Springe nei ynhâld

Inheritor (roman fan C.J. Cherryh)

Ut Wikipedy
Inheritor
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1996, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Invader
● folgjend diel Precursor
kodearring
ISBN 0 88 67 77 283

Inheritor is it trêde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Erfgenamt". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Inheritor ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 1996, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Dorian Vallejo. Inheritor wie, krektlyk as Foreigner en Invader, de beide foargeande dielen yn 'e searje, tige súksesfol.

Inheritor spilet in healjier nei't it minsklike romteskip de Phoenix, nei krapoan twahûndert jier fan ôfwêzigens, ynienen wer weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wat de haadpersoan Bren Cameron djip yn 'e swierrichheden brocht om't de atevi in gearspanning fermoeden tusken it skip en it regear fan it eilân Mospheira, de minsklike koloanje op it planeetoerflak. Bren is de paidhi (tolk), in minsklike oerheidsfunksjonaris dy't as iennichste op it fêstelân ferbliuwe en kontakt mei de atevi hawwe mei, nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen ta in oarloch tusken minsken en atevi laten dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet.

De oankomst fan 'e Phoenix soarge in healjier lyn foar grutte opskuor, sawol ûnder de minsklike befolking fan Mospheira, as ûnder de atevi. Nei't it trelit grutdiels troch tadwaan Bren delbêde wie, stjoerde it skip twa fertsjintwurdigers nei it planeetoerflak ta, Jase Graham en Yolanda Mercheson, dy't krekt as Bren de atevi-titel fan paidhi krigen. Om't de Phoenix net oer fiertugen beskikt dy't yn 'e atmosfear fan 'e planeet fleane kinne, lieten dy har yn in kapsule oan in parasjute omleech sakje. De bedoeling wie dat Jase de atevi en Yolanda Mercheson it regear fan Mospheira bystean soe as adviseur om in romtefeartprogramma te ûnderstypjen. Fansels koene de beide skips-paidhiin pas wer nei de Phoenix weromkeare as dat romtefeartprogramma (dat noch fan 'e grûn ôf opboud wurde moast) safierhinne wie dat der bemanne romtefearen lansearre wurde koene.

In healjier nei alle rebûlje is it libben fan Bren Cameron noch altyd net wer like kalm en noflik as dat it foar de oankomst fan 'e Phoenix wie, en Bren beseft no dat it dat wierskynlik ek nea wer wurde sil. Om it ferdrach en it dêryn fêstleine lykwicht tusken minsken en atevi te behâlden, hat er tsjin 'e wil fan it regear fan Mospheira yn stappen ûndernimme moatten om 'e atevi yn kontakt te bringen mei de Phoenix, en harren te beheljen yn it romtefeartprogramma. Troch in oansjenlik diel fan 'e befolking fan Mospheira wurdt er dêrom no beskôge as in ferrieder, benammen troch de oanhing fan 'e Feriening foar Minsklik Erfskip fan Gaylord Hanks, dy't der radikale anty-atevi tinkbylden op nei hâldt. Hampton Durant, de hjoeddeistige presidint fan Mospheira, is lykwols krekt troch de stipe fan dy organisaasje oan 'e macht kommen, en sadwaande beskikt de Feriening oer grutte ynfloed oer it Mospheiryske regear. Bren is dêrtroch no frijwol hielendal isolearre rekke fan syn eigen oerheid; inkeld syn direkte baas, de minister fan Bûtenlânske Saken Shawn Tyers, stipet him noch, mar troch sabotaazje fan 'e tillefoanferbinings troch tsjinstanners hat er mei Tyers ek gjin kontakt mear.

Om't Bren feilich yn Shejidan sit, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, de grutste en wichtichste atevi-steat fan 'e wrâld, kinne syn (minsklike) fijannen him dêr net berikke, mar foar syn neisten op Mospheira is dat in oar ferhaal. Syn mem, syn broer Toby en dy syn gesin, en syn eardere ferloofde Barb Letterman wurde allegearre stalkt mei nachtlike tillefoantsjes en bedrigings troch lju dy't de plysje mar net te pakken krije skynt te kinnen. Dat wie foar in part debet oan Barb har beslút om mei in oare man te trouwen. Bren is him fan dy sitewaasje bewust en fielt him der skuldich oer, mar as syn broer Toby op in stuit troch de tillefoanblokkade hinne wit te brekken om him te berikken, fertelt dy him dat harren mem mei hertproblemen yn it sikehûs leit. Neitiid kin Bren nimmen op Mospheira mear berikke, oant er yn wanhope in âlde flam fan him opskillet, in Sandra Johnson, fan wa't er heart dat it appartemintegebou fan syn mem mei ferve besmodzge wurden is, wylst it gebou fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken sels besketten is. Hy beseft dan dat de sitewaasje op Mospheira in stik fierder út 'e hân rûn is as dat er foar mooglik holden hie, en reälisearret him ek dat er mei syn tillefoantsje Sandra Johnson har libben yn gefaar brocht hat. Ear't de ferbining ferbrutsen wurdt, stiet er der tige by har op oan dat se daliks nei Shawn Tyers ta giet, mei't dat de iennichste is dy't har mooglik beskermje kin.

Underwilens binne der oare kant de smelle seestrjitte op it fêstelân ek genôch swierrichheden. Hoewol't it romtefeartprogramma fan 'e atevi foarleit op skema trochdat Bren de stipe witten hat te winnen fan 'e progressive en wittenskiplik ûnderleine hear Geigi (sjoch: Invader), bestiet der mank guon lagen fan 'e atevi-befolking noch altyd grutte wjerstân tsjin 'e minsklike ynfloed yn it algemien en tsjin Bren sels yn it bysûnder. Dêrby giet it om deselde partij dy't ek de lâning fan 'e beide skips-paidhiin besocht te fersteuren, en dy't ûnder lieding stiet fan Direiso, de frouwe fan 'e Kadigidi-clan, en Saigimi, de hear fan 'e súdlike Taisigin Marid. Bren hat it hast in healjier sûnder syn fertroude liifwachten Banichi en Jago stelle moatten, en hoewol't Algini en Tano, syn oare beide liifwachten, him ek bêst binne, is er dochs opluchte as Banichi en Jago wer yn syn tsjinst weromkeare. Dat bart fuort nei't hear Saigimi likwidearre is, en it wurdt al fluch dúdlik dat Banichi en Jago dat putsje opknapt hawwe yn opdracht fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje.

Ek yn syn eigen húshâlding kriget Bren gjin rêst. Jase Graham, de jonge skips-paidhi dy't (úteinlik) as in soarte fan ambassadeur fan 'e Phoenix mank de atevi funksjonearje moat, hat grutte swierrichheden om him oan te passen oan sawol de kultuer fan 'e atevi as oan it libben op it planeetoerflak. Sinneljocht, rein, wyn, tonger en wjerljocht, in iepen loft boppe syn holle en in bolle hoarizon binne allegear nij foar Jase, dy't opgroeid is op in romteskip dêr't gjin waar of dei en nacht bestie en dêr't it ljocht altyd deselde sterkte hie en yn lange gongen de hoarizon, as men dêr al fan sprekke kin, hol wie ynstee fan bol. Dêrby komt noch dat er de drege taal fan 'e atevi oanleare moat om him yn harren kultuer steande hâlde te kinnen. Fan it begjin ôf oan wie dúdlik dat Jase Bren net alhiel fertroude, en in healjier fan wat feitliks delkomt op finzenskip yn Bren syn appartemint (om't Jase te kwetsber en te weardefol is om bleat te stellen oan eventuële oanfallen fan fijannen fan Tabini) hat dat neat better makke. Dy sitewaasje boazet noch oan as Jase fia Yolanda Mercheson berjocht kriget dat syn heit yn 'e Phoenix omkommen is by in ûngemak. Bren en syn liifwachten brekke harren de holle oer de fraach wêrom't de autoriteiten fan it skip Jase dêr net sels oer berjochte hawwe, mar Jase syn dwerse hâlding wurdt der wol troch ferklearre.

It appartemint dêr't Bren en Jase ferbliuwe, yn it Bu-javid, it grutte regearingskompleks yn Shejidan, is eigendom fan 'e Atageini-clan, dêr't Tabini syn oarehelte Damiri ta heart. By in oanslach op Bren wie grutte skea tabrocht oan 'e porsleinene muorrereliëfs yn 'e brea-itenskeamer (sjoch: Invader), mar dat is no bymakke. Krekt nei it berjocht oer it ferstjerren fan Jase syn heit wurdt Bren sadwaande oansein dat Damiri har âldomke Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini, it appartemint besichtigje wol. Tatiseigi is in aartskonservative âldman, dy't alhiel neat op hat mei moderne technology of de minsken dy't sok spul by de atevi yntrodusearre hawwe. Hy is ek in langjierrich lid fan de opposysje, dy't it allegeduerigen tsjin it regear fan Tabini yn 'e kant set. In moeting mei omke Tatiseigi soe Bren sadwaande it leafst ûntrinne, mar de âldman hat oanjûn dat er ferwachtet om yn 'e kunde brocht te wurden mei de beide paidhiin dy't tsjin wil en tank al in healjier syn gasten binne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bren is twongen om Jase syn meiwurking foar de moeting mei Tatiseigi feilich te stellen mei it ûnthjit fan in fakânsje oan 'e kust, mei't Jase it him om 'e iene of oare reden ynienen yn 'e holle helle hat dat er de see sjen wol. Under de feestlike besichtiging fan it appartemint en de restaurearre brea-itenskeamer ferrint de moeting tusken Tatiseigi en de beide paidhiin stroef, hoewol't de âldman neitiid yn in fraachpetear foar de útnûge tillefyzjeploech liket te suggerearjen dat in mooglik takomstich houlik tusken syn âldomkesizzer Damiri en syn politike rivaal Tabini syn seine hat – wat in wiere ierdferskowing is yn 'e polityk fan 'e Westlike Assosjaasje. Oan 'e aiji-dûairiêre Ilisidi, de beppe fan Tabini, dy't dy jûns ek oanwêzich is, freget Bren help om syn ûnthjit foar in fakânsje oan see te ferwurklikjen, en Ilisidi seit dy help ta.

Sadwaande sette Bren en Jase in pear dagen letter mei Banichi, Jago, Tano en Algini ôf nei de kust, dêr't Ilisidi in ferbliuw yn it âlde kastiel fan Saduri regele hat. By oankomst docht bliken dat dat noch in moai eintsje fan 'e see ôf leit, mei as gefolch in lulke Jase. Boppedat mei it kastiel dan in monumint wêze, mar it is ek frijwol in ruïne, mei iepen finsters en sûnder ferwaarming, elektrisiteit of wetterlieding. Doe't Bren koartby mei it fleantúch fan 'e aiji nei Shejidan weromkearde fan in ynspeksjetocht by de ûnderskate fabriken fan 'e him ûntjouwenjde romtefeartyndustry fan 'e atevi lâns, feroarsake in ûnbedreaune jonge piloat yn in propellorfleantúch suver in botsing. Sûnt hat dy jongeman, de soan fan 'e hear fan Dur, dat in eilân foar de westkust fan it kontinint is, oanhâldend en op it ferfeelsume ôf besocht om mei Bren yn kontakt te kommen om syn ûntskuldigings oan te bieden. As dizze Rejiri no te Saduri opdûkt, begrypt eltsenien (behalven Jase) dat der mear oan 'e hân is as immen dy't allinne mar "it spyt my" sizze wol.

By de ûnderfreging fan Rejiri troch de aiji-dûairiêre komt Bren ta de ûntdekking dat neat is wat it liket. Deana Hanks, de reserve-paidhi en as sadanich Bren syn formele pleatsferfangster, dy't in healjier lyn ek al foar grutte swierrichheden mank de atevi soarge (sjoch: Invader) hat fia radiokommunikaasje fan Mospheira ôf de kustkriten yn grutte ûnstjoer brocht. Hanks is de dochter fan Gaylord Hanks, de lieder fan 'e Feriening foar Minsklik Erfskip, dy't efter de swierrichheden op Mospheira sit. Sy en har meistanners, mei harren radikale anty-atevi stânpunten, hawwe no in bûnsgenoatskip sletten mei harren wjerbyld mank de atevi, de anty-minsklike faksje om Direiso fan 'e Kadigidi hinne. Hanks skynt fan doel te wêzen om 'e seestrjitte oer te stekken en har by Direiso te jaan, om sa as alternatyf foar Tabini en Bren in twadde aiji-paidhi-kombinaasje te foarmjen. Bren beseft no dat Tabini en Ilisidi him en Jase tastien hawwe om nei de kust te gean sadat se as lokies tsjinje kinne foar de fijannen fan 'e aiji. Teffens fertrout Ilisidi him ta dat se it better achte om harren bûten it berik fan Tatiseigi te bringen, mei't se de oprjochtens fan 'e âldman net al tefolle op 'e proef stelle woe.

Op mecheiti, de tradisjonele ryddieren fan 'e atevi, set it selskip ôf út Saduri yn 'e rjochting fan Mogari-nai, it grutte kommunikaasjesintrum dat alle berjochten fan en nei sawol Mospheira as de Phoenix fersoarget. Mogari-nai wurdt rund troch it Koeriersgilde fan 'e atevi, en der binne no al ferskate kearen wichtige berjochten net of te let trochjûn. As der ûnderweis troch te kampearjen oernachte wurde moat, bringe Bren en syn froulike atevi-liifwacht Jago nei der moannenlang tsjinoan skytskoarre te hawwen, einlings en te'n lêsten harren gefoelens foarinoar yn 'e praktyk. Oankommen yn Mogari-nai makket Ilisidi dêr regaad, al hawwe de leden fan it Koeriersgilde dy't aktyf op 'e hân fan Direiso fan 'e Kadigidi wiene, tsjin dy tiid al sa ferstannich west om fan ruten te spyljen. Te Mogari-nai leit ek in steapel persoanlike post op Bren te wachtsjen, wêrûnder in berjocht fan syn broer dat harren mem in hertoperaasje ûndergien hat mar no wer oan 'e betterjende hân is.

It is op dat stuit dat Jase Graham einlings út 'e rie komt en beslút om Bren te fertrouwen. Hy bychtet dan op dat der neat mei syn heit is; it ferstjerren fan in nei famyljelid wie in yn 't foar ôfsprutsen koade foar it gefal dat hy of Yolanda ornearje soene dat de sitewaasje ûnwurksum waard en dat dyjinge besykje soe om 'e seestrjitte oer te stekken om him of har by de oare te jaan. Jase jout ta dat se tocht hiene dat às soks foarfalle soe, hý dejinge wêze soe dy't útpike moatte soe nei Mospheira, mar blykber wie de druk fan Hanks-en-dy op Yolanda se tanommen, dat sy it ûntferantwurde achte om noch langer op it eilân te bliuwen. Dat wie fansels ek de reden foar Jase syn heapsteapse belangstelling foar de see; hy woe dêrhinne om Yolanda op te wachtsjen. Dêropta bringt Jase no einlings en te'n lêsten oan it ljocht wêrom't Stani Ramirez en de oare kapteins fan 'e Phoenix sa mei oandriuw ynsette op 'e ûntwikkeling fan in romtefeartprogramma foar sawol Mospheira as de atevi: ûnder syn lange ôfwêzigens hat de Phoenix it oan 'e stôk krigen mei in oare soarte bûtenierdske wêzens, en Ramirez-en-dy binne bang dat dy harren nei de Ierde fan 'e atevi ta folgje sille.

Net ien dy't bliid is om dat stikje skokkend nijs te fernimmen, mar it hat gjin ynfloed op 'e swierrichheden dêr't men op it stuit mei ôfweve moat. Ilisidi stjoert de jonge Rejiri mei Nawari, ien fan har liifwachten, nei hûs, om syn heit, de hear fan Dur, fan 'e problemen mei Hanks en Direiso op 'e hichte te stellen. Teffens moat der útsjoen wurde nei Yolanda Mercheson, dy't, sa is de frees, wolris besykje kinne soe om yn in lyts boatsje de smelle, mar fanwegen de sterke seestreaming tige gefaarlike seestrjitte tusken Mospheira en it fêstelân yn oer te stekken. De barrens komme yn in streamfersnelling as Ilisidi, Bren en Jase har mei harren respektivelike liifwachten op mecheiti nei it stedsje Saduri bejouwe en ûnderweis besketten wurde troch oanhingers fan Direiso. De befolking fan Saduri, dy't bestiet út etnyske Gan, is lykwols op 'e hân fan Tabini en de aiji-dûairiêre, en as Ilisidi bekendmeitsje lit wat der geande is, sette pleatslike fiskers en de rûnfeartboaten fan Misteilân Toers nettsjinsteande it minne waar ôf út 'e haven om 'e see ôf te sykjen nei Hanks en Mercheson.

Sels geane Ilisidi, Bren en Jase oan board fan it jacht fan hear Geigi, dy't oan 'e súdkant fan 'e Onondisibaai in bûtenpleats hat en dêrwei oerfearn is mei ferskaten fan syn buorlju dy't oer soartgelikense jachten beskikke. Se sette ôf nei in strân deunby Saduri dêr't, sa't eltsenien oan 'e kust wit, troch de sterke streaming alles oanspielt dat op Mospheira yn 'e see smiten is. Ear't se dêr oankomme, wurde se fan it lân ôf ûnder fjoer nommen troch Direiso-en-dy, mei as gefolch dat Geigi syn roerman it sinkende jacht oan 'e grûn sette moat en de opfarrenden in nuodlike lâning op it strân meitsje moatte wylst harren fijannen fan 'e kliffen ôf sjitte en harren bûnsgenoaten op 'e oare jachten en de fiskersboaten fierder op 'e see it fjoer beäntwurdzje. It docht bliken dat Hanks krekt op itselde strân oankommen is, en dat Direiso-en-dy dêrom harren hiele legermacht dêr konsintrearre hawwe. By it folgjende fjoergefjocht op it strân wurde Bren en Ilisidi-en-dy fêstset efter lege rotsen dy't mar kwealk beskûl biede, oant de Dur-eilânske fearboat himsels fêstraamt yn it strân en de jonge Rejiri ôfset, dy't weromkeard is mei syn heit, de hear fan Dur, en in grut tal swierbewapene ûnderhearrigen. As Direiso en Hanks besykje en meitsje harren út 'e fuotten mei in frachtwein, rinne se by Saduri yn in mûklaach fan 'e liifwachten fan omke Tatiseigi, wêrby't se allebeide omkomme.

As it ljocht wurdt, eaget Bren it strân oer, dêr't wol in fjildslach útfochten wêze koe, mei liken hjir en dêr en twa healsonken jachten foar de kust. Grut is syn ferheardens as dêr it syljacht fan syn broer Toby tuskentroch glidet, dat as opfarrenden net allinnich syn broer en dy syn gesin blykt te hawwen, mar ek Shawn Tyers en syn gesin, Sandra Johnson en Yolanda Mercheson. Inheritor einiget mei in epilooch dy't in pear wike letter spilet. De rêst is werkeard op 'e Ierde fan 'e atevi. De rebûlje mank de atevi-opposysje is dan nei it sneuveljen fan Direiso en it oerrinnen fan Tatiseigi in stille dea stoarn, wylst op Mospheira de ynfloed fan 'e Feriening foar Minsklik Erfskip in stik beheind is en oanhâldend fierder belunet. De minsklike befolking fan it eilân is net sjarmearre fan it idee dat it ûnferantwurde hâlden en dragen fan 'e Feriening suver in oarloch feroarsake hat, en boppedat hat de aiji no ynset op nauwere ekonomyske gearwurking, mei as gefolch dat in protte gewoane lju op Mospheira tenei yn har beurs rekke wurde sille as de ideeën fan 'e Feriening wer oanhing krije. It romtefeartprogramma giet ûnderwilens fluch foarút. It bestean fan 'e bûtenierdsen dêr't de Phoenix deilis mei rekke is, wurdt geheim holden foar sawol de befolking fan Mospheira as foar de gewoane atevi. Inkeld yn 'e fermiddens fan 'e lieders fan 'e planeet is bekend wêrom't it falen fan it romtefeartprogramma no gjin opsje mear is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence