Oktaaf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In oktaaf op in klavier

It oktaaf, ôfkoarte oantsjut mei P8, is yn de muzyk it ynterval tusken twa toanen dêr't foar jildt dat de frekwinsje fan de heechste toan krekt it dûbelde is as dy fan de leechste. Yn dat ferbân wurdt de toan mei de dûbelde frekwinsje wol it oktaaf fan de oare toan neamd. It wurd oktaaf is ôflaat fan it Latynske octavus, dat achtste betsjut. In diatoanyske toanljedder (dat is de basistoanljedder fan de westerske muzyk) bestiet út acht noaten, en omfiemet krekt in oktaaf, dat wol sizze dat de earste en de achtste noat krekt in faktor twa yn toanhichte ferskille.

In probleem docht him foar yn de lyksweevjende temperatuer. Yn dy stimming is de toan bis krekt lykas de deses enharmoanysk gelyk oan de toan c. Beide soene dus opfette wurde kinne as oktaaf fan C. Dat wurdt lykwols net dien. Allinnich in ynterval tusken toanen mei deselde stamtoannamme of dêr fan ôflaat kin as oktaaf oantsjut wurde.

Troch de hantearre systematyk fan beneaming fan yntervallen wurde ek yntervallen dy't fan in oktaaf ôflaat wurde troch gromatyske alteraasje fan ien of beide toanen mei oktaaf oantsjut. It ynterval wêrby't de frekwinsje fan de boppeste toan krekt twa kear de frewinsje fan de ûnderste toan is, wurdt yn dat ferbân rein oktaaf neamd. Is de toansôfstân troch alteraasje lytser wurden, dan wurdt praat oer fermindere en dûbel fermindere oktaaf. Is it oktaaf grutter wurden dan hjit it oermjittich of dûbel oermjittich. Utgeande fan it reine oktaaf c-c' binne de yntervallen

c - ces' en cis - c' fermindere,
c - ceses', cis - ces' en cisis - c' dûbel fermindere,
ces - c' en c - cis' oermjittige,
ceses - c', ces - cis' en c - cisis' dûbel oermjittige,

oktaven.

Oktaafnammen[bewurkje seksje | edit source]

De meast foarkommende oktaven en har nammen

Neist de betsjutting fan oktaaf as ynterval, wurdt de term oktaaf ek brûkt foar it oantsjutten fan de samling toanen yn sa'n ynterval begjinnend mei ien fan de toanen C. It folsleine ambitus oan toanen kin sa opdield wurde yn de folgjende oktaven. Efter elk oktaaf is in foarbyld jûn fan de skriuwwize fan de toan A yn it oanbelangjende oktaaf mei de frekwinsje yn de gebrûklike stimming. De oantsjutting mei nûmers is de wittenskiplike beneaming fan de oktaven.


Oktaaf Name Notaasje Hz Opmerkings
0 Subkontra-oktaaf "A / A0 / \underline{\underline{A}} 27,5 Allinnich de boppeste toanen út dit oktaaf binne te spyljen/te brûken
1 Kontra-oktaaf 'A / A1 / A 55
2 Grut-oktaaf A / A2 110
3 Lyts-oktaaf a / A3 220
4 Ienstrepe oktaaf a' / A4 440 De a' is de a fan 440 Hz; de c' is de sintrale C op in piano.
5 Twastrepe oktaaf a" / A5 880
6 Trijestrepe oktaaf a''' / A6 1760
7 Fjouwerstrepe oktaaf a'''' / A7 3520
8 Fiifstrep oktaaf a''''' / A8 7040
9 Seisstrepe oktaaf a'''''' / A9 14080 Dizze tige hege toanen binne benammen op strykynstruminten lykas flageolet noch te brûken.

It systeem kin sa fuortset wurde, mar al yn it seisstrepe oktaaf binne de measte toanen foar de measte minsken net mear te hearren en it achtstrepe oktaaf leit hielendal boppe de gehoargrins.

Oan de ûnderkant komt men yn de literatuer noch it subsubkontra-oktaaf tsjin wêrfan't de toanen feitlik bûten it te hearren gebiet lizze. It ienstrepe oktaaf begjin mei de toan c', ek 'sintrale' c neamd. It is dy toan dy't troch de C-muzykkaai oanwiisd wurdt. De g' út it ienstrepe oktaaf is de toan dy't troch de G-muzykkaai oantsjut wurdt. De F-muzykkaai jout de toan f út it lyts-oktaaf oan.

Mei de beneaming lege C wurdt wol de toan C2 = C (grut-C) fan it grut-oktaaf oantsjut, hoewol't dy term ek brûkt wurdt foar de leechste C dy't op in ynstrumint te spyljen is. De beneaming hege c in in relative oantsjutting. Foar in tenoar sjongstim is de toan c" fan it twastrepe oktaaf in hege c, foar in sopraan sjongstim is c'" (trijestrepe) pas in hege c.

In dûbeld oktaaf (15 noaten) wurdt in kwintdecime neamd.

Sjoch ek by[bewurkje seksje | edit source]

ynterval