Pine Ridge (Súd-Dakota)

Ut Wikipedy
Pine Ridge
De roomske Tsjerke fan 'e Hillige Roazekrâns.
De roomske Tsjerke fan 'e Hillige Roazekrâns.
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Súd-Dakota
County Oglala Lakota County
Sifers
Ynwennertal 3.308 (2010)
Oerflak 8,1 km² (ynkl. wetter)
7,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 418,7 / km²
Hichte 988 m
Oar
Stifting 1868
Tiidsône UTC -7
Simmertiid UTC -6
Koördinaten 43°01′32″N
102°33′23″W
Kaart
De roomske Tsjerke fan 'e Hillige Roazekrâns.
De lizzing fan Pine Ridge yn Shannon County en yn de steat Súd-Dakota.


Pine Ridge [pa:in ɹɪʤ] (Lakota: Wazíbló; útspr.: [wa'zi:blo:]) is it grutste plak fan Oglala Lakota County (foarhinne Shannon County), yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Hot Springs), is it wol it haadplak fan it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation), fan 'e Oglala Sû Stamme (Oglala Sioux Tribe). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Pine Ridge doe justjes boppe de 3.300 minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1868, doe't as gefolch fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, tusken de Lakota en de Amerikanen, it Grutte Sû Reservaat stifte waard, ûntstie dêrmei ek in Yndiaansk agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) foar de Oglala-Lakota (en yn 't earstoan teffens foar de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho). Dat agintskip kaam nei it opperhaad Reade Wolk it Reade Wolk-agintskip te hjitten, en wie earst sitewearre op trije ûnderskate plakken yn Wyoming en Nebraska, oant it úteinlik yn 1878 te Pine Ridge fêstige waard.

In foto út 1891 fan 'e "Amerikaanske Skoalle foar Yndianen" te Pine Ridge.

Yn 1889 waard it Grutte Sû Reservaat de helte lytser makke, wylst it restant opdield waard yn fiif lytsere reservaten. Ien fan dy fiif wie it Pine Ridge Yndianereservaat. Sûnt de njoggentjinde iuw is Pine Ridge in ôfhandige úthoeke bleaun, dêr't net in soad te rêden is. De ekonomyske sitewaasje is poermin, mei in withoehege wurkleazens, in lege libbensferwachting en djippe earmoede.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Pine Ridge 3,6% âlder as 65 jier en 46,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 13,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 61% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier sels 74,6%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 94,2% Yndianen; 3,7% blanken; 0,1% swarten; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Pine Ridge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Pine Ridge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.