Territoarium Alaska

Ut Wikipedy
Territoarium Alaska
Territory of Alaska
1912 – 1959
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Juneau
offisjele taal Ingelsk (de facto)
steatsfoarm organisearre territoarium
   fan de Feriene Steaten
ûntstien út Distrikt Alaska
opgien yn Steat Alaska
no diel fan Alaska
sifers
ynwennertal 128.643 (1950)
befolkingstichtens 0,07 / km² (1950)
oerflak 1.717.856 km² (13,8% wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheid Amerikaanske dollar

It Territoarium Alaska (Ingelsk: Territory of Alaska) wie de oantsjutting foar Alaska as bestjoerlike ienheid fan 1912, doe't it ta in organisearre territoarium omfoarme waard út it Distrikt Alaska, oant 1959, doe't it as folweardige steat opnommen waard yn 'e Feriene Steaten. As organisearre territoarium krige Alaska foar it earst in eigen regear dat oprjochte waard troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. Foartiid waard it bestjoerd as in ûnorganisearre territoarium. Yn 'e 47 jier dat it Territoarium Alaska bestie, wie de Twadde Wrâldoarloch it meast yngripende barren, doe't in diel fan it territoarium beset waard troch Japan en befrijd wurde moast ûnder de Aleoetenkampanje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjinjierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1899 troch it Amerikaanske Kongres in wet oannommen waard dy't in belesting op sterke drank omfette, late dat yn Alaska ta in rop om fertsjintwurdiging fan it gebiet yn it Kongres. It duorre noch mear as tsien jier, wylst de befolking fan it Alaska troch de ûntdekking fan goud, koper en oare dylchstoffen almar fierder oanwoeks, oant it Distrikt Alaska omfoarme waard ta in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten. Dat krige úteinlik op 24 augustus 1912 syn beslach troch de oanname troch it Kongres fan 'e Second Organic Act. Dêrtroch krige Alaska foar it earst in troch de eigen befolking keazen regear en in fertsjintwurdiger mei de status fan waarnimmer yn it Amerikaanske Kongres.

Tsjin 1916, doe't de befolking 58.000 minsken berikt hie, besocht it nije territoarium foar it earst om 'e status fan in folweardige Amerikaanske steat te bemachtigjen. James Wickersham, in ôffurdige nei it Kongres, yntrodusearre dêr it earste wetsûntwerp dat Alaska ta in steat meitsje moast, mar dat krige net genôch stipe om't der fanút de Alaskaanske befolking net genôch druk útoefene waard. Sels it besyk dat presidint Warren Harding yn 1923 inkele dagen foar syn dea oan it territoarium brocht, koe de Alaskanen net bewege om hurder foar steatsstatus te krewearjen. Under de Second Organic Act fan 1912 wie it Territoarium Alaska bestjoerlik yn fjouwer dielen opspjalten, en yn Juneau, dat de haadstêd wie fan it befolkingsrykste fan dy dielen, giene stimmen op om te besykjen Súdeast-Alaska as selsstannige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnimme te litten.

Krisis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1920 naam it Amerikaanske Kongres de Keapfardijwet fan 1920, better bekend as de Jones Act, oan. Dêryn wie fêstlein dat keapfardijskippen dy't ûnder de Amerikaanske flagge fearen, tenei yn 'e Feriene Steaten boud wurde moasten, yn it besit wêze moasten fan Amerikaanske steatsboargers, en registrearre wêze moasten neffens de Amerikaanske wetjouwing. Om't Alaska gjin steat wie, moast alle guod dat fan en nei it territoarium ferfierd waard, earst nei de havenstêd Seattle brocht wurde foar't it nei Alaska of nei oare bestimmings fearn wurde koe. Alaska waard alsa folslein ôfhinklik fan 'e steat Washington. It territoarium focht de wet oan by it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, mar dat oardiele dat de regel út 'e Grûnwet fan de Feriene Steaten dy't seit dat de iene steat gjin ynfloed útoefenje mei op 'e hannel fan 'e oare steat yn dit gefal net fan tapassing wie, om't Alaska gjin steat wie.

Neitiid giene de prizen dy't yn Seattle rekkene waarden foar de oerslach fan guod út en foar Alaska sterk omheech, om't men dêr misbrûk makke fan 'e ûngelokkige sitewaasje dêr't Alaska yn belâne wie. It waard noch helte minder doe't yn 'e 1930-er jierren de Grutte Depresje wrâldwiid tasloech. Dêrtroch wie der minder fraach nei fisk en koper, de beide wichtichste eksportprodukten fan Alaska, mei as gefolch dat de prizen ûnderút giene. Yn Alaska soarge dat foar it omleech gean fan 'e leanen en in grutte stiging fan 'e wurkleazens.

Yn 1935 waarden as ûnderdiel fan 'e New Deal, fan presidint Franklin Delano Roosevelt, hûnderten earme boeren en boere-arbeiders út 'e legere 48 steaten oan lân holpen yn 'e Matanuska-Susitna-delling yn Súdlik Sintraal-Alaska, dêr't se in nij (en nei ferwachting better) bestean opbouwe koene. De kolonisten waarden foar it meastepart út noardlike steaten as Michigan, Wisconsin en Minnesota helle, om't men tocht dat lju dy't opgroeid wiene mei de strange winters yn dy kontreien har better en makliker oan it klimaat fan Alaska oanpasse kinne soene. De United Congo Improvement Association fersocht it regear om ek 400 Afro-Amerikaanske gerniers en komelkers yn Alaska te fêstigjen, mar troch rasiale foaroardielen en it ûnûnderboude leauwe dat sokken har yn it kâlde klimaat fan Alaska net steande hâlde kinne soene, waard mei dat foarstel neat dien.

De fierdere ferkenning en de kolonisaasje fan it Binnenlân fan Alaska kaam fan 'e 1920-er jierren ôf op gong troch de yntroduksje fan 'e fleanmasine as ferfiermiddel. Troch it hege persintaazje piloaten yn ferhâlding ta de lytse befolking, en ek troch de faak minne waarsomstannichheden yn it gebiet, lizze tsjintwurdich ferspraat oer Alaska mear as 1.700 wrakken fan delstoarte fleantugen.

Amerikaanske troepen ûnder de Slach om Attu, yn maaie 1943.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Feriene Steaten yn 1941 troch it Japanske bombardemint fan Pearl Harbor by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekken en der oarloch mei Japan útbriek, waard foar it earst de strategyske lizzing fan Alaska yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan dúdlik. Yn april 1942 waarden de goed 200 ynwenners fan it territoarium dy't fan etnysk Japansk komôf wiene, as útfloeisel fan Executive Order 9066 mei geweld yn 'e hechten set en nei ynternearringskampen yn it binnenlân stjoerd. Yn 1942 foelen Japanske troepen Alaska binnen en besetten trije eilannen fan 'e Aleoeten: Attu, Agattu en Kiska. De besetting dêre duorre fan juny 1942 oant augustus 1943, doe't de trije eilannen yn 'e Aleoetenkampanje befrijd waarden troch de ynset fan 34.000 Amerikaanske soldaten. Dat wie de earste kear sûnt de Oarloch fan 1812 dat in diel fan it Amerikaanske grûngebiet beset holden waard troch in bûtenlânske fijân.

Underwilens wie in diel fan 'e befolking fan Attu, besteande út etnyske Aleoeten, ôffierd nei it Noardjapanske eilân Hokkaido, dêr't se fêstholden waarden as kriichsfinzenen. Tagelyk evakuëarren de Feriene Steaten ûnder de oarloch hûnderten oare Aleoeten fan 'e westlike Aleoeteneilannen en de Pribilofeilannen, dy't op it fêstelân fan Súdwest-Alaska yn ynternearringskampen pleatst waarden. Dêr wiene de tastannen sa striemin, dat in protte fan harren stoaren. Mei de Wet op de Aleoetyske Skeafergoeding, dy't yn 1988 troch it Amerikaanske Kongres oannommen waard, besocht it Amerikaanske regear de oerlibbenen 43 jier nei dato foar harren leed te kompinsearjen.

Yn de Twadde Wrâldoarloch ûntjoech Dutch Harbor, in havenplak op it eilân Unalaska, him ta in wichtige basis foar de Amerikaanske Loftmacht en foar dûkboaten fan 'e Amerikaanske Marine. Fierders waarden yn it ramt fan it Lien-Pachtprogramma, wêrby't de Feriene Steaten de Sovjet-Uny fan militêr materieel foarseagen foar de striid yn Jeropa tsjin nazy-Dútslân, Amerikaanske jachtfleantugen en bommesmiters fia Kanada troch Alaska nei Fairbanks flein en dan troch nei Nome, op it Seward-skiereilân. Dêr waarden se ophelle troch Sovjet-piloaten dy't se oer de Beringstrjitte en Sibearje nei Jeropeesk-Ruslân fleagen.

Yn 'e maityd en simmer fan 1945 wie Cold Bay, op it Alaska-skiereilân, it plak dêr't, yn it ramt fan Project Hula, in ûnderdiel fan it Lien-Pachtprogramma, 149 marineskippen oan 'e Sovjet-Uny oerdroegen en 12.000 Sovjet-matroazen yn harren gebrûk traind waarden. It wie de bedoeling dat de Sovjet-Uny de skippen ynsette soe yn 'e oarloch tsjin Japan, mar troch de flugge Japanske oerjefte nei de atoombombardeminten op Hiroshima en Nagasaki waarden de skippen neitiid yn 'e Kâlde Oarloch eins ynset tsjin 'e Feriene Steaten.

Ferliening fan steatsstatus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oanlis fan in grut tal militêre bases yn Alaska, ûnder de Twadde Wrâldoarloch, droech sterk by oan 'e groei fan beskate stêden yn it territoarium. Nei ôfrin fan 'e oarloch waard yn Alaska de rop om in folweardige Amerikaanske steat te wurden, almar lûder. Yn 1946 waard in referindum holden wêrby't de befolking fan it territoarium him dêr yn grutte mearderheid foar útspriek. Om dat doel te berikken moast lykwols in protte tsjinakseljen fan 'e legere 48 steaten en de burokrasy yn Washington, D.C. oerwûn wurde.

In probleem dêrby wie dat de Republikeinske Partij neat foar in steatsstatus fan Alaska fielde, om't de befolking fan Alaska, sa wie de oertsjûging, altyd yn grutte mearderheid op 'e Demokratyske Partij stimme soe. De Republikeinen wiene wol foarstanner fan it ferlienen fan steatsstatus oan it Territoarium Hawaï, om't dat, sa tocht men doe, altyd wol Republikeinsk stimme soe. (Sûnt de 1980-er jierren binne dy foarsizzings persiis tsjinsteld útkommen, mei't Alaska in Republikeinsk bolwurk is, wylst Hawaï Demokratysk stimt.) Uteinlik gie it Amerikaanske Kongres op 7 july 1958 akkoart mei de opnimming fan Alaska yn 'e Amerikaanske Uny. Op 3 jannewaris 1959 waard Alaska sadwaande de 49e en foarlêste steat fan 'e Feriene Steaten (de 50e en lêste wie Hawaï, dat datselde jiers ek in steat waard).

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Territoarium Alaska hie de status fan in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten. It wie dêrmei in gebiet ûnder Amerikaanske soevereiniteit dat net binnen de grinzen fan in Amerikaanske steat lei, mar wol in eigen regear hie dat oprjochte wie troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. Foar 1912 wie it Distrikt Alaska in ûnorganisearre territoarium mei in regear dat beneamd waard troch de Amerikaanske presidint.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 1950 hie it Territoarium Alaska doe 128.643 ynwenners. Ofset tsjin in oerflak fan 1.717.856 km² bedroech de befolkingstichtens dêrmei 0,07 persoanen de km².

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.