Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali

Ut Wikipedy
Nasjonaal Park en
Wyldreservaat Denali
Denali National Park and Preserve
It park wurdt dominearre troch de Denali, de heechste berch fan Noard-Amearika.
It park wurdt dominearre troch de Denali,
de heechste berch fan Noard-Amearika.
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Alaska
regio Binnenlân fan Alaska
koördinaten 63°20′ N 150°30′ W
oare ynformaasje
status nasjonaal park (19.185,8 km²)
nasj. wyldreservaat (5.278,1 km²)
oerflak 24.463,9 km²
stifting 1917
behear National Park Service
webside www.nps.gov/dena
kaart
Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali (Alaska)
Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali
Lokaasje yn Alaska.

It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali (Ingelsk: Denali National Park and Preserve) is in grut nasjonaal park en oanslutend nasjonaal wyldreservaat yn 'e Amerikaanske steat Alaska, dat ûnder behear stiet fan 'e National Park Service. It is in beskerme natoergebiet dat dominearre wurdt troch de Denali (foarhinne bekend as de Mount McKinley), de heechste berch fan Noard-Amearika. It leit oan 'e noardkant fan it Alaskaberchtme, binnen de grinzen fan 'e regio it Binnenlân fan Alaska. It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali beslacht in oerflak fan krapoan 24.500 km², wêrmei't it grutter is as de steat Nij-Hampshire. It lânskip bestiet út taiga yn 'e leechstleine gebieten, toendra op 'e middelhichten en keale rotsen en gletsjers yn 'e heechste dielen fan it natoergebiet. It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali is ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters fan Alaska, en waard yn 2018 nettsjinsteande syn ôfhandige lizzing besocht troch 594.660 rekreänten.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali leit yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Alaska, binnen de regio it Binnenlân fan Alaska, mar tsjin 'e noardgrins oan fan Súdlik Sintraal-Alaska. It omfiemet it heechste diel fan it Alaskaberchtme, mei de 6.190 m hege Denali, de heechste berch fan Noard-Amearika, en fierders de Kantishna- en Wyomingheuvels en de dellings fan 'e McKinley-, Toklat- en Foraker-rivieren. Likernôch 16% fan it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali wurdt oerdutsen troch gletsjers, wêrfan't de Kahiltnagletsjer mei 71 km de langste is. Oare grutte gletsjers yn it natoergebiet binne de Yentnagletsjer, de Tokositnagletsjer, de Ruthgletsjer en de Eldrigegletsjer (dy't allegear nei it suden wize) en de Muldrowgletsjer (dy't nei it noarden ta beweecht).

In lânkaart fan it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali.

It oerflak fan it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali beslacht yn totaal 24.463,9 km², wêrfan't 19.185,8 km² it nasjonaal park foarmet (it Nasjonaal Park Denali) en 5.278,1 km² it nasjonaal wyldreservaat (it Nasjonaal Wyldreservaat Denali), dat yn twa net opinoar oanslutende dielen yn it noardwesten en it súdwesten oan it nasjonaal park grinzget. It noardwestlike diel omfettet de marrekrite by de Highpower Creek en de rivier de Muddy, wylst it súdwestlike diel it heechberchtme fan it Alaskaberchtme om 'e Mount Dall hinne beslacht. It ferskil tusken it wyldreservaat en it park is dat yn it park inkeld de lânseigen befolking fan it gebiet foar it eigen libbensûnderhâld jeie mei, wylst yn it wyldreservaat troch eltsenien foar alle doelen (yn haadsaak ferdivedaasje) jage wurde mei.

De George Parks Highway, in autodyk, rint by de eastrâne fan it nasjonaal park lâns. De Denali Wyldernis is in stranger beskerme diel fan it nasjonaal park dat de heechste dielen fan it Alaskaberchtme omfettet, de Denali ynbegrepen. It beslacht 8.687 km², en tagong is der inkeld tastien mei in yn 't foar oanfrege fergunning. De yngong fan it nasjonaal park, mei it besikerssintrum en it haadkertier fan 'e parkwachters, leit 18 km besuden Healy. De Denali Park Road is in ferhurde wei dy't oer in ôfstân fan 148 km troch it park lykstrekich oprint mei de berchrêch fan it Alaskaberchtme, en dearint yn 'e Kantishnaheuvels.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1906 oppenearre de natoerbeskermer Charles Alexander Sheldon foar it earst it idee om 'e krite om 'e Denali hinne foar it neislachte te behâlden troch der in nasjonaal park fan te meitsjen. Hy lei syn plan foar oan 'e oare leden fan 'e ynfloedrike Boone and Crockett Club, dêr't û.o. âld-presidint Theodore Roosevelt en de foaroansteande soölooch en antropolooch George Bird Grinnell ta hearden. De Boone and Crocket Club kaam lykwols ta de konklúzje dat it politike klimaat op dat stuit net ryp wie foar de oprjochting fan in nij nasjonaal park. Sadwaande waard it plan earst yn 'e iiskast set, en pas yn oktober 1915, doe't de beakens yn Washington, D.C. ferset wiene, waard besletten en besykje ta ferwêzentliking fan Sheldon syn idee.

