Springe nei ynhâld

Mariah Carey

Ut Wikipedy
Mariah Carey
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mariah Carey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 maart 1969[1]
berteplak Huntington (New York)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Fenezolaansk
Iersk
wurkpaad
sjenre R&B, pop, hiphop, soul
sjongtaal Ingelsk, Spaansk
ynstrumint piano
grutste hit(s) I'll Be There
Dreamlover
Hero
Without You
All I Want for Christmas Is You
jierren aktyf 1988 – no
prizen 5x Grammy Award
offisjele webside
mariahcarey.com

Mariah Carey (Huntington (New York), 27 maart 1969, is in Amerikaansk sjongster, lietsjeskriuwster, muzikante, aktrise, muzykprodusinte en filantrope fan mingd etnysk komôf, dy't bekend stiet om 'e hege noaten dy't se helje kin. Hja debutearre yn 1990 mei har nei harsels neamde earste album, dat yn 'e Feriene Steaten njoggen kear platina waard. Neitiid hat Carey noch mear as in tolvetal oare studio-albums útbrocht, wêrfan't de measten in tige súksesfol wiene. Guon fan har bekendste hits binne I'll Be There, Dreamlover, Hero, Without You en it noch altyd tige populêre krystnûmer All I Want for Christmas Is You. Hoewol't se úteinsette yn 'e R&B- en popsjenres, skode se ein jierren njoggentich stadichoan op nei hiphop. Oan it begjin fan 'e jierren 2000 waard se in hoart opnommen nei't se fysyk en emosjoneel ynstoart wie, wêr't troch de rabbersparse út en tenei oer berjochte waard. Neitiid rekke it mei har karriêre yn it neigean, oant se yn 2005 wer by de wâl opklaude en fannijs boppe-oan op 'e hitlisten stie. Underwilens hat Carey wrâldwiid mear as 200 miljoen platen ferkocht, wêrmei't se ien fan 'e bêst ferkeapjende muzykartysten aller tiden is. Har karriêre is bekroand mei fiif Grammy Awards en withoefolle oare prizen. Mariah krige yn 2015 in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Libben

Jonkheid

Mariah Carey waard berne op 27 maart 1969, yn Huntington, op Long Island, yn 'e steat New York, in lyts foarstedsje fan 'e stêd New York. Har heit, Alfred Roy Carey, wie fan mingd Afro-Amerikaansk en Latino (Fenezolaansk) etnysk komôf, wylst har mem, Patricia Hickey, Iersk bloed hie. Carey wie de efternamme dy't Mariah har Fenezolaanske pake, Francisco Núñez, oannaam nei't er yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie.

Mariah Carey ûnder in optreden yn it tillefyzjeprogramma Good Morning America, yn 2013.

Carey har mem wie in operasjongster en sjongleraresse dy't tsjin 'e wil fan har famylje mei Carey har heit, in loftfearttechnikus, útnaaide en troude. Neitiid woe de Hickey-famylje neat mear te krijen hawwe mei Carey har mem, harsels, har âldere suster Alison en har jongere broer Morgan, fanwegen de skande dat in blanke frou mei in swarte man troud wie. Sadwaande identifisearret Carey har sterk mei de Afro-Amerikaanske mienskip, hoewol't sysels sa'n ljochte hûdskleur hat, dat se wol foar blank trochgean kin.

Carey har âldelju wrakselen mei har plak yn 'e mienskip, en skieden úteinlik doe't Carey trije jier wie. Alison bleau by har heit, wylst Mariah en Morgan by har mem kamen. Meitiid groeiden Carey en har heit útinoar, en úteinlik soe hja de bannen mei him hielendal ferbrekke. Nei ferskate drege jierren ferfear it gesin nei in mear woltierige buert fan New York, dêr't Carey fierder opgroeide. Op 'e legere skoalle begûn hja al gedichten te skriuwen en dêr meldijkes by te betinken, en blonk hja út by muzykles. Har stim trainde se fan bern ôf oan mei help fan har mem. Dy brocht har yn 'e kunde mei har eigen grutte leafde, de klassike opera, mar doe't dat Carey net folle dearde, sette se har net ûnder druk om dy kant út te gean, eat dêr't Carey har letter tige tankber foar wie. Op 'e middelbere skoalle kaam Carey yn 'e kunde mei de lettere sjonger en muzikant Gavin Christopher en de lettere muzykprodusint Ben Margulies. Mei-inoar wurken se oan Carey har lieten en makken se in demo-tape wêrmei't Carey in foet tusken de doar besocht te krijen by de grutte platelabels, wat kear op kear mislearre.

Mariah Carey yn 1990.

Sjongkarriêre

Iere jierren

Koart nei't Carey in lyts appartemintsje yn New York belutsen hie dat se dielde mei fjouwer oare studintes, rekke hja befreone mei de begjinnende popsjongster Brenda K. Starr. Yn desimber 1988 beselskippe se Starr nei in galajûn fan 'e muzykyndustry, dêr't se muzykprodusint Tommy Mottola, de baas fan platemaatskippij Columbia Records, har demotape yn 'e hannen treau. Dy besleat letter dy jûns, mear út ferfeling as om wat oars, om der ûnderweis nei hûs nei te lústerjen. Nei't er twa fan 'e fjouwer nûmers heard hie, kearde er de auto en gie werom nei it feest om Carey te sykjen, mar dy wie ûnderwilens al op hûs oan gien. Yn wat ornaris opdist wurdt as in moderne ferzje fan it bekende mearke Jiskepûster, sette Mottola útein mei in twa wiken duorjende siiktocht nei de ûnbekende sjongster, en doe't er har einlings en te'n lêsten fûn hie, liet er har daliks in kontrakt tekenje.

Carey har earste studio-album, Mariah Carey, kaam út yn 1990. Columbia joech mer as $1 miljoen út oan promoasje en reklame, en nei in trage start klom it album úteinlik nei de top fan 'e Amerikaanske Billboard 200-list. Carey waard dermei nominearre foar in Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis) foar album fan it jier en wûn sels in Grammy foar bêste nije artyst, wylst de single Vision of Love in Grammy foar bêste popoptreden fan in sjongster wûn en noch foar trije oaren nominearre waard. Behalven Vision of Love berikten ek de singles Love Takes Time, Someday en I Don't Wanna Cry it earste plak op 'e hitlisten, en dêrmei wie Carey de earste artyst sûnt The Jackson 5 yn 'e jierren sechtich, dy't mei sawol de debútsingle as de trije dêropfolgjende singles it earste plak helle. It album Mariah Carey waard njoggen kear platina yn 'e Feriene Steaten, sân kear platina yn Kanada, fjouwer kear platina yn Nij-Seelân, trije kear platina yn Japan en ien kear platina yn Austraalje en Grut-Brittanje. Wrâldwiid waarden der mear as 15 miljoen eksimplaren fan ferkocht.

Carey mei Boyz II Men ûnder in útfiering fan One Sweet Day, yn it Newyorkske Madison Square Garden.

Carey har twadde studio-album, Emotions, kaam út yn 1991. Dêrfoar wurke se gear mei Walter Afanasieff, in muzykprodusint fan namme. Yn dyselde snuorje krigen Carey en har âlde freon Ben Margulies spul om 'e hichte fan 'e royaltys dêr't hy as mei-skriuwer fan har iere lieten rjocht op hie. De rjochter kaam deroan te pas en de freonskip einige mei rûzje. Emotions die it ûnderwilens tige goed, al koe it it súkses fan Carey har debútalbum net belykje. Der waarden wrâldwiid 8 miljoen eksimplaren fan ferkocht, en inkeld de titelsong helle it earste plak op 'e hitlisten.

In grut oandiel yn har súkses hie Carey har stimberik, dat fiif oktaven beslacht, en dêr't se (hege) noaten foarby de sânde oktaaf mei helje kin. Letter soe har dat in fermelding yn it Guinness Book of Records opsmite, mar om't se nea live optrede, giene der yn it begjin fan har karriêre geruchten dat Carey in "studiowjirm" wie, dy't inkeld mei help fan studiotechnyk sa sjonge koe. Carey sels hold út dat it om plankekoarts gie, mar om 'e geruchten foar iens en foar altyd te ûntsenuwen boekte Columbia Records in optreden op MTV Unplugged, in tillefyzjeprogramma op 'e muzykstjoerder MTV. Dêr song hja û.m. I'll Be There, dat oarspronklik yn 1970 populêr makke wie troch The Jackson 5. Hoewol't Carey en Afanasieff pas op it lêste momint besleaten om dat nûmer yn it optreden yn te passen, waard dat in grut súkses.

Carey yn 1998, ûnder in konsert op 'e Loftmachtbasis Edwards.

Ein augustus 1993 brocht Carey har trêde studio-album út, dat de titel Music Box krige. Nei't Emotions, dat in oade wie oan 'e Motown-muzyk dêr't Carey mei opgroeid wie, it net sa goed dien hie as har debútalbum, waard besletten om mei Music Box mear op 'e pop-toer te gean. Dat die fertuten, want it album waard in ûnbidich súkses, dat Carey yn Amearika har earste diamanten plaat opsmiet. Uteinlik giene der mear as 32 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank, wêrmei't it ien fan 'e bêst ferkeapjende albums aller tiden wie. Boppedat besoarge Music Box Carey ek har definitive ynternasjonale trochbraak, mei grutte súksessen yn Japan, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Grut-Brittanje, Frankryk, Dútslân, Nederlân, Sweden en ferskate oare Jeropeeske lannen. Fan 'e singles diene fral Hero en Without You it bûtenwentige goed. Nei it útbringen fan Music Box gie Carey foar it earst op in koart toernee, dat trouwens beheind bleau ta Noard-Amearika en wêrby't se mar seis konserten joech. Likegoed wie dat foar har in grutte stap.

Neitiid kaam men by Columbia Records mei it idee op 'e lapen om in krystalbum te meitsjen. Carey wie dêr wol foar te finen, en der waard besletten dat de cd in mjuks fan traysjonele hymnen en nije lieten befetsje soe. Mei Afanasieff, dy't ek in grut oandiel hân hie yn it skriuwern fan 'e lieten foar Music Box, sette Carey har oan it wurk. It album, dat de titel Merry Christmas krige, kaam yn novimber 1994 út. It rûn tige goed en waard mei 15 miljoen eksimplaren it bêstferkochte krystalbum aller tiden. De lead-single wie ien fan 'e nijskreaune lieten, All I Want for Christmas Is You. Dat ûntjoech him ta Carey har grutste ynternasjonale hit, al die it it iroanysk genôch yn 'e Feriene Steaten sels wat minder goed.

Mariah Carey sjongt Hero ûnder in konsert yn 2003.

Middeljierren en sûnensswierrichheden

Mei har fyfde studio-album, Daydream, dat yn 1995 útkaam, begûn Carey de popmuzyk fan Music Box te fermingen mei R&B- en hiphop-ynfloeden. Fan dit album waarden wrâldwiid 25 miljoen eksimparen ferkocht, en it wie Carey har bêst ferkeapjende album yn 'e Feriene Steaten. De twadde single wie One Sweet Day, in liet dat ynspirearre wie troch de dea fan muzykprodusint David Cole en troch Carey har suster Alison, dy't mei AIDS oanhelle rekke wie. One Sweet Day bleau yn 'e Feriene Steaten sechtsjin wiken lang op it earste plak op 'e hitlisten stean en ferbriek dêrmei alle rekôrs. Nei it útbringen fan Daydream gie Carey wer op toernee, wêrby't se diskear û.m. Tokio oandie.

Mei har folgjende beide albums, Butterfly (1997) en Rainbow (1999), sette Carey har súkses fuort, wêrby't se yn tanimmende mjitte hiphop-eleminten yn har muzyk bemjukse. Teffens begûn se mear gear te wurkjen mei hiphopartysten as Jermaine Dupri, Mystikal en Snoop Dogg. Oan 'e oare kant song se yn 1998 it duët When You Believe, dat in grutte hit waard, mei Whitney Houston, foar de soundtrack fan 'e tekenfilm The Prince of Egypt. Yn 2000 briek Carey nei tsien jier mei Columbia en tekene se in kontrakt foar $100 miljoen mei Virgin Records.

Mariah Carey mei Island Records-platebaas L.A. Reid, yn 2005.

Yn 2001 sette se ek foar it earst útein mei te akearjen, yn 'e film Glitter, dy't spesjaal foar har skreaun wie. Yn july fan dat jier begûn se lykwols ynkoherinte berjochten op har offisjele webside te setten, en op 26 july waard se ynienen opnommen mei útputtingsferskynsels en om't se lichaamlik en geastlik ynstoart wêze soe. De publikaasje fan sawol de film as de byhearrende soundtrack waarden fersteld, mar doe't se úteinlik dochs útbrocht waarden, flopten se raar. Neitiid kocht Carey har kontrakt mei Virgin Records ôf mei $50 miljoen, en fleach se nei Itaalje, dêr't se fiif moannen lang yn Capri ferbleau om op te knappen. Hoewol't se letter dat jier in kontrakt oangie mei Island Records en dêrnjonken in eigen label, MonarC Entertainment, oprjochte, die har folgjende album, Charmbracelet (2002), it lang sa goed net as syn foargongers. Yn 'e media waard de ein fan Carey har karriêre al foarsein.

Lettere jierren

Mar yn 2005 klaude Carey wer by de wâl op mei har njoggende studio-album, The Emancipation of Mimi. Dêrfoar wurke hja benammentlik gear mei hiphop-artyst Jermaine Dupri, mar ek wol mei oaren, wêrûnder R&B-stjer Kanye West. Dit album kaam yn ferskate lannen boppe-oan op 'e albumlisten binnen en waard waarm ûnthelle troch de resinsinten. De twadde single, We Belong Together, wûn û.m. twa Grammy Awards, twa Radio Music Awards en fiif Billboard Music Awards, en wie krúsjaal foar it wer op 'e rails krijen fan Carey har karriêre. Mei The Emancipation of Mimi, wêrfan't yn totaal wrâldwiid rom 12 miljoen eksimplaren ferkocht waarden, helle se nochris in Grammy binnen foar bêste contemporary R&B-album. Carey har tsiende album, E=MC² (2008), die it minder goed mei "mar" 2½ miljoen ferkochte eksimplaren, hoewol't se mei de lead-single Touch My Body har achttjinde nûmer 1-hit helle, wêrmei't se it rekôr fan 'e artyst mei de measte nûmer 1-hits yn 'e Feriene Steaten yn 'e hannen krige (dat earder fan Elvis Presley west hie, mei santjin earste plakken).

Mariah Carey yn 2008.

Nei't Carey yn 'e foargeande jierren al ferskate kearen as aktrise wurksum west hie, briek se yn 2009 op dat mêd troch mei har rol as maatskiplik wurkster yn 'e film Precious. Se foel dermei yn 'e prizen op sawol it Amerikaanske Sundance Film Festival as op it Filmfestival fan Toronto, en wûn de Breakthrough Actress Performance Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs. Datselde jiers (2009) kaam Carey har album Memoirs of an Imperfect Angel út, dat it lang sa goed net die as har eardere cd's, en dêr't net mear as 2 miljoen fan ferkocht waarden, ek al neamde muzykresinsint Stephen Thomas Erlewine, fan AllMusic, it "har ynteressantste album yn tsien jier." Neitiid brocht Carey noch in nij krystalbum út, Merry Christmas II You (2010), en inkele studio-albums, Me. I Am Mariah... The Elusive Chanteuse (2014) en Caution (2018), dy't it likemin al te goed diene. Dat wie oars mei har duët fan All I Want for Christmas Is You mei tineridoal Justin Bieber, út 2011, dat in grutte hit waard. Njonken har sjongen leit Carey har de lêste jierren ek almar mear ta op aktearwurk yn films en op 'e tillefyzje, ynklusyf wurk as stimaktrise.

Yn totaal hat Mariah Carey ûnder har karriêre wrâldwiid mear as 200 miljoen platen ferkocht, wat har ta ien fan 'e bêst ferkeapjend muzykartysten aller tiden makket. Yn 'e Feriene Steaten is se neffens de gegevens fan 'e Recording Industry Association of America (RIAA) de op twa nei bêst ferkeapjende artyst ea, mei 63½ miljoen ferkochte platen. Carey hat û.m. 5 Grammy Awards wûn, 19 World Music Awards, 11 American Music Awards en 31 Billboard Music Awards. Neffens it tydskrift Forbes wie se yn 2007 de op fjouwer nei rykste frou yn 'e showbusiness, mei in fermogen fan $270 miljoen. Yn 2011 waard har fermogen skat op $500 miljoen. Njonken har sjong- en aktearwurk is Carey ek aktyf as muzykprodusinte, en yn 2010 brocht se in kolleksje juwiellen, skuon en rûkersguod op 'e merk.

Mariah Carey mank bern út 'e binnenstêd fan New York, dy't op kamp binne yn it nei har ferneamde Camp Mariah, yn Fishkill.

Priveelibben

Wylst hja har album Music Box oan it opnimmen wie, begûn Carey om te gean mei har ûntdekker, platebaas Tommy Mottola. Hja trouden op 5 juny 1993. Mar fan 1995 ôf gie it berchôf mei harren relaasje, wat neffens de ferhalen foar in grut part oan Mottola syn besitterige hâlding te witen wie en fierder ek kaam troch saaklike ûnienichheden oer de kant dy't Carey mei har karriêre út woe. Uteinlik einige it houlik yn 1998 yn in skieding. Dêrnei hie se fan 1999 oant 2001 in relaasje mei Latino-sjonger Luis Miguel. Mei akteur en komyk Nick Cannon kaam Carey yn 'e kunde doe't se op in eilantsje foar de kust fan Antigua de fideoklip fan it nûmer Bye Bye opnamen. Op 30 april 2008 troude se mei Cannon op 'e Bahama's, wêrnei't se op 30 april 2011 in twilling te wrâld brocht, de jonkjes Monroe en Moroccan. Yn augustus 2014 befêstige Cannon dat Carey en hy in pear moanne earder útinoar gien wiene.

Op it mêd fan godstsjinst hat Carey oanjûn dat se kristlik is. Se is ek in filantrope, dy't troch de jierren hinne finansjele stipe jûn hat en aktyf belutsen west hat by in ferskaat oan goeddiedichheidsorganisaasjes. Sa hat se har û.m. ynset foar it yn oanrekking bringen fan 'e ûnderbedielde jongerein út 'e binnenstêd fan New York mei de skiene keunsten en mei karriêremooglikheden; foar it útkomme litten fan 'e winsken fan terminaal sike bern fia de Make-A-Wish Foundation; en foar de slachtoffers fan 'e oanslaggen fan 9/11, fan orkaan Katrina, fan kanker en fan 'e ierdbeving fan 2010 yn Haïty. Ek hat se ferskate kearen benefytkonserten holden. Yn 2008 waard hja beneamd ta hongerambassadrise fan it World Food Programme fan 'e Feriene Naasjes.

Diskografy

Albums

Studio-albums

titel útbrocht op label prizen en nominaasjes resultaat
Mariah Carey 12 juny 1990 Columbia Records Billboard Music Award: bêste album, froulike artyst
Billboard Music Award: bêste album, popartyst
Billboard Music Award: bêste album
Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst
nom. Grammy Award: album fan it jier
flagge fan de Feriene Steaten (9× platina)
flagge fan Kanada (7× platina)
flagge fan Austraalje (5× platina)
flagge fan Nij-Seelân (4× platina)
flagge fan Japan  (3× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Switserlân   (goud)
Emotions 13 septimber 1991 Billboard Music Award: bêste album, froulike artyst
nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst
flagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Kanada (4× platina)
flagge fan Japan (4× platina)
flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
Music Box 31 augustus 1993 ARIA Music Award: populêrste album fan it jier
ARIA Music Award: bêste prestaasje fan in album yn 'e hitlisten
nom. Billboard Music Award: bêste album, froulike artyst
nom. Billboard Music Award: bêste Billboard 200-album
nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst
flagge fan Japan (2× diamant)
flagge fan de Feriene Steaten (diamant)
flagge fan Frankryk (diamant)
flagge fan Austraalje (12× platina)
flagge fan Kanada (7× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (5× platina)
flagge fan Nederlân (5× platina)
flagge fan Nij-Seelân (5× platina)
flagge fan Switserlân   (4× platina)
flagge fan Dútslân (2× platina)
Merry Christmas 28 oktober 1994 flagge fan Japan (2× diamant)
flagge fan Austraalje (6× platina)
flagge fan de Feriene Steaten (5× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
flagge fan Nij-Seelân (2× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Nederlân (platina)
flagge fan Dútslân (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
Daydream 28 septimber 1995 Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier
nom. Grammy Award: bêste songen popalbum
nom. Grammy Award: album fan it jier
nom. American Music Award: favorite pop/rockalbum
nom. American Music Award: foar favorite soul/R&B-album
nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst
flagge fan Japan (2× diamant)
flagge fan de Feriene Steaten (11× platina)
flagge fan Kanada (7× platina)
flagge fan Austraalje (5× platina)
flagge fan Nij-Seelân (5× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (2× platina)
flagge fan Frankryk (2× platina)
flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan Switserlân   (goud)
Butterfly 16 septimber 1997 Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier flagge fan Japan (diamant)
flagge fan de Feriene Steaten (5× platina)
flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Frankryk (2× goud)
flagge fan Nederlân (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
Rainbow 27 oktober 1999 Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier flagge fan Japan (4× platina)
flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan Frankryk (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Nederlân (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
Charmbracelet 20 novimber 2002 Island Records Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Japan (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan Kanada (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
The Emancipation of Mimi 30 maart 2005 Grammy Award: bêste contemporary R&B-album
Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêste R&B-hiphopalbum
Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst
nom. Grammy Award: album fan it jier
nom. American Music Award: favorite pop/rockalbum (2005)
nom. American Music Award: favorite soul/R&B-album (2005 & 2006)
nom. Billboard Music Award: bêste Billboard 200-album
nom. Billboard Music Award: bêste R&B/hiphopalbum
flagge fan de Feriene Steaten (6× platina)
flagge fan Kanada  (3× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (2× platina)
flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan Japan (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Frankryk (goud)
E=MC² 14 april 2008 nom. American Music Award: bêste soul/R&B-album flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Kanada (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Japan (goud)
Memoirs of an Imperfect Angel 22 septimber 2009 nom. Soul Train Music Award: aldertreflikst album flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Merry Christmas II You 2 novimber 2010 flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Me. I Am Mariah... The Elusive Chanteuse 6 maaie 2014 Def Jam Recordings
Caution 16 novimber 2018 Epic Records

Soundtrackalbums

titel útbrocht op label prizen en
nominaasjes
resultaat
Glitter 18 augustus 2001 Virgin Records flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Japan (platina)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
All I Want for Christmas Is You 22 novimber 2017 Epic Records
Mariah Carey's Magical Christmas Special 4 desimber 2020 Legacy Recordings
Sony Music
titel útbrocht op label prizen en nominaasjes resultaat
MTV Unplugged 2 juny 1992 Columbia Records American Music Award: favorite adult contemporary-album
nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
nom. American Music Award: favorite soul/R&B-album
nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst
flagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan Nij-Seelân (2× platina)
flagge fan Kanada (platina)
flagge fan Frankryk (2× goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
Valentines 28 jannewaris 2000
The Live Debut – 1990 17 july 2020

Kompilaasje-albums

titel útbrocht op label prizen en nominaasjes resultaat
#1's 16 novimber 1998 Columbia Records Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier flagge fan Japan (2× diamant)
flagge fan de Feriene Steaten (5× platina)
flagge fan Kanada  (3× platina)
flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan Frankryk (2× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (2× platina)
flagge fan Nij-Seelân (2× platina)
flagge fan Dútslân (goud)
Greatest Hits 4 desimber 2001 Columbia Records
Virgin Records
flagge fan Austraalje  (3× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (2× platina)
flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan Japan (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Frankryk (goud)
The Ballads 17 oktober 2008 Columbia Records
Legacy Recordings
Virgin Records
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
Playlist: The Very Best of Mariah Carey 26 jannewaris 2010 Columbia Records
Legacy Recordings
The Essential Mariah Carey 7 jannewaris 2011
#1 to Infinity 15 maaie 2015 Columbia Records
Epic Records
Legacy Recordings
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Japan Best 17 oktober 2018 Columbia Records
Legacy Recordings
The Rarities 2 oktober 2020

Remixalbums

titel útbrocht op label prizen en nominaasjes resultaat
25 juny 2003 The Remixes Columbia Records
Island Records
Virgin Records
nom Billboard Music Award: bêste elektroanyske album

Boxsets

abum útbrocht yn
12s 1998
Mariah Carey / Emotions / Music Box 17 septimber 2001
MTV Unplugged / Daydream / Butterfly
Music Box / Rainbow 27 septimber 2004
Daydream / Butterfly 28 septimber 2007
Music Box / Butterfly 26 septimber 2008
3CD Collector's Set 15 septimber 2009
Daydream / Mariah Carey 4 juny 2010
Emotions / Rainbow / Butterfly 9 novimber 2010
Charmbracelet / The Emancipation of Mimi / E=MC² 22 july 2011
Charmbracelet / The Emancipation of Mimi 5 desimber 2012
E=MC² / Memoirs of an Imperfect Angel

Singles

Eigen singles

titel útbr. yn album prizen en nominaasjes resultaat
Vision of Love 1990 Mariah Carey Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
Billboard Music Award: bêste single, froulike artyst
Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-single, froulike artyst
Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-liet fan it jier
BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer
nom. Grammy Award: plaat fan it jier
nom. Grammy Award: liet fan it jier
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
Love Takes Time BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer
BMI Pop Music Award: liet fan it jier
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Someday 1991 BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer
nom. American Music Award: bêste dancesingle
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
I Don't Wanna Cry BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer
There's Got to Be a Way
Emotions Emotions Billboard Music Award: bêste single, froulike artyst
BMI Pop Music Award: bêste liet
nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
Can't Let Go BMI Pop Music Award: bêste liet
Make It Happen 1992 BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer flagge fan Nij-Seelân (goud)
I'll Be There
(mei gastoptr. Trey Lorenz)
MTV Unplugged nom. Grammy Award: bêste R&B-sjongoptreden, duo of groep
nom. American Music Award: favorite pop/rock-single
flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
If It's Over
Dreamlover 1993 Music Box Billboard Music Award: bêste Hot 100 Airplay-nûmer
ASCAP Award: bêste poplietsjeskriuwer
BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer fan it jier
BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
nom. American Music Award: bêste soul/R&B-single
nom. Billboard Music Award: bêste single, froulike artyst
flagge fan Austraalje (6× platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Hero ASCAP Award: Rhythm & Soul-lietsjeskriuwer (1994 & 1995)
ASCAP Award: poplietsjeskriuwer (1995)
BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
nom. Billboard Music Award: bêste Hot 100-single
nom. Billboard Music Award: bêste Hot 100 Airplay-nûmer
flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Noarwegen (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
Without You 1994 flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan Eastenryk (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Nederlân (platina)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan Switserlân   (goud)
Never Forget You flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Anytime You Need a Friend ASCAP Award: bêste poplietsjeskriuwer
BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer (1995 & 1996)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
All I Want for Christmas Is You Merry Christmas flagge fan de Feriene Steaten (diamant)
flagge fan Japan (diamant)
flagge fan Austraalje (8× platina)
flagge fan Kanada (7× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (6× platina)
flagge fan Nij-Seelân  (3× platina)
flagge fan Dútslân (2× platina)
flagge fan Denemark (platina)
flagge fan Itaalje (platina)
flagge fan Spanje (goud)
Miss You Most (at Christmas Time)
Christmas (Baby, Please Come Home) flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
Santa Claus Is Comin' to Town flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Hark! The Herald Angels Sing flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Fantasy 1995 Daydream International Dance Music Award danceplaat fan it jier
BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot 100-single
nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot Dance Maxi-single
flagge fan de Feriene Steaten (5× platina)
flagge fan Austraalje  (3× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Frankryk (goud)
One Sweet Day
(mei Boyz II Men)
Billboard Music Award: spesj. priis foar 16 wiken op nû. 1
ASCAP Award: bêste Rhythm & Soul-lietsjeskriuwer
BMI Pop Music Award: liet fan it jier
BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer
nom. Grammy Award: plaat fan it jier
nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang
nom. Billboard Music Award: bêste 100 Hot-single
nom. MTV Video Music Award: bêste R&B-fideoklip
flagge fan Austraalje  (3× platina)
flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan Noarwegen (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
Joy to the World Merry Christmas
Open Arms Daydream
Always Be My Baby 1996 Billboard Music Award bêste 100 Hot Airplay-nûmer
BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer (1997 & 1998)
nom. Grammy Award: bêste R&B-optreden, sjongster
nom. Billboard Music Award: bêste 100 Hot-single
flagge fan de Feriene Steaten (5× platina)
flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
Forever BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
Underneath the Stars
O Holy Night Merry Christmas flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Itaalje (goud)
Honey 1997 Butterfly ASCAP Award: bêste poplietsjeskriuwer
BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
nom. MTV Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst
nom. ALMA Award: aldertreflikste fideoklip
nom. Grammy Award: bêste R&B-optreden, sjongster
nom. Grammy Award: bêste R&B-liet
flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Butterfly BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
The Roof (Back in Time) 1998
Breakdown
(mei gastoptr. Krayzie Bone en Wish Bone)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
My All BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
nom. MOBO Award: bêste ynternasjonale single
nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot Dance Maxi-single
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
When You Believe
(mei Whitney Houston)
#1's nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang
nom. ALMA Award: aldertreflikste fideoklip
nom. ALMA Award: aldertreflikste útfiering liet foar spylfilm
flagge fan Belgje (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Noarwegen (platina)
Flagge fan Sweden (platina)
flagge fan Switserlân   (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan Dútslân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
I Still Believe 1999 flagge fan de Feriene Steaten (platina)
Heartbreaker
(mei gastoptr. Jay-Z)
Rainbow nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-single, froulike artyst flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
Thank God I Found You
(mei gastoptr. Joe en 98 Degrees)
BMI Urban Music Award: bêste lietsjeskriuwer fan it jier
nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Crybaby
(mei gastoptr. Snoop Dogg)
2000
Can't Take That Away (Mariah's Theme)
Against All Odds (Take a Look at Me Now)
(solo of mei Westlife)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
Loverboy
(mei gastoptr. Cameo)
2001 Glitter Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêst ferkeapjende R&B/hiphop-single
nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot 100-single
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Reflections (Care Enough)
Never Too Far
Don't Stop (Funkin' 4 Jamaica)
(mei gastoptr. Mystikal)
Never Too Far/Hero Medley Greatest Hits
Through the Rain 2002 Charmbracelet nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot Dance Maxi-single flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan Kanada (goud)
Boy (I Need You)
(mei gastoptr. Cam'ron)
nom. MTV Video Music Award: Brazil bêste ynternasjonale fideoklip
Bringin' On the Heartbreak 2003
It's Like That 2005 The Emancipation of Mimi nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
We Belong Together Grammy Award: bêste R&B-optreden, sjongster
Grammy Award: bêste R&B-liet
World Music Award: meast draaide single
Billboard Music Award: bêste 100 Hot-single
Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot 100 Airplay-nûmer
Billboard Music Award: bêste rhymthmic-liet
Billboard Music Award: Hot 100-liet fan it desennium
Billboard Music Award: radioliet fan it desennium
Radio Music Award: foar liet fan it jier (mainstreamhitradio)
Radio Music Award: liet fan it jier (Urban & Rhythmic-radio)
Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-single, froulike artyst
ASCAP Award: liet fan it jier
ASCAP Award: liet fan it desennium
BMI Pop Music Award: bêste hitlistliet
BMI Pop Music Award: meast draaide nûmer
BMI Urban Music Award: liet fan it jier
Vibe Award: bêste R&B-liet
Teen Choice Award: bêste leafdesliet
nom. Grammy Award: plaat fan it jier
nom. Grammy Award: liet fan it jier
nom. MTV Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst
nom. MTV Video Music Award: bêste R&B-fideoklip
nom. MTV Japan Video Music Award: bêste R&B-fideoklip
nom. MTV Japan Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst
nom. Billboard Music Award: bêste Pop 100-liet
nom. Billboard Music Award: bêste Pop 100 Airplay-nûmer
nom. Billboard Music Award: bêste Hot R&B/Hip-Hop-liet
nom. Billboard Music Award: bêste Hot R&B/Hip-Hop Airplay-nûmer
nom. Billboard Music Award: foar bêste Adult R&B-liet
nom. Billboard Music Award: bêste Hot Dance Club Play-single
nom. Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêste R&B/hiphop-liet
nom. Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêste R&B/Hip-Hop Airplay-nûmer
flagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
Shake It Off BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
BMI Pop Music Award: meast draaide nûmer
nom. MTV Video Music Award: bêste R&B-fideoklip
nom. MTV Australia Video Music Award: bêste R&B-fideoklip
flagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Austraalje (goud)
Get Your Number
(mei gastoptr. JD)
Don't Forget About Us BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
BMI Pop Music Award: meast draaide liet
BET Award: publykspriis
nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster
nom. Grammy Award: bêste R&B-liet
nom. Billboard Music Award: bêste Hot Dance Club Play-single
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
Fly Like a Bird 2006
Say Somethin'
(mei gastoptr. Snoop Dogg)
Touch My Body 2008 E=MC² BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer
nom. MTV Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst
nom. MTV Video Music Award: Japan bêste karaokeliet
nom. BET Award: bêste komyske fideoklip
flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Japan (goud)
Bye Bye nom. Teen Choice Award: foar bêste R&B-nûmer flagge fan de Feriene Steaten (platina)
I'll Be Lovin' U Long Time
Right to Dream net op in album
I Stay in Love E=MC²
Obsessed 2009 Memoirs of an Imperfect Angel ASCAP Award: meast draaide liet
nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende 100 Hot-single
flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Austraalje (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
I Want To Know What Love Is
H.A.T.E.U.
Up Out My Face
(mei gastoptr. Nicki Minaj)
2010
Angels Cry
(mei gastoptr. Ne-Yo)
Oh Santa! Merry Christmas II You
Auld Lang Syne (The New Year's Anthem)
When Christmas Comes
(mei John Legend)
2011
Triumphant (Get 'Em)
(mei gastoptr. Rick Ross en Meek Hill)
2012 net op in album
Almost Home 2013 nom. World Music Award: wrâlds bêste liet
nom. World Music Award wrâlds bêste fideoklip
#Beautiful
(mei gastoptr. Miguel)
Me. I Am Mariah… The Elusive Chanteuse nom. World Music Award: foar wrâlds bêste liet
nom. World Music Award: wrâlds bêste fideoklip
flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan Austraalje (platina)
(goud)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
The Art of Letting Go nom. World Music Award: wrâlds bêste liet
You're Mine (Eternal) 2014 nom. World Music Award: wrâlds bêste liet
nom. World Music Award: wrâlds bêste fideoklip
You Don't Know What to Do
(mei gastoptr. Wale)
Infinty 2015 #1 to Infinity
I Don't
(mei gastoptr. YG)
2017 net op in album
With You 2018 Caution
A No No 2019
In the Mix net op in album
Save the Day
(mei gastoptr. Lauryn Hill)
2020 The Rarities
Out Here on My Own
Oh Santa!
(mei gastoptr. Ariana Grande en Jennifer Hudson)
Mariah Carey's Magical Christmas Special
Here We Go Around Again The Rarities
Fall in Love at Christmas
(mei Khalid en Kirk Franklin)
2021 net op in album

Gastsingles

titel útbr. yn album prizen en nominaasjes resultaat
Endless Love
(mei Luther Vandross)
1994 Songs nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Nij-Seelân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Sweetheart
(mei JD)
1998 Live in 1472
Things That U Do
(mei Jay-Z)
2000 Vol. 3… Life and Times of S. Carter
I Know What You Want
(mei Busta Rhymes)
2003 It Ain't Safe No More nom. MTV Video Music Award: bêste hiphopfideoklip flagge fan Austraalje (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Nij-Seelân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
U Make Me Wanna
(mei Jadakiss)
2004 Kiss of Death
So Lonely
(mei Twista)
2006 The Day After
Lil' L.O.V.E.
(mei Bone Thugs-n-Harmony)
2007 Strength & Loyalty
Just Stand Up!
(mei oare artysten tsjin kanker)
2008 net op in album
My Love
(mei The-Dream)
2009 Love vs. Money
Everybody Hurts
(mei oare artysten foar Haïty)
2010 net op in album
All I Want for Christmas Is You (Superfestive!)
(mei Justin Bieber)
2011 Under the Mistletoe flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Where I Belong
(mei Busta Rhymes)
2021 Extinction Level Event 2: The Wrath of God
Somewhat Loved
(mei Jam & Lewis)
Jam & Lewis: Volume One
Big Energy Remix
(mei Latto)
2022 777

Prizen en nominaasjes

Foar in folsleine list mei alle prizen en nominaasjes fan Mariah Carey, sjocht op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Recent Births Are Announced, yn: The Long-Islander, Huntington, New York, 10 april, 1969, s. 2 (sitaat: "Recent births at Huntington Hospital have been announced as follows [...] March 27 Mariah, Mr. and Mrs. Alfred Carey, Huntington [...]").

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.