Peacemaker (roman fan C.J. Cherryh)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Peacemaker
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2014, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige Foreigner-searje
● foarich diel Protector
● folgjend diel Tracker
ISBN 978-0 75 64 08 831

Peacemaker is it fyftjinde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Fredestifter". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Peacemaker ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2014, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Peacemaker tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat foarôf gie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peacemaker spilet likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.

Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.

Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de usurpator Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it eilân Mospheira makke de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.

De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, wer oan 'e macht brocht waard. Hoewol't it noarden, de midden, it westen en, nei in lytse rebûlje (sjoch: Deliverer) ek it easten no wer stevich yn 'e hannen fan it regear fan Tabini binne, is it suden, de Marid, noch altyd in probleemgebiet. Doe't Bren him in skoft op syn bûtenpleats Najida, oan 'e westkust, weromloek, krige er besite fan Cajeiri en Ilisidi (sjoch: Conspirator). In mislearre oanslach op Bren syn libben late ta de ûntdekking dat de Marid djipgeand ynfiltrearre wie troch leden fan it Slûpmoardnersgilde dy't Murini stipe hiene, de saneamde Gilderenegaten. Dyselden hiene yn 'e noardlike Marid in eigen gilde-autoriteit fêstige, it saneamde Skaadgilde, dat rivalisearre mei it wiere Slûpmoardnersgilde út Shejidan.

Om it Skaadgilde en de hearen fan 'e Senjin Marid en de Dojisigin Marid (de beide noardlikste distrikten fan 'e Marid), dy't ûnder ynfloed fan dy organisaasje stiene, bûtenspul te setten, joech Ilisidi Bren de opdracht om nei Tanaja te gean, de haadstêd fan 'e Taisigin Marid (sjoch: Deceiver). Dêr moast er mei Machigi, de hear fan 'e Taisigi-clan, ûnderhannelings iepenje oer in ferdrach fan dyselde mei Ilisidi. Ilisidi stelde foar dat de Marid, ûnder bewâld fan Machigi, in autonoom diel fan 'e Westlike Assosjaasje wurde soe, krekt sa't it Easten dat ek wie ûnder har eigen bestjoer. Nauwe hannelsbetrekkings tusken de Marid en it Easten moasten fierders de fiksaasje fan 'e Marid op 'e súdwestkust weinimme.

Los dêrfan stie Ilisidi ek de opname yn 'e Westlike Assosjaasje foar, mèì byhearrende parlemintêre fertsjintwurdiging, fan 'e Edi en de Gan, de oarspronklike atevi-befolking fan it eilân Mospheira, dy't sûnt dat twahûndert jier lyn oan 'e minsken ôfstien wie, as ballingen op 'e kust fan it fêstelân libben. Oan Bren de taak om dy folsleine renovaasje fan 'e Westlike Assosjaasje en de machtsferhâldings yn 'e wrâld te ferkeapjen oan Machigi (sjoch: Betrayer). Yn deselde snuorje dat de ûndertekening fan it ferdrach tusken Machigi en Ilisidi plakfûn (sjoch: Intruder) die ek bliken dat de Ajuri-clan, dy't ûnder it liederskip stie fan Komaji, de heit fan Damiri (de frou fan Tabini-aiji), folslein ynfiltrearre wie troch it Skaadgilde. Nei misdragings waard Komaji ferballe fan it hof yn Shejidan, en koe it ferdrach tusken Ilisidi en Machigi plechtich ûndertekene wurde.

Underwilens kaam Cajeiri syn njoggende jierdei deroan, en joech Tabini syn soan tastimming en nûgje de minskebern fan it romtestasjon nei de ierde, dêr't er op 'e weromreis fan Reunion gedoente mei krigen hie. De bern, Gene, Artur en Irene, waarden begelaat troch Jase Graham, ien fan 'e kapteins fan 'e Phoenix en in goede freon fan Bren, dy't syn eigen liifwachten Kaplan en Polano meibrocht. It hiele selskip reizge mei Ilisidi en Cajeiri ôf nei de Padi-delling, dêr't Tatiseigi, Cajeiri syn oerâldomke, syn bûtenpleats Tirnamardi beskikber steld hie foar de jierdeifestiviteiten. Wylst hja dêr wiene, kaam lykwols earst it berjocht dat Komaji fan 'e Ajuri deasketten wie (wierskynlik troch it Skaadgilde, om't er tefolle wist). En letter waard der in mislearre moardoanslach op Tatiseigi dien, dy't weromtrasearre waard nei de oanbuorjende Kadigidi, de clan fan 'e usurpator Murini.

Bren, dy't fan syn liifwachten oan 'e weet kommen wie dat net Aseida, de clanhear, mar dy syn liifwacht Haikuti, ien fan 'e lieders fan it Skaadgilde, de Kadigidi regearre, besleat om persoanlik ferhaal te heljen, wêrby't Jase Graham him beselskippe. It besyk oan Asien'dalun, de bûtenpleats fan Aseida, rûn lykwols út op in fjoergefjocht, wêrby't Bren syn liifwacht Banichi ferwûne rekke, mar Jase syn liifwachten Kaplan en Polano, yn har roboteftige wapenrissen, flot mei de fijân ôfweefden. Haikuti wie dea, Aseida finzen nommen, en no't it spul ien kear yn beweging set wie, naam Ilisidi it hiele selskip mei werom nei Shejidan, om ek Shoshiji út te skeakeljen, de lieder fan it Skaadgilde, dy't as in spin yn it web syn ûnderhearrigen oanstjoerd hie út it haadkertier fan it Slûpmoardnersgilde yn 'e haadstêd wei.

Peacemaker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peacemaker set útein as Bren, Ilisidi, Tatiseigi, Cajeiri en Jase Graham mei harren respektivelike liifwachten en Cajeiri syn trije jonge gasten yn it Bu-javid arrivearje, it grutte regearingskompleks yn Shejidan, dêr't Bren, Ilisidi en Tatiseigi apparteminten hawwe op deselde ferdjipping as Tabini-aiji. Om't Cajeiri syn mem Damiri op 'e alle dagen rint en gjin drokte oan 'e holle ferneare kin, útfanhûzje Cajeiri en syn gasten dêr by omke Tatiseigi, in aartskonservative âldman dy't himsels, nei desennia fan wjerstân tsjin alles dat minsklik is of fan minsken komt, ynpakke litten hat troch trije minskebern dy't mei grut ûntsach syn barokke bûtenpleats en syn mei soarch gearstalde porsleinsamling bewûnderen. Underwilens hat Tabini de jierdei fan syn soan útroppen ta in nasjonale feestdei, en is er fan doel om by dizze gelegenheid ek Cajeiri syn ynhuldiging as syn erfgenamt te hâlden.

Tagelyk giet ek de striid tsjin it Skaadgilde troch, wêrby't Banichi en Algini, de âldste liifwachten fan Bren, yn 'e mande mei Cenedi, it haad fan 'e liifwacht fan Ilisidi, it foartou nimme. Hja ûnderhâlde kontakten mei de âlde Gilde-autoriteiten, dy't nei de steatsgreep fan Murini oan 'e kant set en nea weromkommen binne. Dy lju, dy't bekend steane as de Fermisten en de Deaden, steane klear om 'e macht yn it Slûpmoardnersgilde wer oer te nimmen. It probleem is dat Shishoji, de lieder fan it Skaadgilde en de man dy't útskeakele wurde moat, him djip yn it haadkertier fan it Slûpmoardnersgilde ferskânze hat, dêr't er beskerme wurdt troch de gildemaster en in diel fan 'e gilderied, lju dy't er sels nei har amten ta laat hat om't hy ferantwurdlik is foar de tawizing fan posten. It befeiligingspersoneel fan it haadkertier is ûnskuldich, mar sil sûnder erch oan 'e dea ta foar de ferkearde saak fjochtsje as der in direkte oanfal op it haadkertier ûndernommen wurdt. Der binne sadwaande twa swierbefeilige doarren dy't iepene wurde moatte: de foardoar en de doar nei it binnenste fan it gildegebou, en inkeld Tabini en Ilisidi hawwe it foech en jou it befel om dy doarren iepen te dwaan. Mar Tabini kin him net yn dy sitewaasje weagje, en hoewol't de krebintige Ilisidi ree stiet om yn aksje te kommen, is hja net fluggernôch. Mar Bren, yn syn hoedanichheid fan paidhi, kin sawol Tabini as Ilisidi fertsjintwurdigje, en dêrby harren gesach hantearje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sadwaande sette Bren en syn fjouwer liifwachten, Banichi, Jago, Tano en Algini, de jûns fan deselde dei dat se yn Shejidan oankommen binne, ôf nei it gildehaadkertier, dat dan al ynfiltrearre is troch Cenedi en syn mannen. Bren hat fan Tabini de segelring fan 'e aiji te lien krigen, in foarfal sûnder presedint, en troch dy te dragen sprekt er foar de wet mei de Tabini syn eigen stim. Hy en syn liifwachten witte har nei binnen te praten en dêrnei de doar nei it binnenste fan it gebou iepen te bluffen. In lyts stikje plestik dat Algini temûk op 'e doarpost plakt, soarget derfoar dat dy doar dêrnei net mear ticht kin. As de wachten fierderop yn it gebou by de doar fan 'e Gilderiedseal it gesach fan 'e aiji net erkenne en it fjoer iepenje, brekt der in gefjocht út wêrby't Bren en syn liifwachten harren posysje by de binnendoar behâlde moatte. Underwilens komme Cenedi en syn mannen djipper yn it gebou yn aksje, wylst de Fermisten en de Deaden de bûtendoar út syn foegen blaze en mei swierdere wapens it gebou binnenkringe.

As it gefjocht wûn is, en Shishoji de hân oan himsels slein hat nei't er om 'e nocht besocht hat en ferbaarn it hiele Gilde-argyf, ferliest Bren hàst noch Banichi, dy't al ferwûne rekke wie yn it gefjocht by de foardoar fan Asien'dalun, en dy't no troch útskuorde hechtings suver deabliedt. Troch yngripen fan Siegi, de liifdokter fan 'e aiji-dûairiêre, kin dat lykwols foarkomd wurde. De kweawollenden en harren meirinners wurde út 'e Gilderie ferwidere, wêrnei't de Fermisten en de Deaden harren âlde amten wer opnimme. Einlings en te'n lêsten funksjonearret it Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi sawol plysje as rjochterlike macht is, dan wer sa't it yn gjin trije jier funksjonearre hat.

Twa dagen letter brekt einlings de lang nei útsjoene jierdei fan Cajeiri oan. De jûns is der earst de iepening fan 'e tentoanstelling fan 'e persoanlike porsleinsamling fan Tatiseigi, ûnder yn it Bu-javid, dêr't de trije minskebern har op 'e nij de eagen útsjogge. Dêropfolgjend fynt Cajeiri syn offisjele ynvestituer as erfgenamt fan 'e aiji fan 'e Westlike Assosjaasje plak, wêrby't de jonge syn taspraak ymprovisearje moat om't er it bryfke mei de oarspronklike, troch syn heit foar him skreaun taspraak weibrocht hat. Under de resepsje neitiid rekket Cajeiri syn mem Damiri yn 'e weeën, en moat se troch Bren en syn liifwachten halje-trawalje nei Tabini syn appartemint holpen wurde. Dêr wurdt koarte tiid lettere Cajeiri syn suske Seimiro berne. De jûn einiget foar Cajeiri mei in privee-fiering fan syn jierdei mei syn trije minsklike 'assosjearden' (atevi hawwe gjin freonen), wêrby't nei minsklik gebrûk de gasten kado's jouwe oan 'e gasthear (de wrâld op syn kop, neffens atevi) en de kok op oanwizings fan 'e gasten in minsklik gerjocht makke hat dat "taart" hjit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner | Invader | Inheritor | Precursor | Defender | Explorer | Destroyer | Pretender | Deliverer | Conspirator | Deceiver | Betrayer | Intruder | Protector | Peacemaker | Tracker | Visitor | Convergence | Emergence