Lytse swan
lytse swan | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Cygnus columbianus | ||||||||||||
Ord, 1815 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast trochtrekker |
De lytse swan (Cygnus columbianus) is in 127 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De fûgel is hielendal wyt en liket krekt op de Kloekswan mar is wat lytser. Der binne twa ûndersoarten fan dizze swan. De Cygnus columbianus columbianus, dy't yn Noard-Amerika foarkomt, en de Cygnus columbianus bewickii, dy't yn Jeraazje foarkomt. De ûndersoarten wurde ek noch wol sjoen as ferskillende soarten.
Cygnus columbianus bewickii
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lytse swan briedt op de Siberyske toendra en oerwinteret by de Noardseekust en yn Grut-Brittanje. Oare groepen Lytse swannen oerwinterje by de Kaspyske See, by it Aralmar en yn East-Aazje. De fûgels fan de populaasjes yn it easten fan Ruslân, dy't yn Sina en Japan oerwinterje, wurde ek wol as in (tredde) ûndersoarte sjoen, de Cygnus columbianus jankowski.
It wyfke leit 3-4 aaien yn in bult fan plantemateriaal flakby iepen wetter.
Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Under de trek meie se graach gerskje yn de greiden. Wylst de swannen oerwinterjen yn de Waadsee ite se ek wol skelpdieren.
Cygnus columbianus columbianus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cygnus columbianus columbianus ferskilt yn úterlik fan de Cygnus columbianus bewickii trochdat syn snaffel hast hielendal swart is, ynstee fan swart mei giel. Dizze Lytse swan briedt op de Noard-Amerikaanske toendra yn Alaska en Kanada. De swannen oerwinterje fierder nei it suden fan Noard-Amearika. De fûgels yn it westen oerwinterje oan de westkust, fan it suden fan Alaska oant en mei Kalifornje. De eastlike populaasjes oerwinterje by de Grutte Marren of oan de eastkust fan Marylân oant en mei Florida.
It wyfke leit 4-7 aaien yn in bult fan plantenmateriaal flakby iepen wetter. It pearke bout it nêst en ferdigenet yn grut territorium rûnom it nest.
Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Yn de gebieten dêr't se oerwinterje gerskje se ek wol op lânbougrûn.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Goeseftige
- Einfûgel
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Wales