Springe nei ynhâld

Mr. & Mrs. Smith (film út 2005)

Ut Wikipedy
Mr. & Mrs. Smith
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Doug Liman
produsint Arnon Milchan
Akiva Goldsman
Lucas Foster
Patrick Wachsberger
Eric McLeod
senario Simon Kinberg
kamerarezjy Bojan Bazelli
muzyk John Powell
filmstudio Regency Enterprises
New Regency Productions
Summit Entertainment
Weed Road Pictures
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Brad Pitt
Angelina Jolie
byrollen Vince Vaughn
Kerry Washington
Adam Brody
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 juny 2005
foarm langspylfilm
sjenre romantyske aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 120 minuten
budget en resultaten
budget $110 miljoen
opbringst $478,2 miljoen

Mr. & Mrs. Smith is in Amerikaanske romantyske aksjekomeedzje út 2005 ûnder rezjy fan Doug Liman, mei yn 'e haadrollen Brad Pitt en Angelina Jolie. De titel betsjut "Menear en Mefrou Smith". It ferhaal giet oer John en Jane Smith, in ferfeeld troud pear út in begoedige maatskiplik fermidden, dat sa foar it each in hiel gewoan bestean liedt. Grut is dan ek beider ferrassing as bliken docht dat se allebeide hiermoardners binne, dy't foar konkurrearjende bedriuwen wurkje en inoar as folgjende doelwyt tawiisd krije. Mr. & Mrs. Smith krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes, mar wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Dêrnjonken wie dizze beropsmjittige gearwurking ek it begjin fan 'e persoanlike relaasje tusken Pitt en Jolie.

John Smith, dy't in liedingjaande funksje beklaait by in grut boubedriuw, en syn frou Jane, in kompjûterekspêr, liede op it earste gesicht in folslein normaal bestean as leden fan in begoedige maatskiplik fermidden yn in grut hûs yn in rêstige foarstêd fan Washington, D.C. yn 'e Amerikaanske steat Firginia. Hja binne "fiif of seis" jier troud en neigeraden dat de hertstocht wat weiwurden is út harren relaasje, is harren houlik wat in sleur wurden. Dat hat sokke foarmen oannommen dat se har eins net iens mear betinke kinne wannear't se foar it lêst seks hân hawwe.

Sadwaande geane se yn houliksterapy by in dokter Wexler, dy't harren befreget oer hoe't se eins mei-inoar yn 'e kunde kommen binne. Dat wie yn Bogotá, de haadstêd fan Kolombia, dêr't se allebeide allinne wiene doe't der in heechpleatste pommerant fermoarde waard troch in bûtenlanner. De Kolombiaanske plysje gie dêrnei alle hotels ôf om bûtenlanners dy't allinne wiene te ûnderfreegjen, en om dêroan te ûntkommen, bearden John en Jane dat se byinoar hearden. Se brochten tegearre de jûn troch, slaggen dy nachts mei-inoar op bêd, rekken fereale en krigen in relaasje, dy't net folle letter útmûne yn in trouwerij.

Nei it earste besyk oan dokter Wexler besluten John en Jane dat se it mar in nuvere kwant fûnen mei syn fragen oer seks, en dat syn kantoar ek fiersten te fier riden is. Dêrom litte se it mar by ien konsult. Los faninoar geane se lykwols allebeide, sûnder dat se it faninoar witte, werom nei Wexler om help te krijen foar harren rynkranke houlik. Wexler bewissiget sawol John as Jane derfan dat de swierrichheden yn harren relaasje hiel gewoan binne en folslein itselde as wat miljoenen oare troude pearen meimeitsje. Dêr is er lykwols raar mis mei, want hy wit net dat sawol John as Jane, op 'e nij sûnder dat se it faninoar witte, eins hiermoardner fan berop is. De houliksproblemen binne fierhinne te witen oan it feit dat se inoar allegeduerigen foarlige moatte en wol fernimme dat de oare ek net alhiel earlik is, mar net trochfreegje wolle om't se sels tefolle te ferbergjen hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As John en Jane allebeide Benjamin "The Tank" Danz, in finzene fan 'e Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinst DIA, as folgjende doelwyt tawiisd krije, ride se inoar yn 'e tsjillen, mei as gefolch dat Danz de dûns ûntspringt en de DIA beseft dat der hiermoardners efter harren arrestant oan sitte. De bedriuwen dêr't John en Jane foar wurkje, jouwe harren beiden opdracht om 'e konkurrearjende hiermoardner te eliminearjen, mei't de kâns no bestiet dat de eigen identiteit by de tsjinpartij bekend is. Se krije 48 oeren om dy taak te folbringen.

Al rillegau ûntdekke John en Jane wa't de hiermoardner is dy't se út 'e ljochten helpe moatte, wat foar beiden in oansjenlike skok is. Lulk oer alle bedragerij fan harren houlikspartner de ôfrûne jierren en mei't harren houlik ommers inkeld in dekmantel wie, sette se útein mei it foldwaan oan 'e opdracht. Nei't se om 'e nocht eskalearjende oanslaggen op inoars libben dien hawwe, berikt harren konflikt in hichtepunt yn in lang oanhâldende sjitpartij yn har eigen hûs yn it nachtlik tsjuster, wêrby't de wente slimme skea oprint. Op 't langelêst komme se foarinoaroer te stean mei fjoerwapens op inoars holle rjochte. John komt lykwols ta it besef dat er wol deeglik fan Jane begûn is te hâlden, dat hy leit syn gewear del. Jane kin harsels der likemin ta bringe om him dea te sjitten, en de konfrontaasje mûnet út yn in hertstochtlike frijpartij.

De oare moarns sette de wjerssidige wurkjouwers fan 'e Smiths, dy't tige ûngelokkich binne mei dizze gong fan saken, in priis fan $400.000 op har hollen. Eddie, de bêste freon en teffens in kollega fan John, drukt him sadat er net efter harren oan stjoerd wurde kin, mar oare kollega's hawwe minder skrupules. It hûs fan 'e Smiths wurdt oanfallen troch in grutte kloft hiermoardners. As in hangranaat de gasoaljetank opblaast, witte John en Jane nauwerneed te ûntkommen oan in reuseftige ûntploffing dy't it dochs al skansearre hûs mei de grûn lyk makket. Se stelle de auto fan 'e buorlju (dy't harren barbecue al withoelang lyn liend en nea werombrocht hawwe) en naaie út. Dat liedt ta in wylde efterfolging op 'e autosneldyk, wêrby't John en Jane ôfweve mei in hiele kliber fijannen, wylst se oan ien wei troch kibje oer harren fjochttechniken en nij oan it ljocht kommen persoanlike bysûnderheden.

By in moeting mei Eddie rikkemandearret dy harren oan om útinoar te gean en ûnder te dûken, mei't se allinne in folle gruttere kâns hawwe om te ûntkommen. John en Jane beslute lykwols dat se byinoar bliuwe wolle en har net fuortjeie litte. Ynstee ûntfiere se Danz út in swierbefeilige tichthûs om him oan harren wurkjouwers oer te dragen yn ruil foar harren eigen libben. By ûnderfreging bekent Danz lykwols dat er eins in kollega fan Jane is dy't tsjinnet as lokies. De bedriuwen fan John en Jane hiene nammentlik al earder ûntdutsen dat harren hiermoardners mei-inoar troud wiene, en sa'n nauwe bân mei de konkurrinsje koe net tolerearre wurde. Dêrom smieten se de lapen gear om 'e Smiths inoar fermoardzje te litten. Lulk oer dat ferrie tankje John en Jane elts ûntsnappingsplan ôf en lokje se in leger fan hiermoardners fan harren beide bedriuwen, alles dat harren wurkjouwers hawwe, by nacht mei nei in warehûs, dêr't se by in spektakulêre konfrontaasje mei syn beiden al harren fijannen ôfslachtsje.

De film einiget as John en Jane wer in konsult hawwe by houliksterapeut Wexler. It docht bliken dat it poerbêst mei harren houlik giet, no't alle ferstikkende geheimen ôftanke binne. John trunet Wexler oan om nochris te freegjen hoe faak oft se de lêste wike seks hân hawwe en meneuvelet dan mei de hannen fan "tsien kear".

Angelina Jolie en Brad Pitt yn 2007 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.
haadrollen
personaazje                  akteur/aktrise
John Smith Brad Pitt
Jane Smith Angelina Jolie


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Eddie Vince Vaughn
Jasmine Kerry Washington
Benjamin "The Tank" Danz Adam Brody
"Heit" Keith David
Martin Coleman Chris Weitz
Suzy Coleman Rachael Huntley
Gwen Michelle Monaghan
Julie Stephanie March
Jade Jennifer Morrison
Jessie Perrey Reeves
dokter Wexler, de houliksterapeut William Fichtner (stim)
Atlanta, de baas fan John Smith Angela Bassett (stim)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mr. & Mrs. Smith waard regissearre troch Doug Liman nei in senario fan Simon Kinberg. Dyselde krige it idee foar it skript doe't er nei in pear fan syn freonen harke hie dy't yn houliksterapy wiene. Se lieten dat sa "agressyf en baatsuchtich" klinke, dat er him ôffrege wat der barre soe as twa hiermoardners mei-inoar trouwe soene. As produsinten wiene Arnon Milchan, Akiva Goldsman, Lucas Foster, Patrick Wachsberger en Eric McLeod by it projekt belutsen foar de filmstudio's Regency Enterprises, New Regency Productions, Summit Entertainment en Weed Road Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bojan Bazelli, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell.

Foar Mr. & Mrs. Smith wie in budget beskikber fan $84 miljoen, mar dêr gied er by einsluten $26 miljoen oerhinne, sadat de úteinlike kosten $110 miljoen bedroegen. Dêrtroch wie regisseur Doug Liman twongen om syn eigen sparjild oan te sprekken om dêrfan in filmset te bouwen yn 'e garaazje fan syn mem, dy't er dêrnei ferneatige mei in hangranaat.

Oarspronklik waard Nicole Kidman njonken Brad Pitt yn 'e haadrol cast, mar doe't Pitt de film sjitte liet, makke Kidman har der ek ôf. Liman naam doe yn omtinken om Will Smith en Catherine Zeta-Jones yn 'e titelrollen te casten, of oars Johnny Depp en Cate Blanchett. Pitt betocht him doe't Gwyneth Paltrow tastimde om Jane Smith te spyljen. Lang om let seach sy dêr dochs fan ôf, en doe waard Angelina Jolie ree fûn om har te ferfangen. Op 'e filmset fan Mr. & Mrs. Smith krigen Pitt en Jolie in romantyske relaasje, dy't úteinlik ta harren houlik liede soe.

De distribúsje fan Mr. & Mrs. Smith waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 7 juny 2005 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 10 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 28 juny by platemaatskippij Lakeshore Records. Mr. & Mrs. Smith waard op 29 novimber 2005 útbrocht op dvd en op 7 desimber 2007 ek op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Mr. & Mrs. Smith tuskenbeiden oant positive resinsjes. Sa omskreau Simon Braund fan it Britske tydskrift Empire de film as "in fol-gas aksjefilm, in subversive romcom en in fjoerwapengefaarlik filmstjerrefehikel trochdrinzge fan Hollywoodglitter, fan in regisseur dy't wit hoe't er syn budget yn bylden omsette moat […]." Op 'e webside Digital Spy joech Daniel Saney Mr. & Mrs. Smith 4 fan 5 stjerren. Hoewol't er fûn dat de "ideeën gauris ûntliend" wiene, en de film "bepaald net djipsinnich en betsjuttingsfol" wie, omskreau er him dochs as "in fantastysk fermaaklike film".

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte Mr. & Mrs. Smith 3 fan 4 stjerren ta. Hy priizge de gemy tusken de haadrolspilers: "Wat de film wurkje lit, is dat Pitt en Jolie tegearre wille op it wite doek hawwe en dat it harren slagget om in ritme te finen om subtyl te spyljen en fermaaklik te wêzen sels by de meast alarmearjende ûntwikkelings." In resinsint dy't hielendal neat fan Mr. & Mrs. Smith hawwe moast, wie Mick LaSalle, dy't yn 'e San Francisco Chronicle skreau dat de film "ferskriklik" wie. Dêr heakke er oan ta: "It lytse greintsje fernimstigens dat hjir te sjen is, sit folslein yn it útgongspunt. Oan útwurking dêrfan wurdt net dien."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Mr. & Mrs. Smith in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 215 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't dizze romantyske aksjefilm te lijen hat ûnder in swak senario en in oerdie oan eksploazjes, is de gemy dy't út 'e gearwurking tusken Pitt en Jolie fuortkomt, merkber genôch om der in tige fermaaklik simmeraksje-aventoer fan te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Mr. & Mrs. Smith in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 41 resinsjes.

De Kolombiaanske haadstêd Bogotá sa't dy der yn it echt útsjocht.

It regear fan Kolombia wie tige ûngelokkich mei Mr. & Mrs. Smith, om't yn 'e flashback oer de earste moeting fan John en Jane de Kolombiaanske haadstêd Bogotá yn byld brocht wurdt as in middelgrut doarp sûnder heechbou middenmank it tropysk reinwâld yn in hjit en fochtich klimaat. Presidint Alvaro Uribe fan Kolombia en boargemaster Luis Eduardo Garzón fan Bogotá hiene dêr swiere krityk op en nûgen Brad Pitt en Angelina Jolie út om 'e stêd te besykjen en dermei yn 'e kunde te kommen, sadat se mei eigen eagen sjen koene dat it in metropoal mei mear as 8 miljoen ynwenners is op in koel plak relatyf heech yn 'e bergen.

Mr. & Mrs. Smith brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $186,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $291,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $478,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110 miljoen betsjut dat in winst fan $368,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Mr. & Mrs. Smith de op seis nei meast opbringende film fan 2005, nei Harry Potter and the Goblet of Fire, Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, The Chronicles of Narnia: The Lion, the Witch and the Wardrobe, War of the Worlds, King Kong en Madagascar.

Tillefyzje-adaptaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 sei Angelina Jolie yn in fraachpetear dat sy en Brad Pitt nei it súkses fan Mr. & Mrs. Smith fernommen hiene nei de mooglikheden foar in ferfolchfilm, mar se wiene ûntefreden oer de plots dy't de filmprodusinten dêrfoar optochten, dat in ferfolch kaam der net. Yn febrewaris 2021 kundigen de Amazon Studios oan dat se in reboot fan it ferhaal foar de tillefyzje meitsje soene mei Donald Glover en Phoebe Waller-Bridge yn 'e haadrollen. De searje, dy't ek Mr. & Mrs. Smith hjit, soe yn 2022 beskikber komme fia de streamingtsjinst Prime Video. Omreden fan in "kreätyf skeel" mei Glover sei Waller-Bridge lykwols yn septimber 2021 ôf, wêrnei't har rol wercast wurde moast en it projekt oansjenlike fertraging oprûn. Yn april 2022 wie der sprake fan dat Maya Erskine de ferfangster fan Waller-Bridge wurde soe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.