Foreigner (roman fan C.J. Cherryh)
Foreigner | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1994, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | ― (1e diel) | |
● folgjend diel | Invader | |
kodearring | ||
ISBN | 0 88 67 76 376 |
Foreigner is it earste diel fan 'e lyknammige Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut "Frjemdling", en it boek hat as ûndertitel A Novel of First Contact, "In Roman fan in Earste Kontakt" (d.w.s. tusken minsken en bûtenierdske wêzens). It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en dy't ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat.
Foreigner waard foar it earst publisearre yn 1994, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Michael Whelan. De roman wie tige súksesfol en joech oanlieding ta in searje boeken dêr't mear as tweintich jier letter, anno 2016, noch altyd nije dielen fan ferskine. Yn 1995 waard Foreigner nominearre foar in Locus Award yn 'e kategory bêste science fiction-roman. Foreigner wykt ôf fan 'e rest fan 'e romansearje troch syn opdieling yn trije parten. Dêrby wurdt yn Part 1 en Part 2 yn sechstich siden koart de eftergrûn fan 'e hiele rige sketst, en giet it wiere ferhaal fan start yn Part 3.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Part 1
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foreigner spilet as yn 'e takomst flugger-as-ljochtreizgjen útfûn is en de minskheid it fermogen dêrta brûkt om fiere planeten te kolonisearjen en romtestasjons te bouwen op plakken dêr't kostbere grûnstoffen te finen binne yn asteroïdegurdlen. It boek set útein mei in koart foarspul, wêryn't beskreaun wurdt hoe't in minsklik romteskip, de Phoenix, ôfset fan 'e Ierde, mei oan board in grutte mannichte kolonisten en alle foarrieden dy't hja nedich binne om fier fuort yn 'e romte in stasjon te bouwen. Under it flugger-as-ljochtreizgjen giet der by in sprong troch de hyperromte lykwols wat mis. Ynstee dat de Phoenix op syn bestimming út 'e hyperromte komt, duorret de sprong mar fuort, oant Taylor, de piloat, dy't troch syn ymplantaten direkt mei de skipskompjûter yn ferbining stiet en sadwaande de iennichste is dy't beseft dat der wat mis giet, it skip mei grutte muoite hânmjittich yn 'e reële romte weromfalle lit.
Dan docht bliken dat de Phoenix fier fan syn koerts ôfrekke is. It skip is bedarre yn in ûnbekend diel fan it Molkewei, en de bemanning kin dêr gjin inkele bekende stjer ûntdekke. Boppedat is it skip sûnder brânstof oanbelâne yn in sinnestelsel fan in binêre stjer, dy't sa'n radio-aktive strieling ôfsmyt dat de kolonisten en bemanningsleden dy't dêr mei mynwurkersfartugen (bedoeld foar in folle freonliker miljeu) branje winne moatte út asteroïden, der krepearje as rotten. As der nei in pear jier einlings en te'n lêsten genôch branje wûn is om 'e Phoenix op 'e nij flugger-as-ljocht reizgje te litten, springt it skip nei it earste it bêste geunstich útsjende sinnestelsel ta, mei in griene, fruchtbere wrâld.
Part 2
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oankommen by dy gâns ûntjittende planeet docht lykwols bliken dat dy al in yntelliginte libbensfoarm hat, nammentlik de atevi, in ras fan mânske swarthûdige humanoïde wêzens dy't mei kop en skouders útstekke boppe de langste minske. Omtrint de tiid dat de Phoenix by harren wrâld arrivearret, hawwe de atevi kwa technology krekt it steamtiidrek berikt. De minsklike kolonisten bouwe yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi in romtestasjon, dat se Alpha neame. It is de bedoeling fan 'e skipsbemanning om yn dit sinnestelsel nije branje yn te nimmen en dan wer ôf te setten, op 'e siik nei in bekend diel fan it hielal en de minsklike Ierde, mar de kolonisten hawwe tsjin dy tiid har nocht. Sy sjogge in prima wrâld rjocht ûnder harren, en wegerje dy te ferlitten. Nei 120 jier komt it ta in brek tusken de kolonisten en de skipsbemanning, dy't dermei einiget dat de Phoenix sûnder de kolonisten ôfset, wylst de kolonisten it stasjon Alpha ôfslute en har oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje litte.
It earste kontakt tusken de minsken en de atevi ferrint hommels, mar posityf. Ferskate jierren geane foarby ear't spannings feroarsake troch wjerssidige kulturele misferstannen abrupt ta útbarsting komme yn 'e Oarloch fan 'e Lâning. Hoewol't de minsken folle bettere wapens hawwe, binne de atevi folle fûleindiger yn 'e striid en hawwe se boppedat in grutte nûmerike mearderheid. Krekt foar't de striid útrinne kin op in genoside, wurdt der in frede bewurkmastere. Dêrby steane de atevi it eilân Mospheira ôf oan 'e minsken, en wurde alle atevi-bewenners dêrwei evakuëarre. Dêr stiet foaroer dat de minsken harren technology mei de atevi diele moatte en har net mear op it fêstelân bejaan meie, oan 'e oare kant fan in smelle seestrjitte. It iennichste kontakt tusken Mospheira en de Westlike Assosjaasje (de wichtichste atevi-steat) wurdt tenei ûnderholden troch ien minske, de paidhi, in atevi-term dy't tolk en oersetter betsjut.
Part 3
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Part 3 springt it ferhaal twahûndert jier foarút yn 'e tiid. De kolonisten op Mospheira (dy't no in pear miljoen sielen telle), libje noflik op harren eilân dêr't neat of nimmen harren steurt, en wurde folslein yn beslach nommen troch har eigen beslommerings. Troch de stadige mar oanhâldende oerdracht fan technologyske ynformaasje is de maatskippij fan 'e atevi no hast like fier ûntwikkele as dy fan 'e minsken, wylst de atevi op guon terreinen eigen útfinings dien en de minsken foarbystribbe hawwe. De jonge paidhi Bren Cameron is no in pear jier op syn post, en hâldt him benammen dwaande mei it byhâlden fan it wurdboek fan 'e atevi-taal en it ôfremjen fan ûntwikkelings dy't de atevi en de wrâld as gehiel mear skea as goed dwaan kinne, lykas de ûntwikkeling fan in netwurk fan ferhurde wegen dat it opbrûken fan fossile brânstoffen mooglik meitsje en ta in broeikaseffekt liede soe. Alles liket kalm en freedsum syn gong te gean. Tsjin dy eftergrûn set it eigentlike ferhaal fan Foreigner útein.
It is op in neare simmernacht dat in ûnbekende troch de iepensteande túndoar Bren syn appartemint yn it Bu-javid, it ûnbidich grutte regearingskompleks yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, binnenkringt. Om't de kultuer fan 'e atevi tige oan wet en oarder hechtet, wit Bren, dy't fan 'e waarmte net sliepe kin, daliks dat it immen wêze moat dy't him wat oandwaan wol. Mei it pistoal dat Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje, him koart tefoaren om ûnferklearbere redens jûn hat, sjit er twaris op 'e ynkringer, dy't him ferwûne út 'e fuotten makket. De leden fan it Slûpmoardnersgilde, dy't mank de atevi de wet hanthavenje, stoarmje daliks it fertrek binnen om Bren te befeiligjen, mar mei dit iene foarfal komt Bren yn in delgeande twirre fan ûnwissichheid en swierrichheden telâne.
Yn it foarste plak is it de paidhi ûnder de kêsten fan it ferdrach dat in ein makke oan 'e Oarloch fan 'e Lâning strang ferbean om in fjoerwapen yn besit te hawwen. Banichi, in lid fan it Slûpmoardnersgilde dy't heech yn 'e tsjinst fan Tabini stiet, lit it brûkte pistoal ferdwine en jout Bren opdracht om te sizzen dat hy (Banichi) it wie dy't sketten hat. Mar de ynkringer, dy't ûnder dekking fan it einlings losbarsten swierwaar oan 'e befeiliging fan it Bu-javid ûntkommen is, wit fansels hoe't it wier om en ta gien is. Hoewol't er de oare deis de tried fan syn normale libben wer besiket op te pakken, hat de mislearre oanfal almar oanboazjende reperkusjes foar Bren. Sa kriget er te meitsjen mei de grizelich gefaarlike befeiligingsmaatregels dy't it Slûpmoardnersgilde yn syn appartemint oanbringt, en wurde syn fertroude tsjinners ferfongen troch Tano en Algini, twa noartsk oandwaande lju dy't fergunninghâldende slûpmoardners binne. Koarte tiid letter docht syn tillefyzje it net mear, wurdt syn post wei en bedarret er yn in folslein ynformaasjefakuum.
Dan beslist Tabini, de aiji, ynienen dat it foar Bren syn feilichheid de baas is as er in skoftke trochbringt te Malguri, fier beëasten de hege Bergid-bergen dy't it westlike part fan it wichtichste kontinint fan 'e wrâld fan 'e atevi skiede fan it easten. Yn it Midsiuwske kastiel Malguri sil Bren te gast wêze by Tabini syn beppe, de âlde aiji-dûairiêre Ilisidi, in slûchslim politika mei in ûnmeilydsume reputaasje dy't ta Tabini syn politike tsjinstanners heart. Dit stiet Bren hielendal net oan, nammenste mear om't gjin inkele minske ea beëasten de bergen west hat, mar Tabini wol fan gjin tsjinakseljen witte, dat mei Banichi en dy syn (froulike) partner Jago as liifwachten, en dêropta Tano en Algini, wurdt Bren op it fleantúch nei Malguri setten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Bren syn earste yndruk fan Malguri is dy fan in oerâld kastiel mei folslein ferâldere fasiliteiten dat op in hap-snap-manier modernisearre is, bygelyks troch de oanlis fan elektrisiteitsbekeabeling en ierdgasliedings, wêrby't de brângefaarlikens dan wer net bepaald yn omtinken nommen is. De suite dêr't er yn húsfêste wurdt, is lykwols yn in prachtige steat beholden, mei meubulêr en oare dielen fan 'e húsrie dy't klearebare museumstikken binne. Hoewol't Bren yn Malguri troch de stêf gastfrij ûnthelle wurdt, is syn post noch altyd net terjochte. Tillefyzje hat men yn it kastiel noch nea fan heard, en as de stekker fan 'e oplader fan syn kompjûter net kompatibel blykt te wêzen mei de pleatslike stopkontakten, is it ûnmooglik om in adaptor te besetten. Oan syn hieltyd swijsumer liifwachten hat Bren datoangeande alhiel neat. Syn earste moeting mei Ilisidi en har haad befeiliging Cenedi oerlibbet Bren mar te nauwerneed, om't blykber net ien oan syn gastfrouwe dúdlik makke hat dat de alkaloïden dy't krûdetee foar atevi inkeld in lekker smaakje jouwe, foar minsken giftich binne. Nei't er wer opbettere is, nei him in pear dagen de longen út it liif koarre te hawwen, nimt Ilisidi him mei út te riden op mecheiti, de tradisjonele (reuseftige) ryddieren fan 'e atevi, wat foar Bren in eang aventoer opsmyt.
As er nei ferrin fan tiid by Cenedi ûntbean wurdt, giet Bren dêr hinne om't er gjin oare kar hat, mar mei in aardich idee fan wat him te wachtsjen stiet. Cenedi leit him út dat guon lju dêr't Ilisidi mei assosjearre is, der belang by hawwe om Bren yn 'e hannen te krijen. Net ien dy't wol dat it safier komt, dat as Bren no gewoan oan Cenedi fertelt wat men fan him witte wol, dan komt it allegear wol goed. De fragen dy't dêrop folgje draaie om it sjitynsidint yn Bren syn appartemint. Cenedi wit blykber dat Bren it pistoal fan Tabini krigen hie, en hy wol dat Bren dat tajout, mooglik om't de ynformaasje dat Tabini op sa'n earnstige wize tsjin it fredesferdrach mei de minsken yngien is, it regear fan Tabini ûnder fuotten helje kin. It leit yn 'e rekken dat Ilisidi har beppesizzer dan opfolgje sil as aiji fan 'e Westlike Assosjaasje.
Bren ornearret dat dy gong fan saken net goed foar de minsken op Mospheira wêze soe, en hâldt by heech en by leech fol dat it Banichi wie dy't sketten hat en dat Tabini him gjin pistoal jûn hat. Uteinlik brekt Cenedi it petear ôf en wurdt Bren yn in pynlike hâlding yn keatlings fêstset yn in tsjerker fan Malguri, om dêr nochris ûnderfrege te wurden, diskear troch in ûnbekende ateva. Op in stuit wurdt him dêrby de loop fan in pistoal tsjin 'e holle oan set en tinkt er dat syn lêste oere slein hat. Letter komt er ta it pynlike besef dat er op doe gjin momint oan syn ferloofde Barb Letterman, op Mospheira, tocht hat. Nei in nacht yn pine en pinigjende ûnwissichheid trochbrocht te hawwen, wurdt er de oare deis by Ilisidi brocht. Dan komt einlings de aap út 'e mouwe, en dat is ien dy't Bren yn gjin tûzen jier ferwachte hie: acht dagen lyn is nei krapoan twahûndert jier ôfwêzichheid it romteskip de Phoenix weromkeard yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi.
Ynienen begrypt Bren persiis wat der bard is. De atevi fermoedzje in gearspanning tusken de minsken op Mospheira en dy yn it skip. Radikalere eleminten mank de atevi hawwe dêrop it rjocht yn eigen hân nommen en besocht de paidhi, de iennichste minske dy't foar harren berikber is, te fermoardzjen. Tabini moat dy reäksje ferwachte en dêrom Bren foar selsferdigening in pistoal taparte hawwe. De stikkene tillefyzje, de weiwurden post, de kompjûter dy't net opladen wurde koe: allegear bedoeld om it nijs oer de oankomst fan it skip oan Bren te ûnthâlden. Mar koe Tabini wol fan Bren op oan? Tabini wist krekt genôch fan 'e minsklike psychology ôf om te beseffen dat er der te min fan ôfwist om in ynskatting oer Bren syn betrouberens te meitsjen. Dêrom stjoerde er him nei syn beppe Ilisidi ta, dy't dochs al in neat te positive hâlding foar minsken oer hie, sadat dy op dit mêd har eigen ynskatting meitsje koe.
It spul komt no yn in streamfersnelling telâne. It slagget Bren om Ilisidi te oertsjûgjen fan sawol de goede bedoelings fan Tabini as fan it oprjochte hanneljen fan it minsklike regear fan Mospheira. Om't anty-minsklike rebellen de wei nei Malguri ôfsletten hawwe, flechtet Ilisidi mei Cenedi en har oare liifwachten en Bren, Banichi en Jago op mecheiti troch it wylde berchlân yn 'e rjochting fan Wigairiin, dêr't in lyts fleanfjild is. Tano en Algini sette ûnderwilens ôf om 'e efterfolgers sa lang mooglik op te hâlden. Underweis wurde der bommen út fleantugen nei it selskip fan Ilisidi smiten, dêr't deaden by falle. Letter rekket Banichi by in gefjocht mei de efterfolgers ferwûne oan 'e skonk. As Bren foar it ferstân kriget dat Ilisidi en sels Jago Banichi efterlitte wolle, bejout er him (yn in minsklike reäksje) ûnder fjoer om Banichi te rêden, in aksje dy't rjocht tsjin it ynstinkt fan 'e atevi yngiet, en dêr't er Jago, Cenedi en sels Banichi poerlulk mei makket om't se syn dwaan gewoan net begripe kinne.
Oankommen yn Wigairiin docht bliken dat it fleanfjild beset is troch de rebellen. By in nachtlik fjoergefjocht rekket Bren de oare leden fan syn selskip kwyt. Hy ferskûlet him oant de oare deis ûnder in âld branjetank, mar as de rebellen Ilisidi finzennommen hawwe en har yn syn folle sicht drige dea te sjitten as Cenedi net seit wêr't er de paidhi ferburgen hat (wat Cenedi net fertelle kin om't dy net wit wêr't Bren him beskûl hâldt), beslút Bren dat er gjin oare kar hat as om himsels oer te jaan. De rebellen slane him oant er de tagongskoades fan syn kompjûter opjout, mar hy wit harren foar it lapke te hâlden, sadat se sûnder erch eigenhandich in befeiligingsmeganisme op syn kompjûter yn wurking stelle. De rebellen beslute dan dat se harren finzenen oerdrage sille oan harren lieders, en lade se dêrta yn in wachtsjend fleantúch. Yn datseldichste fleantúch lizze Banichi, Jago en guon ûnderhearrigen fan Cenedi de rebellen op te wachtsjen, mei as gefolch in folslein ûnferwachtse eksploazje fan geweld. Suver ear't Bren trochhat wat der bart, binne de rebellen dea of útskeakele. Under de flecht werom nei Shejidan nimt Bren foar it earst yn mear as wike kontakt op mei syn wurkjouwers yn Mospheira, oan wa't er it boadskip trochjout dat de atevi ynspraak hawwe wolle yn alle kommunikaasje tusken de Phoenix en de minsklike autoriteiten op it planeetoerflak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
De Foreigner-searje | |
---|---|
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence |