Springe nei ynhâld

Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota

Ut Wikipedy
Oglala Sû Stamme fan it
Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota
Ingelsk Oglala Sioux Tribe of
   the Pine Ridge Reservation
   of South Dakota
lânseigen Oglála Lakȟóta Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
haadkertier Pine Ridge (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota
ledetal 47.000 (2013)
oprjochting 1868
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Pine Ridge Yndianereservaat
lokaasje súdwestlik Súd-Dakota
oerflak 8.984,3 km²
ynwennertal 28.700 (2000)
offisjele webside
www.oglalalakotanation.org
kaart
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (Súd-Dakota)
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.

De Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (Ingelsk: Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota; Lakota: Oglála Lakȟóta Oyáte, útspr.: [oɡ'la:la la'kˣo:ta o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.

Alternative nammen foar de stamme binne: de Oglala Sû Stamme, de Oglala Naasje en de Oglala Lakota Naasje. De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1871, hat 47.000 leden, wat it ta ien fan 'e gruttere stammen fan 'e Feriene Steaten makket, en ta de grutste fan alle tsjintwurdige Sû-stammen. It haadkertier is fêstige yn Pine Ridge, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux), foar it oergrutte part fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota, mei dêropta in lyts groepke Brulee. De Oglala Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

It reservaat fan 'e Oglala Sû Stamme is it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation) fan súdlik Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan krapoan 9.000 km², en dêr't yn 2000 neffens in ûndersyk fan 'e Steatsuniversiteit fan Kolorado (dat as wier akseptearre waard troch it Amerikaanske Ministearje fan Folkshúsfêsting en Stedsûntjouwing) hast 29.000 minsken wennen (al joech de Amerikaanske folkstelling fan datselde jiers in folle leger sifer, 15.500).

Oarspronklik makke it Pine Ridge Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Pine Ridge ien wie. Yn 1910 waard nochris hast in fearn fan it oerbleaune Pine Ridge Reservaat losmakke en foar kolonisaasje troch blanken frijjûn. Hjoed de dei is it Pine Ridge Reservaat ien fan 'e earmste dielen fan 'e Feriene Steaten. Fan 'e reservaatbefolking is 80% wurkleas (tsjin 10% oer it hiele lân), en 49% fan 'e minsken libbet der ûnder de earmoedegrins.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota