifers 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 466.609 (2021) |
oerflak | 87.101 km² |
befolkingstichtens | 5,36 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 1947 |
tiidsône | UTC+11 MSK+8 |
koördinaten | 50° 33' N 142° 36' E |
webside | www.adm.sakhalin.ru |
De oblast Sachalin (Russysk: Сахалинская область/ Sachalinskaja oblast) is in bestjoersdistrikt yn de Russyske Federaasje. De oblast bestiet út it eilân Sachalin en de Koerilen en is part fan it Russyske federaasjedistrikt Fiere Easten.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sachalin wurdt troch de seestrjitte Tataresont fan it Russyske fêstelân skieden en de Koerilen foarmje in eilannebôge fan Kamtsjatka oant it Japanske eilân Hokkaidō. Oan de westlike kant fan de Tataresont leit de kraj Chabarovsk en noardlik, oan de oare kant fan de See fan Ochotsk, de kraj Kamtsjatka. Yn it suden leit de lânsgrins mei Japan en oan de oare kant dêrfan it eilân Hokkaidōm.
It eilân Sachalin is tige bercheftich, fan it noarden nei it suden is de ôfstân 948 km. De Koerilen hawwe in lingte fan 1200 km. Yn it gebiet lizze in soad fulkanen. Op de Koerilen binne 9 aktive fulkanen; ierdskoddings komme regelmjittich foar.
Grutste rivieren binne de Tym, de Porona, de Ljûtoga en de Naiba. De rivieren en it wetter om de oblast binne tige fiskryk.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It klimaat is rûch, ek al binne yn july en augustus dagen mei in temperatuer fan boppe de 20° gewoan. Fan novimber oant april lizze de temperatueren fan −7° oant +4°. De trochsneed temperatueren lizze nachts fan oktober oant maaie fan −18,4° oant +0,3°. Winterdeis is it kâld en de simmers binne fochtich. Yn it súdeasten is it waar mylder, yn it noardwesten is it waar op syn rûchst. Fan noard nei súd skynt de sinne nammentlik jimmeroan faker en fan west nei east nimme de dagen mei min waar ôf.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Russen binne mei likernôch 85% de mearderheid fan de befolking. Dêrnjonken binne der gruttere Koreaanske en Oekraynske mienskippen. De tradisjonele minderheden (Koreanen, Oekraïners, Tataren en Wyt-Russen) nimme yn tal ôf, wylst it tal Nivchen, Kirgizen, Usbeken, Ameenjers en Azerbeidzjanen tanimt. Ut de Kaukasus en Sintraal-Aazje binne sûnt it ein fan de Sovjet-Uny in pear tûzen immigrearre, alhoewol't dat oantal minder is as yn oare dielen fan Ruslân.
De totale befolking fan de oblast sakket al sûnt 1989.
Lânseigen befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânseigen befolking binne de Nivchen, de Nanai, de Oroken, de Ultsen, de Orotsjen en Ewinken. Fanâlds libje hja fan it fiskjen en it fokken fan rendieren. De Ainû, dy't oant 1945 ek yn dit gebiet libben, waarden nei Japan deportearre. Mooglik binne der noch in pear Ainû yn de tige lytske Japanske mienskip fan de oblast. De lânseigen befolking yn de oblast Sachalin foarmet tsjintwurdich lykwols mar in fraksje fan de befolking en binne foar in part sterk opgien yn de Russyske mienskip.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilannen hearre sûnt de 19e iuw by Ruslân en wiene lang tusken Ruslân en Japan in kwestje fan striid. Oan it ein fan de 19e iuw leine der ferskillende wurkkampen op Sachalin. Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich oermastere de Sovjet-Uny it suden fan Sachalin en de Koerilen op Japan. Ruslân stelde de oblast yn de hjoeddeiske foarm yn 1947 yn. Foar dy tiid foel it noardlike diel fan Sachalin sûnt 1932 ûnder de kraj Fiere Easten resp. de kraj Chabarovsk.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It noarden fan Sachalin hat grutte foarrieden gas en oalje. Fierder soargje houtyndustry en fiskerij foar wurkgelegenheid. De oblast heart ta de rykste oblasten fan Ruslân.
Bestjoerlike yndieling en stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oblast is ûnderferdield yn 17 rajon's en ien stedsdistrikt. De iennige grutte stêd fan Sachalin is de haadstêd en it stedsdistrikt Jûzjno-Sachalinsk. Meiïnoar hat de oblast 14 stêden en 6 plakken fan it stedske type.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Sachalin
|