Springe nei ynhâld

Just Go with It

Ut Wikipedy
Just Go with It
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dennis Dugan
produsint Adam Sandler
Jack Giarraputo
Heather Parry
senario Allan Loeb
Timothy Dowling
basearre op Cactus Flower fan Abe Burrows
kamerarezjy Theo van de Sande
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio Columbia Pictures
Happy Madison Productions
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Adam Sandler
Jennifer Aniston
Brooklyn Decker
byrollen Bailee Madison
Griffin Gluck
Nick Swardson
Nicole Kidman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 febrewaris 2011
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 117 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $214,9 miljoen

Just Go with It is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2011 ûnder rezjy fan Dennis Dugan, mei yn 'e haadrollen Adam Sandler, Jennifer Aniston en Brooklyn Decker. De titel betsjut safolle as "spylje gewoan mar even mei". De film is in remake fan Cactus Flower, in ferfilming út 1969 fan it toanielstik út 1965 mei deselde namme. It ferhaal giet oer in dokter dy't syn assistinte en har beide bern ynset om syn gesin te spyljen as er troch omstannichheden syn nijste ferovering wiismeitsje moatten hat dat er yn skieding leit mei syn frou (dy't er net hat). Just Go with It krige negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Yn 1988 rint de dan 22-jierrige Danny Maccabee by syn eigen trouwerij wei nei't er syn breid in oere foar de houliksseremoanje tsjin har breidsfamkes sizzen heard hat dat se efter syn rêch om mei in oare fint omslacht en inkeld mei Danny trout om't er dokter wurdt. As er him neitiid yn in kroech sit te bedrinken, wylst er mei de trouring ompielt dy't er no nea drage sil, sprekt in tsjeppe jonge frou him oan om't se fanwegen de trouring belangstelling foar him hat. Danny makket it ferhaal wat moaier as dat it eins is en fertelt dat syn frou nei in houlik fan seis jier by him weigien is. Dêrop nûget de jonge frou him út om mei har nei hûs te gean en bringt er de nacht mei har troch.

Trijeëntweintich jier letter is de no 45-jierrige Danny in súksesfol plastysk sjirurch yn Los Angeles, dy't noch altyd syn âlde trouring draacht om froulju te fersieren en romantyske ferplichtings te ûntrinnen dy't ta leafdesfertriet liede kinne soene. Katherine Murphy is syn assistinte, mar runt ek fierhinne syn praktyk; Danny is nammentlik in geniaal plastysk sjirurch, mar de saaklike kant fan it hawwen fan in bedriuw hat er net folle mei op. Katherine is in allinnichsteande mem fan twa jonge bern, Maggie en Michael, en de iennichste frou dy't alles ôfwit fan Danny, syn misbrûk fan 'e trouring ynbegrepen.

Op in feestje moetet Danny, as er tafallich syn trouring ris net om hat, Palmer, in 23-jierrige skoaljuffer. It klikt fuortendaliks tusken harren, en se bringe tegearre de nacht troch op it strân, dêr't se seks hawwe. As Palmer de oare moarns de trouring yn Danny syn broeksbûse fynt, nimt se oan dat se mei in troude fint sliept hat en wol se neat mear fan him witte. De fjochtskieding fan har âldelju waard nammentlik feroarsake troch har heite oerhoer, en se griist derfan dat sy no sels 'de oare frou' wurden is.

Ynstee dat er har de wierheid fertelt, besiket Danny it mei har goed te meitsjen troch har te ferrifeljen: hy fertelt har dat er mei syn frou yn skieding leit en dat dy skieding oer inkele dagen hielendal yn kannen en krûken wêze sil. As Palmer him nei de namme fan syn hast-eks-frou freget, komt Danny op lapen mei de earste namme dy't him tebinnen sjit: Devlin (om't Katherine him dy deis ferteld hat oer in freondinne fan harres út har studintetiid dy't sa hiet). Dy Devlin hat him bedragen mei Dolph Lundgren (net de bekende akteur, mar in oare Dolph Lundgren), en dêrom hat er in skieding oanfrege.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Palmer twifelet oft se Danny leauwe moat, en freget om Devlin te moetsjen, sadat se der wis fan wêze kin dat Danny har net samar wat wiismakket. Foar him is it dan in logyske folgjende stap om Katherine te freegjen om har foar te dwaan as Devlin. Katherine fielt dêr earst neat foar, mar Danny keapet har om troch mei har út te winkeljen te gean en by djoere kleanwinkels in nije garderôbe foar har oan te skaffen dy't se sels nea betelje kinne soe. Neitiid beävensearret er in moeting tusken Palmer en 'Devlin', wêrby't 'Devlin' har seine jout oan in relaasje tusken him en Palmer. Alles liket goed te gean, oant Katherine as se wer fuort sil, in tillefoantsje kriget fan har oppas en Palmer út it petear opmakket dat se bern hat. Fansels nimt se oan dat Danny de heit wêze moat fan 'Devlin' har bern, en om't se gek is op bern wol se dy ek graach moetsje.

Dat, Danny giet efter Katherine har rêch om mei Maggie en Michael om 'e tafel en keapet de bern om om syn bern te spyljen, wêrfoar't er de nammen Kiki Dee (net de bekende sjongster, fansels) en Bart betocht hat. As er ienris ôfspraken mei har bern makke hat, stelt er Katherine foar in foldongen feit en praat har in skuldgefoel oan om't dit eins har eigen skuld is: se hie ek net yn it bywêzen fan Palmer oer de bern prate moatten. Katherine stimt úteinlik ta yn in nij bedroch troch as 'Devlin' mei 'Kiki Dee' en 'Bart' nei in binnendoarboarterstún te kommen dêr't Palmer yn 'e kunde komme kin mei de bern. Maggie, dy't aktrise wurde wol, komplisearret de boel troch harsels in Britsk-Ingelsk aksint oan te mjitten, wylst Michael docht as hat er fertriet om't 'syn heit' in ûnthjit oan him brutsen hat: 'heit' soe him ommers meinimme nei Hawaï, sadat er dêr mei dolfinen swimme koe, mar troch de skieding is dat plan yn it wetter fallen. Foar it blok set yn oanwêzigens fan Palmer seit Danny in fakânsje yn Hawaï ta foar de hiele 'húshâlding'.

Op 'e lofthaven wurde se allegear ferrast troch Danny syn healwize neef en bêste freon Eddie, dy't de identiteit fan 'Devlin' har minner 'Dolph Lundgren' oannommen hat om ek mei te kinnen. Om't se harsels mei al har leagens yn 'e hoeke ferve hawwe, binne Danny en Katherine twongen om syn spultsje mei te spyljen. As se nei oankomst yn Hawaï op it strân Palmer yn bikiny út 'e see kommen sjogge, flústeret Eddie Danny yn dat hy dêrfoar ek wol in nepgesin optinke wollen hie. Danny fertelt Eddie dat er serieus yn him omgean lit om Palmer te freegjen om mei him te trouwen.

Underwilens hat Katherine sa skjin har nocht fan alle bedroch dat se driget en lit Danny syn kaartehûs fan leagens ynstoarte. Mar dan rint se yn itselde resorthotel dêr't it selskip ferbliuwt har âlde stúdzjefreondinne, de wiere Devlin, tsjin it liif, dy't har libben perfekt ynoarder hat mei har knappe man Ian Maxtone-Jones, dy't ryk wurden is troch de útfining fan 'e iPod. Om't Katherine mei Devlin in langrinnende rivaliteit hat, wol se net foar har ûnder dwaan en bekenne dat se in allinnichsteande mem is. Dat ynstee lêst Katherine in bledside út Danny syn skript troch Devlin wiis te meitsjen dat se hjir op fakânsje is mei har man (Danny) en har bern, mei wa't se it perfekte gesinsplaatsje foarmet.

No't se troch harren eigen leagens ta inoar feroardiele binne, kinne Katherine en Danny en de bern der net foar wei om in protte tiid mei-inoar troch te bringen. Yn 't earstoan wurkje se inoar benammen op 'e senuwen, mar meitiid begjint Danny nocht te krijen oan 'e omgong mei de bern, wylst Katherine ûnder de yndruk rekket fan syn kwaliteiten as 'harren heit'. De echte Devlin nûget Katherine en Danny út foar in diner mei har en har man, en om dat mooglik te meitsjen, bewurkmasterje se dat Eddie Palmer mei út nimt, sabeare om 'e famyljedynamyk te ferbetterjen, mei't dat goed wêze soe foar de bern. Mei't dizze 'Dolph Lundgren' fia it ynternet yn skiep hannelje soe, wurdt er troch de oanwêzigens fan Palmer twongen om in famke te help te kommen dat in skiep as húsdier hat dêr't wat mei is. It docht bliken dat it bist in fluitsje yn 'e strôt stykjen bleaun is, sadat 'Dolph Lundgren' it skiep mûle-op-mûlebeäzeming jaan moat.

Underwilens wurde Danny en Katherine by it diner mei Devlin en Ian troch de rivaliteit fan 'e beide froulju twongen om inoar te fertellen wat se it meast oaninoar bewûnderje (om't Devlin en Ian dat ek altyd dogge). De antwurden dy't se inoar jouwe, binne ferrassend oprjocht, en se begjinne gefoelens foarinoar te krijen. Danny bringt Katherine neitiid werom nei har hotelkeamer en jout him ôf, mar betinkt him dan en giet werom om har te fertellen dat er no beseft dat er eins altyd al fan har holden hat. Krekt op dat stuit komt er lykwols Palmer en Eddie tsjin. Eddie, dy't alhiel hoteldebotel is nei syn libbensrêdende aksje mei it skiep, hat Palmer yn dronken steat ferteld dat Danny fan doel is har te freegjen om mei him te trouwen, en Palmer, by wa't no alle twifels oer Danny syn oprjochtens weinommen binne, stelt foar om fuortendaliks de oare deis te trouwen, mei't se omreden fan 'e oanhâldende rûzje tusken har âlden dochs gjin grutte brulloft hawwe wol.

Dat komt Danny en Katherine allebeide raar oer it mad, mar Danny stimt der úteinlik mei yn, om't er finzen sit yn syn eigen web fan leagens en net wit oft Katherine syn gefoelens foar har beäntwurdet. Te neare nacht, as Palmer sliept, skillet er de hotelkeamer fan Katherine op, dy't noch altyd wekker leit. Hy besiket omsichtich te hifkjen wat se fan him fynt troch te freegjen oft it net raar wêze sil om mei-inoar gear te wurkjen yn syn praktyk as hy en Palmer troud binne. Katherine fertelt him lykwols dat se in oanbod krigen hat foar in baan yn New York, en dat se fan doel is om dêr op yn te gean, dat foar ûngemaklikens op it wurk hoecht Danny net bang te wêzen. De oare moarns freget Palmer 'Devlin' (Katherine) oft se net dochs noch gefoelens foar Danny hat, mar Katherine wiuwt dy soarch fuort. Palmer nûget har út om op 'e trouwerij te kommen, mar dat slacht se ôf, mei't de oanwêzigens fan in eks-frou by it houlik neffens har ûngelok bringt.

Wylst Katherine har letter op it strân oan in bar sit te bedrinken, giet de wiere Devlin op in kruk njonken har sitten. Katherine hat gjin puf mear foar fierder bedroch, dat se fertelt Devlin hoe't it wier sit mei har en Danny en de bern en dat Danny no mei in oare frou oan it trouwen is. Dêrop jout Devlin ta dat se yn skieding leit mei Ian, om't dy homo is, en ek dat Ian net de iPod útfûn hat, mar ryk wurden is trochdat er de honkbalploech de Los Angeles Dodgers oanklage hat nei't er by in wedstryd mei in honkbal yn it gesicht rekke wie. Katherine bychtet dan op dat se eins fereale is op Danny, sûnder te witten dat Danny op dat stuit efter har stiet. Devlin lit harren allinne, en Danny fertelt Katherine dat er net trochgean koe mei it houlik mei Palmer. Dat is de ideäle frou yn alle opsichten útsein ien: se is Katherine net. Underweis werom nei Los Angeles moetet Palmer yn it fleantúch tennisser Andy Roddick, dy't al har hobbys en ynteresses dielt en har ideäle man blykt te wêzen. De film einiget mei de brulloft fan Danny en Katherine.

Adam Sandler.
Jennifer Aniston.
Brooklyn Decker.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Danny Maccabee Adam Sandler
Katherine Murphy / Devlin Maccabee Jennifer Aniston
Palmer Dodge Brooklyn Decker


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Maggie Murphie / Kiki Dee Maccabee Bailee Madison
Michael Murphy / Bart Maccabee Griffin Gluck
Eddie Simms / Dolph Lundgren Nick Swardson
Devlin Adams Nicole Kidman
Ian Maxtone-Jones Dave Matthews
Kirsten Brant Rachel Dratch
Adon Kevin Nealon
Kimberly Heidi Montag
Joanna Damon Minka Kelly
Patricia Rakefet Abergel
Tanner Patrick Dan Patrick
Henderson Mario Joyner
Ernesto Keegan-Michael Key
Brian (mei de sik) Allen Covert
himsels Andy Roddick (cameo)
de ukulelespiler Jake Shimabukuro
Katja Elena Kolpachikova

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film soe oarspronklik Holiday in Hawaii ("Fakânsje yn Hawaï") hjitte, en doe Pretend Wife ("Sabeare Wiif"), mar krige úteinlik de titel Just Go with It. De regisseur wie Dennis Dugan, dy't wurke op basis fan in senario fan Allan Loeb en Timothy Dowling. Dat wie basearre op it skript fan 'e film Cactus Flower, út 1969, dat sels wer tebek gie op it Broadway-toanielstik út 1965 dat ek Cactus Flower hiet en skreaun wie troch Abe Burrows.

As produsinten wiene haadrolspiler Adam Sandler, Jack Giarraputo en Heather Parry by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures en Happy Madison Productions. Der wie foar Just Go with It in budget beskikber fan $80 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Theo van de Sande, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rupert Gregson-Williams.

De opnamen begûnen op 2 maart 2010 en duorren oant en mei 25 maaie fan dat jier. Der waard filme yn Los Angeles en op 'e Hawaïaanske eilannen Maui en Kauaï. It hotel yn Hawaï dêr't de haadrolspilers ferbliuwe (en dat yn 'e film it 'Waldorf Astoria' neamd wurdt), is eins it Grand Wailea op Maui, dat eigendom is fan Waldorf Astoria Hotels and Resorts. De film omfiemet oan 'e ein in inside joke as it personaazje fan Brooklyn Decker yn it fleantúch werom nei de legere 48 steaten de wiere treft: tennisspiler Andy Roddick – mei't Decker en Roddick yn it echt troud binne.

De distribúsje fan Just Go with It waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 8 febrewaris 2011 yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 11 febrewaris iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Just Go with It kaam op 7 juny 2011 út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Just Go with It oer it algemien negative resinsjes. Sa sette de Britske krante The Daily Telegraph de film op syn list fan "tsien minste films fan 2011". De krante omskreau Just Go with It as "in kruë en oerbefolke remake fan Cactus Flower, optsjinne as in rudige romcom oer searjebedroch." Neffens Lisa Schwarzbaum fan it Amerikaanske tydskrift Entertainment Weekly waard de film lykwols "rêden fan in folsleine ramp […] troch Jennifer Aniston", dy't oer "de komeedzjetiming fan in ekspêr" beskikke soe en "spilet as in folwoeksene". Ferskate oare resinsinten seagen Nicole Kidman as it iennichste ljochtpuntsje yn 'e film.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Just Go with It in leech goedkarringspersintaazje fan 19%, basearre op 137 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Just Go with It mei dan justjes better wêze as guon films út it koartby beroerde romcomsjenre, mar dat is beslist gjin oanrikkemandearring." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Just Go with It in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 31 resinsjes.

Just Go with It brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $103,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $111,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $214,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $134,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Just Go with It in grut kommersjeel súkses, nettsjinsteande alle minne resinsjes fan 'e filmkritisy. Tsjin 2019 hie de film fierders allinnich al yn Noard-Amearika noch goed $25 miljoen binnenswile oan dvd-ferkeapen.

Just Go with It waard nominearre foar fiif kategoryen by de Teen Choice Awards, wêrûnder favorite romantyske komeedzje, favorite akteur yn in romantyske komeedzje (Adam Sandler) en favorite aktrise yn in romantyske komeedzje (Jennifer Aniston). De film wûn yn 'e kategoryen bêste trochbraak fan in aktrise (Brooklyn Decker) en bêste gemy op it wite doek (Sandler en Aniston).

Just Go with It waard ek nominearre yn fiif kategoryen by de Golden Raspberry Awards, de prizen foar de minste films, û.m. foar minste byrol fan in akteur (Nick Swardson), minste byrol fan in aktrise (Nicole Kidman) en minste pearke op it wite doek (Sandler en Aniston). De film 'wûn' de Golden Raspberry Awards foar minste regisseur (Dennis Dugan, ek foar Jack and Jill) en minste akteur (Sandler, ek foar Jack en Jill).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.