It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali yn 'e hjerst.

Op 3 desimber 1915 krige it plan fan 'e Boone and Crockett Club de stipe fan James Wickersham, de ôffurdige fan it Territoarium Alaska yn it Amerikaansk Kongres. Dêrnei waard it foarlein oan Stephen Mather, de ûnderminister fan Binnenlânske Saken, dy't der fuortendaliks syn goedkarring oan hechte. Yn april 1916 waard in wetsfoarstel ta de oprjochting fan in nasjonaal park yn it Amerikaansk Hûs fan Offurdigen yntrodusearre troch Wickersham en yn 'e Amerikaanske Senaat troch senator Key Pittman fan Nevada. Nei in soad lobbyen waard it wetsfoarstel op 19 febrewaris 1917 definityf goedkard, wêrnei't presidint Woodrow Wilson der troch syn ûndertekening in wet fan makke en sa it Nasjonaal Park Mount McKinley kreëarre.

It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali mei ryp oerdutsen.

In diel fan 'e Denali (dy't doe noch de Mount McKinley hiet, nei de yn 1901 fermoarde presidint William McKinley) hearde fan it begjin ôf oan ta it nasjonaal park. Dêrûnder wie ek de top fan 'e berch. Yn novimber 1921 waard it Mount McKinley Park Hotel iepene, in hotel dêr't besikers fan it nasjonaal park oernachtsje koene. It waard yn july 1923 oandien troch presidint Warren Harding, doe't dy de Alaska Railroad-spoarline iepene, dy't fuort by it hotel lâns rûn.

Yn 1947 waard it nasjonaal park fergrutte, sadat tenei sawol it hotel as in diel fan it trajekt fan 'e Alaska Railroad binnen de parkgrinzen foelen. It hotel waard lykwols yn 1950 ferwoastge troch brân. Pas yn 1957, doe't men fuort by de eastrâne lâns de George Parks Highway oanlei, in autodyk tusken Anchorage en Fairbanks, waard it nasjonaal park foar it earst berikber mei de auto. Dêrtroch ferfiiffâldige it tal parkbesikers yn twa jier tiid, fan 5.000 yn 1956 nei 25.000 yn 1958.

Op 'e namme Nasjonaal Park Mount McKinley wie fan it begjin ôf oan krityk. De Denali wie yn 1896 troch in pleatslike goudsiker, in William A. Dickey, omneamd ta de Mount McKinley, nei William McKinley, in doetiidske presidintskandidaat dy't yn 1897 it presidintskip fan 'e Feriene Steaten wûn. Nei't McKinley yn 1901 fermoarde waard, wie it dreech om wer fan dy namme ôf te kommen. Mei de oprjochting fan it nasjonaal park, yn 1917, waard de namme formeel erkend troch de Amerikaanske federale oerheid. De berch waard yn 1975 troch de steat Alaska offisjeel omneamd ta de Denali, mar de federale oerheid gie dêr net yn mei, benammen ûnder druk fan politisy út Ohio, de thússteat fan presidint McKinley.

De Ruthgletsjer yn it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali.

Op 1 desimber 1978 rjochte presidint Jimmy Carter wol in apart Nasjonaal Monumint Denali op, dat it gebiet fan it hjoeddeistige wyldreservaat omfette. Under de Alaska National Interest Lands Conservation Act, in wet út 1980, waarden it nasjonaal park en it nasjonaal monumint troch de steatsoerheid fan Alaska gearfoege ûnder namme Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali. De federale oerheid wegere lykwols dy namme te erkennen en gie troch mei it brûken fan 'e oantsjutting Nasjonaal Park en Wyldreservaat Mount McKinley. Sa bleau it, oant de omneaming fan sawol berch as nasjonaal park op 28 augustus 2015 op federaal nivo úteinlings dochs trochfierd waard troch Sally Jewell, de minister fan Binnenlânske Saken ûnder presidint Barack Obama.

Skoalbus fan McCandless[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1992 teach in Christopher McCandless de wyldernis fan Alaska yn, dêr't er him yn it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali, net fier fan it Stampede Trail by de Wentitika-mar nei wenjen sette yn it wrak fan in skoalbus. Hy hie amper guod by him om yn 'e wyldernis te oerlibjen, en waard dreaun troch de winsk nei in ienfâldich libben yn ôfsûndering. Krapoan fjouwer moannen letter waard yn 'e skoalbus syn stoflik omskot oantroffen, nei't er de hongerdea stoarn wie. It ferhaal fan McCandless waard rûnom oandacht oan skonken, fia artikels yn kranten en tydskriften, mar ek waarden der boeken oer skreaun en films en dokumintêres oer makke. Meitiid waard de skoalbus ta in soarte fan beafeartplak foar lju fan oer de hiele wrâld. Om't it sa ôfhandich wie, rekken ferskaten fan harren yn 'e swierrichheden en moasten troch de Alaskaanske autoriteiten rêden wurde. Om dêrfan ôf te wêzen liet it regear fan Alaska it wrak fan 'e skoalbus yn 2020 fan syn plak takelje en ûnder in Boeing CH-47 Chinook-helikopter fan it Amerikaanske Leger nei in ûnbekend plak ta fleane.

In grizzlybearinne mei har jong op 'e Denali Park Road.

Floara en fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali komme mear as 450 soarten blomplanten foar, dy't it natoergebiet simmerdeis ta ien grutte kleurepracht meitsje. Foto's fan dellingen dy't begroeid binne mei goudgjirde, tieneblom, lupine, noardlik blauklokje en gensiaan wurde gauris brûkt as ansichtkaarten. Wat beammen oangiet, groeie der yn 'e leger leine dielen fan it park en wyldreservaat spjirren, pompelieren en wylgen, hoewol't dy faak net harren folle grutte berikke fanwegen it ûngeunstige klimaat en de ûnfruchtbere grûn. Toendrafegetaasje, mei gerzen, moassen, fearplanten en skimmels, beslane it grutste part fan it natoergebiet.

Yn Denali komt ek in wiidweidich ferskaat oan fauna foar. Wat sûchdieren oanbelanget libje der 300 oant 350 grizzlybearen; nei skatting sa'n 2.700 Amerikaanske swarte bearen; 51 wolven (teljier 2014) ferdield oer 13 ridels; 2.230 rindieren; en 1.480 elanden. Lytsere sûchdieren yn it park en wyldreservaat binne û.m. dallskiep, prêrjewolven, Kanadeeske lynksen, wargen, reade foksen, Amerikaanske marters, Kanadeeske bevers, grize marmotten, Amerikaanske hazzen, fluithazzen, grûniikhoarntsjes en ferskate soarten pipermûzen.

In toerbus op 'e Denali Park Road wurdt opholden troch in oerstekkend rindier.

In protte trekfûgels dogge fan 'e ein fan 'e maityd oant de ein fan 'e simmer it gebiet oan om te brieden. Dêrûnder binne sidesturten, Noardske bosksjongers, heakbekken en heidehippers, njonken Alpensniehinnen, bosksniehinnen, kraachhinnen, stikelsturthinnen en de majestueuze lytse swannen. Fierders binne der rôffûgels lykas hauken, ûlen en ek jachtfalken en keningsearnen. Yn 'e oerflaktewetters fan it park en wyldreservaat libje tsien soarten fisken, wêrûnder forel, salmen en de Sibearyske flaggesalm. Ien inkele soarte amfiby, de boskkikkert, libbet yn 'e marren fan it natoergebiet.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali hat in toendraklimaat, mei koarte, koele simmers en lange, strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 20,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –12,6 °C. De rekôrminimumtemperatuer dy't der ea metten is, leit op –39,4 °C . It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali leit yn it reinskaad fan it Alaskaberchtme en kriget sadwaande jiers trochinoar mar 364,2 mm delslach, dy't yn alle jiertiden falt. It waar is sa ûnfoarsisber, dat der sels yn augustus wolris snie falt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.