Protector (roman fan C.J. Cherryh)

Ut Wikipedy
Protector
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2013, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Intruder
● folgjend diel Peacemaker
kodearring
ISBN 978-0 75 64 07 988

Protector is it fjirtjinde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Beskermer". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Protector ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2013, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Protector tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat foarôf gie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Protector spilet likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.

Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.

Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de usurpator Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it eilân Mospheira makke de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.

De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, wer oan 'e macht brocht waard. Hoewol't it noarden, de midden, it westen en, nei in lytse rebûlje (sjoch: Deliverer) ek it easten no wer stevich yn 'e hannen fan it regear fan Tabini binne, is it suden, de Marid, noch altyd in probleemgebiet. Doe't Bren him in skoft op syn bûtenpleats Najida, oan 'e westkust, weromloek, krige er besite fan Cajeiri en Ilisidi (sjoch: Conspirator). In mislearre oanslach op Bren syn libben late ta de ûntdekking dat de Marid djipgeand ynfiltrearre wie troch leden fan it Slûpmoardnersgilde dy't Murini stipe hiene, de saneamde Gilderenegaten. Dyselden hiene yn 'e noardlike Marid in eigen gilde-autoriteit fêstige, it saneamde Skaadgilde, dat rivalisearre mei it wiere Slûpmoardnersgilde út Shejidan.

Om it Skaadgilde en de hearen fan 'e Senjin Marid en de Dojisigin Marid (de beide noardlikste distrikten fan 'e Marid), dy't ûnder ynfloed fan dy organisaasje stiene, bûtenspul te setten, joech Ilisidi Bren de opdracht om nei Tanaja te gean, de haadstêd fan 'e Taisigin Marid (sjoch: Deceiver). Dêr moast er mei Machigi, de hear fan 'e Taisigi-clan, ûnderhannelings iepenje oer in ferdrach fan dyselde mei Ilisidi. Ilisidi stelde foar dat de Marid, ûnder bewâld fan Machigi, in autonoom diel fan 'e Westlike Assosjaasje wurde soe, krekt sa't it Easten dat ek wie ûnder har eigen bestjoer. Nauwe hannelsbetrekkings tusken de Marid en it Easten moasten fierders de fiksaasje fan 'e Marid op 'e súdwestkust weinimme.

Los dêrfan stie Ilisidi ek de opname yn 'e Westlike Assosjaasje foar, mèì byhearrende parlemintêre fertsjintwurdiging, fan 'e Edi en de Gan, de oarspronklike atevi-befolking fan it eilân Mospheira, dy't sûnt dat twahûndert jier lyn oan 'e minsken ôfstien wie, as ballingen op 'e kust fan it fêstelân libben. Oan Bren de taak om dy folsleine renovaasje fan 'e Westlike Assosjaasje en de machtsferhâldings yn 'e wrâld te ferkeapjen oan Machigi (sjoch: Betrayer). Yn deselde snuorje dat de ûndertekening fan it ferdrach tusken Machigi en Ilisidi plakfûn (sjoch: Intruder) die ek bliken dat de Ajuri-clan, dy't ûnder it liederskip stie fan Komaji, de heit fan Damiri (de frou fan Tabini-aiji), folslein ynfiltrearre wie troch it Skaadgilde. Nei misdragings waard Komaji ferballe fan it hof yn Shejidan. Underwilens kaam Cajeiri syn njoggende jierdei deroan, en joech Tabini syn soan tastimming en nûgje de minskebern fan it romtestasjon nei de ierde, dêr't er op 'e weromreis fan Reunion gedoente mei krigen hie.

Protector[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ûndertekening fan it ferdrach tusken Machigi en Ilisidi reizget hear Geigi, dy't de sizzenskip hat oer de atevi-kant fan it romtestasjon, werom nei syn post yn 'e himels. Underwilens genietet Bren ynienen in útsûnderlik goede ferstânhâlding mei Tatiseigi, de aartskonservative hear fan 'e Atageini-clan, dy't it oars hielendal net op minsken mei har moderne fratsen stean hat. Hoewol't se allebeide nauwe bûnsgenoaten fan Ilisidi binne, waard Bren troch Tatiseigi oan koartby inkeld dulde. Hy hat lykwols it swakke plak fan 'e âldman ûntdutsen doe't er him in unyk stik porslein út 'e Marid kado die. Tatiseigi, in hertstochtlik porsleinsamler, nûget de paidhi no ynienen út foar in diner en akseptearret sûnder mei de eagen te knipperjen in tsjinútnûging.

De driging fan it Skaadgilde is lykwols mei de ûndertekening fan it ferdrach noch net fermindere. Krektoarsom, de sitewaasje is gefaarliker as ea, no't dúdlik is dat net inkeld de noardlike Marid, mar ek de Ajuri-clan folslein ynfiltrearre is. Itselde jildt foar de yn ûngenede fallen Kadigidi-clan fan 'e Padi-delling, de clan fan 'e usurpator Murini. Dy wurdt no, nei Murini syn dea, laat troch dy syn neef Aseida, mar Bren syn liifwacht Algini, dy't in hege posysje yn it Slûpmoardnersgilde beklaait, fertrout him ta dat de wiere macht mank de Kadigidi Aseida syn liifwacht Haikuti is, dy't as ien fan 'e foaroanmannen fan it Skaadgilde sjoen wurdt. De heechste lieder fan dy groep, sa wurdt Bren no (tsjin alle regels fan geheimhâlding yn) ek troch Algini ferteld, is in Shishoji, in lid fan 'e Ajuri-clan dy't binnen it Slûpmoardnersgilde al 42 jier oer it Buro fan Tawizings giet en sadwaande as in soarte fan marionettespiler leden fan it gilde op dy posten pleatse kinnen hat dêr't hy se hawwe woe, wylst er oaren fuorthelle hat dêr't se foar him swierrichheden feroarsaakje koene.

Mank al dizze driging arrivearje de trije minskebern fan it romtestasjon op 'e ierde: Artur, Gene en Irene, dy't troch Cajeiri mei grutte blidens ûnthelle wurde. Hja wurde begelaat troch Jase Graham, ien 'e kapteins fan 'e Phoenix, dy't syn beide liifwachten Kaplan en Polano meibrocht hat. Dy beide mannen binne tarist mei in swierbewapene en roboteftige wapenris, dy't har hiele lichem omjout en wêrmei't se grutter binne as atevi (dy't oars mei kop en skouders boppe de grutste minske útstekke). De lieding oer de besite fan Cajeiri syn trije jonge 'assosjearden' (atevi hawwe gjin freonen) is troch Tabini yn 'e hannen jûn fan Ilisidi. Dy beslút, ta Bren syn ferrassing, om mei de bern in besyk te bringen oan Tirnamardi, de bûtenpleats fan hear Tatiseigi, yn 'e Padi-delling. Bren sels wurdt ek útnûge, yn syn oarspronklike hoedanichheid fan tolk, mei't de bern mar kwealk in wurd fan 'e atevi-taal sprekke.

De bern hawwe noch nea earder op in planeet west, en alles is nij foar harren: wyn, rein, stiennen, gers, beammen, bisten, huzen, ensfh. Oankommen te Tirnamardi sjogge se har eagen út oan de barokke porsleinene en fergulde fersierings fan it lânhûs, wêrmei't se sûnder erch de stive âlde Tatiseigi foar har ynnimme. Cajeiri fermakket syn assosjearden mei ferhalen oer syn aventoeren ûnder de kontrarevolúsje, en se piele mei Boji de parid'ja om, Cajeiri syn aapke-eftich húsdier. De moarns nei harren oankomst giet it hiele selskip in stikje út te riden op mecheiti, de tradisjonele ryddieren fan 'e atevi, wêrby't de minskebern op 'e âldste en loaiste leden fan 'e keppel set wurde. Der komt lykwols in ein oan 'e idyllyske fakânsje as it nijs Tirnamardi berikt dat hear Komaji fan 'e Ajuri-clan fermoarde is. Hoewol't Cajeiri en syn pake inoar alhiel net nei wiene, is dizze likwidaasje, wierskynlik útfierd troch leden fan it Skaadgilde dy't bang wiene dat Komaji syn mûle foarby prate soe, in faai teken. Dyselde jûns giet der yn Tirnamardi in befeiligingsalaarm ôf, wylst, ta Cajeiri syn alteraasje, de wetterflugge Boji krekt om dyselde tiid hinne troch in iepensteand rút wit te ûntkommen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Undersyk troch befeiligingspersoneel bringt oan it ljocht dat Tirnamardi al foar de oankomst fan it hiele selskip troch de fijân ynfiltrearre west hawwe moat, en dat de opskuor dy't feroarsake waard troch de ûntsnapping fan Boji ien fan 'e ynfiltranten sa kjel makke hat dat er in flater begie en in alaarm ôfgean liet. Nei in lange syktocht wurde twa leden fan it Slûpmoardnersgilde ûntdutsen, dy't har sûnder in skot te lossen oerjouwe. Harren ferhaal is dat se ôfkomstich binne út 'e Dojisigin Marid, ien fan 'e beide noardlikste distrikten fan 'e Marid. Leden fan it Skaadgilde rieden dêr mei in frachtwein fol eksposiven harren doarp Reijisan yn en drigen alle ynwenners te fermoardzjen as sy net in misje ûndernamen om hear Tatiseigi te fermoardzjen. Hja hiene gjin oare kar as om dêrmei yn te stimmen, en wisten fjouwer dagen earder fia it gebiet fan 'e Kadigidi Tirnamardi yn te kringen. Troch de opfiering fan 'e befeiliging foarôfgeande oan it besyk oan 'e bûtenpleats troch Ilisidi en Cajeiri krigen se lykwols gjin kâns om har oanslach út te fieren. No freegje se Ilisidi om help by it rêden fan har eigen folk yn Reijisan.

Om't Ilisidi sa'n aksje tsjin harsels en de lju ûnder har beskerming net oer har kant gean litte kin, beslút se om fanwegen te kommen. Dat set in hiele operaasje tsjin it Skaadgilde yn wurking dêr't sy en Bren leaver mei wachte hiene oant de minskebern wer feilich werom yn it romtestasjon wiene. Ilisidi, dy't sels troepen yn 'e noardlike Marid hat, set dy yn tsjin it Skaadgilde yn Reijisan, wêrby't Pajeini, ien fan 'e lieders fan dy organisaasje, de dea fynt. De oare moarns sette Bren en Jase Graham, mei harren respektivelike liifwachten en guon fan Ilisidi har 'jongemannen' ôf nei Asien'dalun, de bûtenpleats fan Aseida, de hear fan 'e Kadigidi, mei as doel om ferhaal te heljen oangeande de stipe dy't de Kadigidi bean hawwe oan 'e beide slûpmoardners út 'e Dojisigin Marid. Eins is dit in ôfliedingsmaneuver, mei't Nawari en oare leden fan 'e liifwacht fan 'e aiji-dûairiêre tagelyk besykje sille om Asien'dalun troch de efterdoar binnen te kringen.

Wylst Tatiseigi persoanlik oan Cajeiri en de minskebern in rûnlieding jout troch de kelders fan Tirnamardi, dêr't er syn eigen porsleinsamling útstald hat en teffens de samling opsette bisten fan syn pake, arrivearje Bren en Jase by de foardoar fan Asien'dalun. Dêr komt net Aseida nei bûten ta, sa't it neffens atevi-wizânsje hearre soe, mar dy syn liifwacht Haikuti mei syn mannen. As dyselde Banichi sjocht, it haad fan Bren syn liifwachten, brekt der daliks in fjoergefjocht út. (Letter ûntdekt Bren dat dy beiden inoars earste partners wiene, mar dat Haikuti Banichi ferret hat, wat op in hier nei Banichi syn dea waard, mei in bittere fijânskip tusken de beide mannen ta gefolch.) Ear't Haikuti en syn mannen lykwols mear as in pear skotten ôffjurje kinne, beëinigje Kaplan en Polano, yn har robot-eftige wapenrissen, it gefjocht troch alle tsjinstanners mei de op harren skouders montearre mitrailleurs del te meanen, en dêrby ek in flink part fan 'e foargevel fan Asien'dalun te ferrinnewearjen. Neitiid wurdt Asien'dalun troch leden fan 'e loyale Atageini- en Taibeni-clans beset, en Aseida jout him oer. Werom yn Tirnamardi kriget Bren te hearren dat Ilididi no mei it hiele selskip nei Shejidan ta sil, om dêr mei Shoshiji en syn trewanten ôf te weven ear't se har wergroepearje kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence