Springe nei ynhâld

Moermansk (oblast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oblast Moermansk)
Moermansk oblast

Пензенская област

flagge wapen
polityk
soarte gebietoblast
lân Ruslân
federaal distriktNoardwest
ekonomyske regioNoard
haadplakMoermansk
grutste plakMoermansk
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (80,8%), Oekraïners (4,3%)
Wyt-Russen (1,5%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal1.274.062 (2022)
oerflak724.452 km²
befolkingstichtens5 ynw./km²
oar
stifting28 maaie 1938
tiidsôneUTC +3
koördinaten68° 00' N 35° 00' E
websidegov-murman.ru

De oblast Moermansk (Russysk: Мурманская область; Moermanskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn it noardwesten fan Ruslân.

De Samen foarmje de oarspronklike befolking fan it gebiet, mar binne tsjintwurdich in lytse minderheid. Al yn de 12e iuw wiene de Russen de kuststreken fan de Wite See oan it ferkennen, mar it gebiet bleau lang efter. Yn de 20e iuw krige Ruslân it skiereilân Kola as militêr strategysk gebiet yn 'e lampe. Moermansk waard pas yn 1916 stifte, it wie de lêste stêd, dy't yn de tiid fan it Russyske Keizerryk stifte waard. Fanwegen de Earste Wrâldkriich wie der fan Petrozavodsk in ferbining mei in iisfrije haven nedich, om it mooglik te meitsjen militêre help yn te fieren. It einpunt fan it spoar krige al gau de namme Moermanstasjon, en al gau waard der in haven, in marinebasis en in stêd oanlein.

Moermansk yn 1942

Yn 1934 waard de Noardlike Float oprjochte. Ek yn de Twadde Wrâldkriich wie de stêd foar de Sovjet-Uny in wichtige ferbining mei de alliearde bûnsmaten. Der waard in soad militêre stipe yn 'e haven oerslein

Yn 1941 foelen út Finlân wei Dútske troepen de stêd oan yn it ramt fan de Operaasje Silberfuchs. De Luftwaffe bombardearre de stêd yn de kriich 792 kear en Moermansk waard foar in grut part ferneatige op in skaal dy't allinne te ferlikenjen wie mei Leningrad en Stalingrad. It fûle ferset fan de Sovjetkant soarge dat de Dútsers der net yn slaggen om de stêd yn te nimmen en ôf te snijen fan de foar Ruslân tige wichtige iisfrije haven.

Kandalaksja baai yn 'e oblast Moermansk

De oblast leit yn it noardeasten fan Europa en ek it skiereilân Kola heart dêr by. Yn it noarden leit de Barentssee, yn it easten de Wite See. Yn it suden grinzget de oblast oan de autonome republyk Kareelje, yn it westen dielt de oblast de lânsgrins mei Finlân en Noarwegen.

It oerflak fan de oblast is foar it meast heuveleftich, it heechste berchtme wurdt foarme troch de Chibinen mei in maksimale hichte fan 1191 meter. Troch de see en de golfstream wurdt it kâlde klimaat wat dimme.

Yn de oblast wurdt apatyt, nikkel, izererts, koper en oare boaiemrykdom fûn. Dêrnjonken is de fiskerij en de houtyndustry wichtich. Troch de golfstream is de haven fan Moermansk iisfrij, alhoewol't dy't noardlik fan de poalsirkel leit.

Bestjoersyndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Moermansk
Poalljocht by Teriberka
Kirovsk

De wichtichste stêden binne Moermansk en Apatity. De befolking libbet foar it measte oan it Moermanspoar, dat Moermansk mei de súdilke lânsdielen ferbynt. De oblast Moermansk is ûnderferdielt yn fiif rajon's en tolve stedsdistrikten. De haadstêd Moermansk is fierwei de grutste stêd. Meiïnoar hat de oblast 16 stêden en 12 plakken mei in stedsk karakter. Seis stêden en twa doarpen hawwe de status fan ZATO (sletten stêd).

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje
MoermanskМурманск279.06468° 58' N 33° 05' E
ApatityАпатиты52.76267° 34' N 33° 23' E
SeveromorskСевероморск55.00569° 04' N 33° 25' E
MontsjegorskМончегорск40.42567° 56' N 32° 54' E
KandalakzjaКандалакша29.04567° 09' N 32° 24' E
KirovskКировск28.62567° 38' N 33° 43' E
OlenegorskОленегорск19.53368° 09' N 33° 17' E
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Murmansk


    Dielgebieten fan Ruslân
    RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan Tsjetsjeenje TsjûvasjeTûva
    KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
    OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
    Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
    Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
    Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
    N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
    · · Berjocht bewurkje