Springe nei ynhâld

Neder-Brulee Sû Stamme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lower Brule Sû Stamme)
Neder-Brulee Sû Stamme
IngelskLower Brule Sioux Tribe
lânseigenKul Wičasa Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
haadkertierLower Brule (Súd-Dakota)
etnisiteitLakota
ledetal3.400 (2013)
oprjochting1868
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatNeder-Brulee Yndianereservaat
lokaasjesintraal Súd-Dakota
oerflak536,6 km²
ynwennertal1.300 (2004)
offisjele webside
www.lbst.org
kaart
Neder-Brulee Sû Stamme (Súd-Dakota)
Neder-Brulee Sû Stamme
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.

De Neder-Brulee Sû Stamme (Ingelsk: Lower Brule Sioux Tribe; Lakota: Kul Wičasa Oyáte, útspr.: [kul wi'ʧasa o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 3.400 leden, en it haadkertier is fêstige yn Lower Brule, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux) fan ien inkele substamme fan 'e Lakota, nammentlik de Brulee. De Neder-Brulee Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

It reservaat fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme is it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation) fan sintraal Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan likernôch 537 km², en dêr't yn 2004 1.300 minsken wennen. Oarspronklik makke it Neder-Brulee Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Neder-Brulee ien wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota Westlik Dakota) Lakota (Noardlik Lakota Sintraal Lakota Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton Sisseton Wahpekûte Wahpeton Westlike Dakota: Jankton Janktonai (Neder-Janktonai Opper-Janktonai) Lakota: Titon (Brulee Hûnkpapa Minnikonzjû Oglala Sâns Arks Swartfuotten Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme Crow Creek Sû Stamme Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota Jankton Sû Stamme Neder-Brulee Sû Stamme Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota Rosebud Sû Stamme Santy Sû Naasje Sisseton en Wahpeton Sû Stamme Spirit Lake Stamme Standing Rock Sû Stamme) Neder-Sû Yndianemienskip Opper-Sû Mienskip Prairie Island Yndianemienskip Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip Mendota Mdewakanton  Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Dakota Plains Wahpeton Naasje Dakota Tipi Earste Naasje Sioux Valley Dakota Naasje Standing Buffalo Dakota Naasje Wahpeton Dakota Naasje White Bear  Earste Naasjes Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River Crow Creek Flandreau Fort Peck Jankton Lake Traverse Neder-Brulee Neder-Sû Opper-Sû Pine Ridge Prairie Island Rosebud Santy Shakopee Spirit Lake Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek Birdtail Hay Lands Dakota Plains Dakota Tipi Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Fishing Station Oak Lake 59A Oak Lake 59B Sioux Valley Standing Buffalo Wahpeton White Bear Whitecap Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje Grutte Sû Reservaat Lakota Frijheidsdelegaasje Nakota Republyk Lakota