Invader (roman fan C.J. Cherryh)
Invader | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1995, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Foreigner | |
● folgjend diel | Inheritor | |
kodearring | ||
ISBN | 0 88 67 76 872 |
Invader is it twadde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ynfaller". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Invader ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 1995, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Michael Whelan. Invader wie, krektlyk as Foreigner, it foargeande diel yn 'e searje, tige súksesfol. Yn 1996 waard Foreigner nominearre foar in Locus Award yn 'e kategory bêste science fiction-roman.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it foargeande diel fan 'e searje, Foreigner, kearde it minsklike romteskip de Phoenix nei in ôfwêzigens fan krapoan twahûndert jier ynienen werom by de Ierde fan 'e atevi, wat de haadpersoan Bren Cameron djip yn 'e swierrichheden brocht om't de atevi in gearspanning fermoeden tusken it skip en it regear fan it eilân Mospheira, de minsklike koloanje op it planeetoerflak. Bren is de paidhi (tolk), in minsklike oerheidsfunksjonaris dy't as iennichste op it fêstelân ferbliuwe en kontakt mei de atevi hawwe mei, nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen ta in oarloch tusken minsken en atevi laten dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet.
Bren ûntkaam net alhiel ûnskansearre oan syn konfrontaasje mei atevi-rebellen yn Foreigner, en Invader iepenet as er nei in operaasje oan syn skouder en earm troch minsklike dokters op Mospheira halje-trawalje weromroppen wurdt nei it fêstelân. Yn it Bu-javid, it regearingskompleks yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje (de grutste en ynfloedrykste atevi-steat), wurdt er ta syn skrik ûnderbrocht yn 'e residinsje fan 'e Atageini-clan, as gast fan frouwe Damiri, de oarehelte fan Tabini, de aiji (hearsker) oer de Westlike Assosjaasje. Syn eardere appartemint by de tunen wurdt no nammentlik fierstenste ûnfeilich foar him achte. De atevi, en yn 't bysûnder Tabini en it regear fan 'e Westlike Assosjaasje, binne nammentlik tige ûntrêstge oer wat se opfange fan 'e kommunikaasje tusken de Phoenix en Mospheira. Mei earm en skouder yn it gips moat Bren dy petearen foar harren oersette en ynterpretearje. Wat de atevi net begripe, is dat de bemanning fan it skip en de foarâlden fan 'e kolonisten mei slimme deilisskip útinoar gien binne, en dat der op Mospheira noch altyd in grutte wjersin hearsket tsjin 'e diktaten fan 'e skipskapteins (en yn it ferlingde dêrfan tsjin it hiele skip). De befolking fan Mospheira fielt him folle mear besibbe mei de oare planeetbewenners, de atevi, as mei de romtefarders, ek al binne dy fan harren eigen ras.
It skip, oan 'e oare kant, hie ferwachte om by de Ierde fan 'e atevi in aktyf romtestasjon oan te treffen, en grut wie dan ek de ferheardens doe't by oankomst bliken die dat de kolonisten it stasjon hast twahûndert jier earder ûnbeheard efterlitten hiene om har yn eigenboude kapsules oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje te litten. No wol it skip it stasjon sa gau mooglik wer operasjoneel hawwe, mar dêrta is ferlet fan wurkkrêften, dy't inkeld fan 'e planeet komme kinne. It probleem is dat noch Mospheira, noch de atevi beskikke oer de lansearkapasiteit dy't minsken en/of atevi yn in baan om 'e ierde bringe kin. Dêrom wol de lieding fan it skip dat Mospheira sa fluch mooglik oan in romtefeartprogramma begjint. Op dat punt beseft Bren dat er yngripe moat, om't de kâns bestiet dat Mospheira en de Phoenix oars de atevi bûtenslute, wat it hiele soarchfâldich opboude lykwicht tusken minsken en atevi ferrinnewearje soe. Mei goedkarring fan 'e aiji nimt er dêrom kontakt op mei Stani Ramirez, de haadkaptein fan 'e Phoenix, dy't er útleit dat it eilân Mospheira net oer de nedige grûnstoffen beskikt om in romtefeartprogramma ta útfiering te bringen, en dat er dêrom mar better mei de atevi ûnderhannelje kin.
Dy aksje wurdt Bren troch syn eigen regear op Mospheira net yn tank ôfnommen. Syn kommunikaasje mei it eilân wurdt ôfsnien, mar net foar't er ûntdutsen hat dat syn mem, syn broer Toby en dy syn gesin en syn eardere ferloofde Barb Letterman te krijen hawwe mei gefallen fan stalking troch lju dy't miene dat Bren de minsklike saak ferret hat. Dêropta hat Bren ek mei swierrichheden op it priveeflak te krijen. Hoewol't er koarby beseft hat dat er net wier fan Barb hâldt, komt it him dochs rou op 'e lea as er har boadskip kriget dat se mei in oar troud is. Yn lettere kommunikaasje jout se lykwols oan dat se spyt hat fan har hastige beslissing, en hat se it deroer om fan har hjoeddeiske man te skieden om it fannijs mei Bren oan te lizzen. Dêr sjocht Bren lykwols neat yn, temear om't er him oanlutsen fielt ta Jago, ien fan syn atevi-liifwachten, dy't al of net itselde soarte gefoelens foar him koesteret, en mei wa't er datoangeande in opienfolging fan betiizjende synjalen útwikselet.
Swierrichheden fan in hiel oar kaliber hat Bren mei Deana Hanks, de reserve-paidhi, dy't troch it regear fan Mospheira nei Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, ta stjoerd wie ûnder Bren syn ferbliuw yn Malguri (sjoch: Foreigner), om't men op Mospheira bang wie dat hy dea wie. No't Bren werom is, wegeret Hanks lykwols nei hûs te gean, ek al kin der neffens de ferdraggen tusken minsken en atevi mar ien paidhi wêze. Slimmer noch, yn har opstelling wurdt hja stipe troch in wichtich diel fan it regear fan Mospheira. Hanks is in fertsjintwurdiger fan 'e Feriening foar Minsklik Erfskip, in aartskonservative en gefaarlike beweging op Mospheira dy't der radikale anty-atevi tinkbylden op neihâldt. En op it fêstelân leit hja kontakt mei atevi-rebellen mei soartgelikense anty-minsklike ideeën, mei wa't se mienskiplike fijannen fynt yn Tabini-aiji en Bren sels.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dat it de atevi-rebellen mienen is, docht bliken as it Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi min ofte mear de wet hanthavenet, in oanjefte fan foarnimmen ôfwiist om Bren te fermoardzjen. De rebellen litte har dêrtroch lykwols net tsjinhâlde, en Bren wit yn 'e tashrid, it hegerhûs fan it atevi-parlemint, mar nauwerneed oan in moardoanslach troch ien fan 'e leden te ûntkommen. Hanks hat ûnderwilens flugger-as-ljochtreizgjen neamd yn 'e omgong mei hear Geigi, in lid fan 'e atevi-opposysje. Dat is in konsept dat Bren en alle paidhiin foar him mei opsetsin stilholden hiene, fanwegen de fiksaasje fan 'e atevi op sifers. Lykas ferwachte smyt it paradoksale idee dat eat flugger as it ljocht gean kin, de besifering dy't de atevi fan it hielal makke hawwe, danich yn 'e war. Dat is net in bysaak, want om't de hiele atevi-kultuer op in fûnemint fan nûmerology boud is, beseft Bren dat de kâns op ynstoarting fan dy kultuer net tinkbyldich is. Dêrom bewissiget er Geigi derfan dat er der alles oan dwaan sil om op dit mêd klearrichheid te ferskaffen.
Op oanrieden fan Banichi, ien fan syn liifwachten, reizget Bren nei in observatoarium yn 'e Bergid-bergen, dêr't nei't it skynt in ferneamd astronoom tahâldt. Hy hopet dat dy persoan flugger-as-ljochtreizgjen yn oerienstimming bringe kin mei de besteande atevi-nûmerology. It docht bliken dat Grigiji, dy't bekendstiet as de emearitus-astronoom, in eksintrike âldman is, mar ek geniale wittenskipper, dy't mei in wiskundige útlis op 'e lapen komt dêr't Bren net folle fan neikomme kin. Werom yn it Bu-javid, it regearingskompleks yn Shejidan, langet er de útkomsten oer oan Geigi, Tabini en oan Ilisidi, Tabini syn beppe, dy't sels ek diel útmakket fan 'e opposysje, om it troch de wiskundigen yn harren respektivelike stêven neirekkenje te litten. Ilisidi, mei wa't Bren sûnt de foarfallen yn Foreigner in hoaske relaasje opboud hat, fermoedet lykwols it materiaal fan Grigiji eins it wurk is fan minsklike saakkundigen op Mospheira, en dat Bren har besiket te manipulearjen. It gefolch is dat se har gedoente mei him beëiniget, en Bren wit net wat er dwaan kin om 'e tabrochte skea oan harren relaasje te reparearjen.
Bren besiket ek mei Hanks te riddenearjen en mient op in stuit dat er har safier hat dat er mei har gearwurkje kin, oant se by in gewelddiedige aksje út it Bu-javid ûntfierd wurdt. Frijwol tagelyk wurdt der in nije oanslach op Bren sels dien, wêrby't ta lulkens fan frouwe Damiri grutte skea tabrocht wurdt oan 'e iuwenâlde porsleinene muorrereliëfs yn 'e Atageini-residinsje. Underwilens hat Tabini yn 'e ûnderhannelings mei kaptein Ramirez foarsteld dat de Phoenix in eigen paidhi nei Shejidan ta stjoere kin. Ramirez wiist dêrfoar Jase Graham oan, mei wa't Bren de folgjende dagen ferskate kearen kontakt hat. Om't de Phoenix net oer fiertugen beskikt dy't yn 'e atmosfear fan 'e planeet fleane kinne, sille Graham en Yolanda Mercheson, dy't troch Ramirez as paidhi nei Mospheira ta stjoerd wurdt, harren yn in twahûndert jier âlde oerstallige en dêrom yn it romtstasjon efterbleaune kapsule fan 'e oarspronklike kolonisten fan Mospheira oan in parasjute nei it ierdoerflak sakje litte. Krekt as út eardere aksjes sprekt dêrút op 'e nij in haast fan kaptein Ramirez dy't Bren net begrypt (mar wêrfoar't de redens fierderop yn 'e romanrige oan it ljocht komme sille).
It ferhaal berikt syn klimaks as de kapsule mei dêryn Jase en Yolanda lânje sil yn 'e wyldernis om 'e bûtenpleats fan 'e aiji yn Taiben hinne, dêr't se troch Bren en de aiji sels opwachte wurde. Tsjin dy tiid hat út opfongen radiokommunikaasje tusken Hanks en har stipers op Mospheira bliken dien dat Hanks sels aktyf meiwurke hat oan har 'ûntfiering' út it Bu-javid, en dat se har no by de atevi-rebellen jûn hat. Yn in deunby lein fakânsjeresort ferspriede de rebellen it nijs fan 'e oankommende lâning, mei as gefolch dat hûnderten toeristen Taiben ynkringe om in glimp fan it histoaryske barren op te fangen. De bedoeling is fansels dat dat it foar de rebellen sels makliker makket om har yn Taiben te bejaan, mei't se har foardwaan kinne as toeristen. Oarsom is it foar de befeiliging fan 'e aiji en Bren syn liifwachten folle dreger om ûnskuldige nijsgjirrigen fan wapene tsjinstanners te ûnderskieden.
Te neare nacht reitsje Bren en syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini yn 'e wyldernis yn in fjoergefjocht ferwikkele en wurde se yn it nau brocht troch in boskbrân dy't feroarsake is troch it gebrûk fan swiere eksplosiven troch de tsjinpartij. Hja wurde lykwols rêden troch Ilidisi en Geigi, dy't troch harren eigen saakkundigen bewissige binne fan 'e wierheid fan Grigiji syn berekkenings, en Bren-en-dy op mecheiti (de tradisjonele ryddieren fan 'e atevi) te help komme. Geigi hat boppedat Hanks by him, dy't hy, as lid fan 'e opposysje, op eigen manneboet oan 'e beskerming fan 'e rebellen ûntskuord en finzen nommen hat. Invader einiget mei de oankomst fan 'e beide ferdwaasde romtefarders op it planeetoerflak, dêr't se ferwolkomme wurde troch in smoarge en lichtlik skansearre Bren, in groep atevi op mecheiti en neieroankommende boskbrân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
De Foreigner-searje | |
---|---|
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence |