Lower Brule (Súd-Dakota)
Lower Brule | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Súd-Dakota | |
County | Lyman County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 613 (2010) | |
Oerflak | 0,9 km² (ynkl. wetter) 0,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 681,1 / km² | |
Hichte | 440 m | |
Oar | ||
Stifting | 1875 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 44°04′26″N 99°34′51″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Lower Brule yn Lyman County en yn 'e steat Súd-Dakota. |
Lower Brule ['louwǝɹ bɹu'le:] is in plak fan Lyman County, yn it sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, dat yn 1875 stifte waard. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Kennebec), is it wol it haadplak fan it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation), fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme (Lower Brule Sioux Tribe). Lower Brule is neamd nei it Neder-Brulee Agintskip (Lower Brule Agency), it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken yn it Neder-Brulee Reservaat. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Lower Brule doe justjes boppe de 600 minsken.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Lower Brule 4,2% âlder as 65 jier en 44,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 24,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 51,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier sels 56,2%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 94,8% Yndianen; 4,5% blanken; 0,3% Latino's; 0,2% swarten; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |