Tracker (roman)
Tracker | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2015, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Peacemaker | |
● folgjend diel | Visitor | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 09 098 |
Tracker is it sechstjinde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Paadfiner". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Tracker ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2015, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Tracker tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat foarôf gie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tacker spilet likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.
Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini wer oan 'e macht brocht waard. Neitiid holden de swierrichheden dy't fuortkamen út 'e steatsgreep Bren lange tiid oan it wurk.
Nei in lytse rebûlje yn it Easten (sjoch: Deliverer), drige der in iepen oarloch mei de Súdlike Assosjaasje fan 'e Marid, dy't Bren op it nipperke ôfkeare koe (sjoch: Deceiver) troch in ferdrach te beävensearjen tusken Ilisidi en Machigi, de aiji fan 'e Marid. In oar probleem wie de opnimming yn 'e Westlike Assosjaasje fan 'e Edi en de Gan, de oarspronklike atevi-befolking fan it eilân Mospheira, dy't as ballingen op 'e kust fan it fêstelân libben sûnt harren eilân twahûndert jier lyn oan 'e minsken ôfstien wie (sjoch: Conspirator). Letter wiene der swierrichheden binnen de Ajuri-clan (sjoch: Intruder), de clan fan Tabini syn frou Damiri, en op 'e nij mei de Kadigidi, de clan fan 'e eardere usurpator Murini (sjoch: Protector). Dêrtroch kaam wer oan it ljocht dat it Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi sawol plysje as rjochterlike macht is, folslein ynfiltrearre wie troch de rebellen, mei as gefolch dat dêr wat oan dien wurde moast (sjoch: Peacemaker).
Tusken de bedriuwen waard Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini, njoggen jier, en dêrfoar waarden de minskebern fan it romtestasjon nei de ierde ta nûge, mei wa't Cajeiri op 'e weromreis fan Reunion gedoente mei krigen hie. It wie in polityk gefoelige set, mei't de bern Reunioners wiene, dy't troch de Mospheiranen mei wantrouwen besjoen waarden. Boppedat hie de populaasje fan Reunioner flechtlingen yn it romtestasjon sels ek sa syn ynterne politike swierrichheden, om't Louis Baines Braddock, de âlde stasjonmaster fan Reunion, noch libben en wol wie en besocht om op 'e nij oan 'e macht te kommen.
Tracker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tracker set útein as der einlings en te'n lêsten in pear wiken rêst en frede binne op 'e Ierde fan 'e atevi. Bren hat dy tiid trochbrocht mei in wolfertsjinne fakânsje op syn bûtenpleats Najida, oan 'e kust, yn it selskip fan syn freon Jase Graham, ien 'e kapteins fan it romteskip Phoenix, en de Cajeiri, de njoggenjierrige soan fan Tabini-aiji mei syn trije jonge minsklike gasten Gene, Artur en Irene. No binne de knyntsjedagen lykwols foarby. Jase Graham en de bern geane werom nei it romtestasjon, en Bren moat wer oan it wurk yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje. Ear't er ôfset, nimt Jase Bren yn fertrouwen oangeande beskate swierrichheden dy't yn it stasjon spylje, dêr't er earder Bren syn fakânsje net mei bedjerre wollen hie.
It giet om Mikas Tillington, de stasjonmaster fan 'e helte fan it stasjon dy't ûnder bestjoer fan Mospheira stiet, en dy syn foarynnommen hâlding foar sawol atevi as Reunioners oer, dy't al langere tiid foar problemen soarget. Boppedat stokelet de man tusken de Mospheiranen en de Reunioners en tusken de kapteins fan 'e Phoenix, en harket er alhiel net nei rie. No hat de man lykwols kaptein Josefa Sabin, dy't it befel hie oer de Phoenix doe't it skip de Reunioners nei it stasjon ta brocht, iepentlik beskuldige fan dûbelspul. Hy sjocht har skynber as in boaze genius dy't mei 5.000 Reunioner flechtlingen mei opsetsin besiket om de sitewaasje yn it stasjon te destabilisearjen om sa sels de macht gripe te kinnen. It binne bespotlike beskuldigings, mar Tillington is noch fierder gien, en hat sein dat de bannen tusken de Reunioner bern en Cajeiri mei sin ta stân brocht binne om in bûnsgenoatskip te smeien tusken de Reunioners en de atevi, dat Mospheira bûtenslút. Om't Cajeiri ûnder de hiele reis op 'e Phoenix ûnder it tafersjoch fan syn oerbeppe Ilisidi, de aiji-dûairiêre, stie, suggerearret Tillington dêrmei, mooglik ûnbewust, dat Ilisidi by dy gearspanning belutsen wie. Mank de atevi soe in man mei sa'n útspraak syn eigen deafûnis tekenene hawwe, dat it is fan it heechste belang dat Tillington út syn amt set wurdt foar't de aiji-dûairiêre formeel kennisnimme moat fan syn útspraken.
Sa hat Bren daliks al wer in nij probleem om him mei dwaande te hâlden. Hy wikselet oer dizze saak boadskippen út mei syn âlde baas Shawn Tyers, dy't no presidint fan Mospheira is, en drukt dyselde op it hert om Tillington sa fluch mooglik te ferfangen. Politike omtinkens op Mospheira soargje ta Bren syn frustraasje lykwols foar opûnthâld. Underwilens is yn 'e hasdrawad en de tashrid, de beide keamers fan it atevi-parlemint, einlings de wet oannommen dy't de opname fan 'e Edi en de Gan yn 'e Westlike Assosjaasje regelet. Fierders wol it Slûpmoardnersgilde, dat no folslein herfoarme is en funksjonearret sa't it yn gjin trije jier funksjonearre hat, graach in kantoar iepenje yn it romtestasjon, en yn it ramt fan 'e nije iepenheid wurdt besletten dat dat mar wêze moat. Bren bewurkmasteret dat er oer in pear wiken sels nei it romtestasjon sil, om 'e sitewaasje dêr yn eagenskou te nimmen nei oanlieding fan Tillington syn stokelderij. In groepke waarnimmers fan it Gilde kin dan mei him reizgje. Alles liket ûnder kontrôle, oant Bren op in jûn berjocht fan Jase ûntfangt dat der in ienhoarn waarnommen is, wat koade is foar de oankomst yn it sinnestelsel fan in romteskip fan 'e kyo. De oankomsttiid fan dat skip by de Ierde fan 'e atevi wurdt rûsd op fyftjin dagen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dat feroaret alles. Bren moat no sa fluch mooglik sjen dat er yn it romtestasjon komt, wat mei skreppen en skuorren oan it romtefear oer fiif dagen kin. Hy regelet mei Tabini dat Ilisidi en Cajeiri, dy't ek oanwêzich wiene by de earste moeting mei de kyo, mei him geane. Fierders geane fansels ek harren respektivelike liifwachten en tsjinners mei. Underwilens is de saak-Tillington no yn ien klap fan problematysk ta krityk wurden. Sadree't Tillington ûntdekt dat de kyo arrivearre binne, wat foar him geheim holden wie, wegeret er it bestjoer oer it romtestasjon dat om en om acht oeren yn 'e hannen fan 'e Mospheiranen en de atevi is, noch werom te jaan oan 'e atevi.
Oankommen yn it stasjon hat Bren earst in ûnderhâld mei Jules Ogun, de heechste kaptein fan 'e Phoenix en Tillington syn wichtichste bûnsgenoat. Hy wit de kaptein oan it ferstân te krijen dat Tillington himsels folslein ûnmooglik makke hat, en dat de man hoe dan ek ferfongen wurde moat. Nei in tillefoanysk petear mei Tillington sels, wêrby't dyselde him sterk opwynt, beslút Bren om 'e oare moarns ôf te wachtsjen. Tsjin dy tiid is Tillington lykwols noch altyd like opsternaat, en rêst Bren gjin oare mooglikheid as om de man yn 'e hechten te setten en ôf te fieren. Underwilens is der in twadde romtefear nei it stasjon ûnderweis fan Mospheira ôf, mei oan board Tillington syn ferfanger. Dat blykt in âlde bekende te wêzen, Gin Kroger, dy't ek de reis fan de Phoenix nei Reunion meimakke hat.
Wylst Gin fia radiokommunikaasje alfêst it tafersjoch oer de Mospheiryske helte fan it stasjon oernimt, moat Bren him mei in nij probleem dwaande hâlde. Ien fan Cajeiri syn minsklike 'assosjearden' (atevi hawwe gjin freonen) is ûntsnapt út 'e Reunioner seksjes fan it romtestasjon, dy't troch Tillington ôfsletten wiene sadree't er lucht krige fan 'e oankomst fan it kyo-skip. It blykt om Irene te gean, in famke dat oeral bang fan is, mar dat nettsjinsteande oanhâldend har eangstme wit te oerwinnen. Hja fertelt Bren dat Louis Baines Braddock, de eardere stasjonmaster fan Reunion, by har en har mem ynlutsen is. Braddock is in oar probleem dêr't Bren mei ôfweve moat ear't de kyo by it stasjon arrivearje, en no't er wit wêr't de man him krekt befynt, wurdt dat in stik makliker. Mei stipe fan Jase Graham weagje Bren syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini en in stikmannich fan Ilisidi har 'jongemannen' ûnder lieding fan Cenedi en Nawari, har yn 'e Reunioner seksjes, dêr't se sawol Braddock en syn neiste trewanten oppakke, as Gene en Artur en harren âlden opspoare en foar harren eigen feilichheid oerbringe nei it atevi-diel fan it stasjon. Itselde wurdt dien mei Bjorn Andresson, Cajeiri syn fjirde 'assosjearde', dy't fan syn âlden gjin tastimming krigen hie foar de reis nei it ierdoerflak. No't Bren alle problemen ôfhannele hat, kin er him einlings talizze op it besyk fan 'e kyo, dat no hurd neieroan komt. (Hoe't dat beteare sil, docht bliken yn it folgjende diel fan 'e searje, Visitor.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
De Foreigner-searje | |
---|---|
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence |