Explorer (roman)
Explorer | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2003, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Defender | |
● folgjend diel | Destroyer | |
kodearring | ||
ISBN | 0 75 64 01 313 |
Explorer is it sechsde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Untdekkingsreizger" of "Ferkenner". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Explorer ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2003, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Michael Whelan. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Explorer tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat foarôf gie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Explorer spilet likernôch alve jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi, dêr't de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, ûnderwilens in stabyl lykwicht ûntjûn hie mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene.
Yn Defender, it foargeande diel fan 'e rige, kaam nei it hommels ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, lykwols oan it ljocht dat der by de ôfreis fan 'e Phoenix by Reunion wei, tsien jier lyn, noch minsken yn libben oan board fan it stasjon wiene. Ramirez soe der doe by de stasjonslieding op oanstien hawwe dat alle lju út it stasjon wei evakuëarre waarden, mar dat waard ôfwiisd; de net útsprutsen ymplikaasje dêrfan is dat de lieding fan Reunion in heger gesach fertsjintwurdige as Ramirez, wat derop wiisd dat it om it âlde saneamde Gilde fan Piloaten giet, dat ek ferantwurdlik wie foar de fersykte relaasje tusken de skipsbemanning en de oarspronklike kolonisten-passazjiers fan 'e Phoenix, fan wa't de minsken op Mospheira ôfstamje. Op Mospheira is der sadwaande gjin slimmer hate organisaasje te betinken as it Gilde fan Piloaten.
Mar hoe dan ek, it is no dúdlik dat der minsken efterbleaun binne op Reunion, in feit dat Ramirez tsien jier lang foar hast eltsenien geheim holden hat, net yn it lêste plak foar syn eigen bemanning. Bûten de offisjele tolk Bren om hie Ramirez dizze ynformaasje lykwols àl dield mei Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e atevi, en mei Shawn Tyers, de presidint fan Mospheira. Ramirez syn ferstjerren kaam wat dat oangie op in gelegen stuit, mei't it skip fan nije brânstof foarsjoen wie en de regearings fan 'e atevi en Mospheira al tarist wiene op dielname oan in ekspedysje nei Reunion. Troch it útlekken fan 'e ynformaasje oer de tastân dêre, mei as gefolch dat de bemanning fan 'e Phoenix suver yn opstân kaam, wie in ôfreis dêrhinne net mear tsjin te kearen.
Besletten waard dat de Phoenix de reis meitsje soe ûnder befel fan 'e trêde en fjirde kapteins, de noartske Josefa Sabin en de jonge en ûnbelearde Jase Graham. De twadde kaptein, Jules Ogun, bleau mei in lyts kontingint fan 'e bemanning efter op Alpha, it romtestasjon yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi. Op 'e reis giene ek Bren Cameron en syn liifwachten en tsjinstfolk mei en de atevi waarden fertsjintwurdige troch de aiji-dûairiêre Ilisidi, de âlde beppe fan Tabini, en troch Tabini syn seisjierrige soan Cajeiri, beselskippe fan mear liifwachten en tsjinstfolk. Mospheira levere in groep technisy, oanfierd troch de kundige Ginny Kroger, in goede bekende fan Bren. De reis soe twa jier duorje: in jier hinne en in jier werom.
Explorer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Explorer iepenet krapoan in jier nei de foarfallen dy't beskreaun binne yn Defender, as de Phoenix op it punt stiet om te arrivearjen yn it sinnestelsel dêr't it romtestasjon Reunion yn in baan om in gasreus draait. Bren en de oare opfarrenden hoopje dêr neat nuvers oan te treffen, de brânstof yn te nimmen dy't it stasjon yn 'e tsien jier ôfwêzichheid fan 'e Phoenix sammele hat, de stasjonbewenners te evakuëarjen en it stasjon sels te ferneatigjen, sadat gjin inkele gefoelige ynformaasje oer minsken of atevi yn 'e hannen falle kin fan 'e bûtenierdske fijân. Underwilens besykje Bren en Jase Graham noch altyd ynformaasje los te krijen út 'e taktleaze kaptein Sabin, mar dat giet mei likefolle muoite en pine mank as it lûken fan tosken.
By it lêste besyk fan 'e Phoenix oan Reunion, doe't in diel fan it romtestasjon al ferrinnewearre wie troch in bûtenierdske oanfal en de bemanning foarholden waard dat alle stasjonsbewenners omkommen wiene, hie Ramirez in trijekoppich groepke ferkenners Reunion ynstjoerd, ûnder lieding fan syn liifwacht Jenrette. De oare mannen binne sân jier lyn allebeide omkommen by de rebûlje fan 'e eardere fjirde kaptein Pratap Tamun (mooglik om't Tamun it ien of oar fermoede en mei sin besocht om dy mannen yn 'e hannen te krijen) en Jenrette is nei Ramirez syn dea oergien yn 'e tsjinst fan ôfhâldige Sabin, en dêrmei foar Bren effektyf bûten berik. De byldopname fan Jenrette syn ferkenningstocht bestiet lykwols noch altyd, en úteinlik wit Jase dy sûnder help fan Sabin út it digitale skipsargyf op te djipjen. Ut dy opname dogge twa dingen bliken: dat der ûnder de ferkenningstocht swiertekrêft wie op it stasjon, wat suggerearret dat it troch de oanfal folle minder slim skansearre wie as earder tocht waard, en dat Jenrette-en-dy persiis wisten wêr't se hine giene. Mar de opnamen einigen foar't se har bestimming berikten trochdat Jenrette-en-dy de opname-apparatuer útsetten, wat folslein tsjin 'e regels wie.
Flak foar't de Phoenix it sinnestelsel fan Reunion berikt, komt Sabin einlings en te'n lêsten oer de brêge mei oare gegevens út it argyf, nammentlik fan Ramirez syn aktiviteiten foarôfgeande oan 'e bûtenierdske oanfal op Reunion. De haadkaptein silger liket socht te hawwen nei in bewenbere planeet, mooglik om in eigen koloanje te stiftsjen, bûten de sizzenskip fan it Gilde fan Piloaten om, dat sa goed as wis op Reunion noch altyd de tsjinst útmakket. By syn omgesneup state Ramirez op in sinnestelsel mei in griene planeet, dy't lykwols al troch in yntelliginte en romtefarrende soarte bûtenierdske wêzens bewenne waard. In bûtenierdsk romteskip murk him op en knippere mei de ljochten nei him, mar Ramirez liet de Phoenix net reägearje, en keas der doe foar om it kontakt ôf te brekken en fuort te glûpen yn in oare rjochting as Reunion. Dêrmei hold er lykwols net ien foar de gek, want doe't er fia in omwei by it stasjon weromkaam, wie dat oanfallen en heal ferrinnewearre. Ramirez syn aksjes meie miskien ridlik lykje foar minsken, mar as Bren syn atevi-liifwachten Banichi en Jago nei harren miening freget, sizze dy dat it dúdlik liek as besocht Ramirez de bûtenierdsen yn in mûklaach te lokjen.
As de Phoenix it sinnestelsel fan Reunion ynkomt, binne Bren, de aiji-dûairiêre en Cajeiri mei harren liifwachten as waarnimmers oanwêzich op 'e brêge, krektlyk as Ginny Kroger, de fertsjintwurdiger fan Mospheira. Ear't it skip Reunion berikke kin, wurdt it in bûtenierdsk romteskip gewaar, dat stilwei op wacht liket te stean. It stasjon, dêr't tsjin dy tiid radiokontakt mei makke is, hâldt fol dat it giet om in roboatyske waarnimmer, mar dat blykt al gau net wier te wêzen as de Phoenix op advys fan Bren kontakt makket, troch mei de ljochten te knipperjen, en dan mei hege en lege lûdtoanen. Se wurkje in kommunikaasjemetoade út wêrby't hege toanen foar wyt en lege toanen foar swart steane, wêrnei't mei 48 piksels op in rige yn in fjild fan 48 rigen swart-wytbylden útwiksele wurde kinne. Dan kin der kommunisearre wurde yn piktogrammen. As de Phoenix yn in rige fan sokke piktogrammen de gong fan saken út minsklik eachpunt oerbringt, makket it bûtenierdske skip yn in eigen rige piktogrammen dúdlik dat se nei de lêste ôfreis fan 'e Phoenix noch besocht hawwe kontakt te meitsjen mei Reunion. Se sjoerden in bemanne sonde, dy't troch it stasjon lykwols opblaasd waard. De Phoenix jout oan, de bewenners fan Reunion evakuëarje en it stasjon ferneatigje te wollen; it bûtenierdske skip jout oan dêr net oer prate te wollen oant se it stoflik omskot fan harren sondepiloat weromkrigen hawwe.
By it stasjon oankommen docht bliken dat it Gilde fan Piloaten it dêr yndie noch altyd foar it sizzen hat, en der net oer tinkt om it eigen gesach op te jaan. Krektoarsom, de gildemaster Louis Baines Braddock mient dat er befellen jaan kin oan 'e kapteins fan 'e Phoenix. It liket derop dat der yndie in lading brânstof klearstiet, mar de oanfier is fersegele mei eksplosiven, mei yn skipstaal in buordsje derop dat alle brânstof de romte yn spuite wurde sil as der mei it fersegelingsmeganisme omprutst wurdt. Braddock easket dat kaptein Sabin har nei syn kantoar bejaan sil om har kwalifikaasjes te bewizen, en Sabin beslút dêroan ta jaan, en nimt alle befeiligingspersoneel fan it skip mei, útsein de liifwachten fan Jase Graham, mar ynklusyf de troch Bren as ûnbetrouber beskôge Jenrette. Tagelyk komt in groepke gilde-ynspekteurs fan it stasjon oan board fan 'e Phoenix, dêr't it fan it grutste belang is dat se gjin lucht krije fan 'e oanwêzigens fan atevi yn it skip. Bren docht him foar as in ûnnoazele koksmaat en jout ien fan 'e swierbewapene ynspekteurs in rûnlieding op it bemanningsdek. Werom op 'e brêge docht bliken dat it radiokontakt mei Sabin-en-dy ferlern gien is; dêrop wurde de fjouwer ynspekteurs oermastere, ûntwapene en opsletten troch Jase syn liifwachten en oare bemanningsleden.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
By ûnderfregings troch Jase litte de ynspekteurs neat los, dat op in stuit draacht Jase de mannen oer oan Bren, om te sjen oft dy se oan it praten krije kin. Mei help fan Ilisidi en Cajeiri slagget dat Bren yndie, en dan komt út dat de piloat fan 'e bûtenierdske sonde noch yn libben is, en al seis jier lang yn it stasjon finzen holden wurdt. Yn oerlis mei Jase en Ilisidi beslút Bren dat it fan it heechste belang is om dizze finzene sa gau mooglik yn 'e hannen te krijen, foar't Braddock him yn wanhope of út wraak wat oandwaan kin. Mei syn liifwachten Banichi en Jago, de Mospheiryske technikus Barnhart en trije fan Ilisidi har 'jongemannen', sa't de aiji-dûairiêre har befeiligingspersoneel neamt, kringt Bren it stasjon binnen. De Reunioners miene dat se it diel fan it stasjon dêr't de finzene fêstholden wurdt, goed befeilige hawwe, mar as harren idee fan hege befeiliging yn oanrekking komt mei de metoaden fan it Slûpmoardnersgilde fan 'e atevi, blykt it net folle foar te stellen. De ferdwaasde finzene kin sûnder folle swierrichheden rêden wurde, en wurdt mei weromnommen nei de Phoenix. Om't it om in tige sterk wêzen giet, liket it Bren de baas om him mank de atevi te húsfêstjen, dy't him by need oermasterje kinne, wylst dat minsken yn in fysike konfrontaasje net slagje sil.
Sa wurdt dizze persoan, dy't Prakuyo an Tep blykt te hjitten, in gast fan 'e aiji-dûairiêre. Nei seis jier yn finzenskip holden te wêzen troch lju dy't der likernôch sa útsjogge as Bren, hinget er der begryplikernôch net botte nei oer om daliks te dwaan wat Bren wol, nammentlik: kontakt lizze. Mar it respekt dêr't de atevi-tsjinners fan Bren en Ilisidi him mei behannelje, troch him goed iten en drinken te jaan, him nije klean oan te mjitten en him ynstee fan in sel in kreas fertrek ta te partsjen (te witten, dat fan Narani, Bren syn majordomo), stekt skril ôf tsjin syn finzenskip op it stasjon. As Prakuyo boppedat sjocht dat minsken en atevi op it skip gearwurkje, en as er sawol de âlde Ilisidi moetet as Cajeiri, dy't dúdlik noch in bern is, begjint er by te draaien, en kin Bren úteinsette mei in wurdlist oan te lizzen yn 'e taal fan Prakuyo syn folk, de kyo. Dat is it earste begjin fan 'e ûnderhannelings dy't er letter mei de kyo hopet te fieren.
Bren syn wurk mei Prakuyo wurdt lykwols ûnderbrutsen troch in nije krisis. Jenrette is fan it stasjon weromkommen nei de Phoenix, mei it befel fan Sabin foar Jase Graham om 'e Phoenix oer te dragen oan it gesach fan it Gilde fan Piloaten. Jase en Bren leauwe dêr neat fan, mei't se al langere tiid fermoeden dat Jenrette sels eins ta dat Gilde hearde. Bren tinkt no dat Jenrette ek de hân hân hawwe moat yn 'e rebûlje fan 'e fjirde kaptein Pratap Tamun, acht jier earder (sjoch: Precursor) en yn it útlekken fan 'e geheimen oangeande Reunion doe't Ramirez stoar. Jase jout Jenrette dêrom in ultimatum: hy moat werom nei it stasjon, en mei pas wer op it skip as er kaptein Sabin en har liifwachten meibringt; sa net, dan komt er net wer oan board.
Underwilens is it nijs oer de evakuaasje fan Reunion ûnder de stasjonsbewenners trochkrongen, en de earsten melde harren by de Phoenix. Mar gildemaster Braddock wurket noch hieltyd net mei en hâldt de brânstof, dêr't it skip wanhopich ferlet fan hat, noch altyd yn gizeling. Kaptein Jase Graham is twongen om op 'e nij werom te fallen op 'e tsjinsten fan Bren en it atevi-befeiligingspersoneel om Braddock syn haadkertier út te skeakeljen, it argyf te ferrinnewearjen (sadat dat net yn 'e hannen fan de kyo falle kin) en de brânstof te 'befrijen'. Sadwaande bejout Bren him op 'e nij mei Banichi, Jago, Barnhart en trije fan Ilisidi har jongemannen yn it stasjon, dêr't se sûnder folle muoite Braddock syn haadkertier ynnimme en it argyf en de stasjonskommunikaasje útskeakelje. De brânstof blykt minder maklik te berikken, mei't dêr al in fjoergefjocht geande is tusken Braddock syn befeilingspersoneel en Sabin-en-dy, dy't, sa blykt no, nea nei Braddock syn kantoar gien binne, mar harren ynstee in paad klearre hawwe nei de brânstof. Ek Jenrette dûkt hjir wer op, nei eigen sizzen om't er besiket kaptein Sabin te rêden, mei wa't er noch gjin kontakt meitsje kinnen hat.
Wylst Gin Kroger ûnderwilens oan 'e skipskant in nuodlike ûntwapening fan 'e eksplosiven ûndernimt dêr't de brânstof mei beskoattele is, folget der oan 'e stasjonskant in fjoergefjocht wêrby't Banichi en Jago de wjerstân fan Braddock syn befeiligingspersoneel útskeakelje. As dat syn beslach krigen hat, komme Sabin en har liifwachten út harren dekking foar 't ljocht. Op grûn fan in ynjouwing wit Bren har krekt op 'e tiid te warskôgjen om har oan in moardoanslach troch Jenrette ûntsnappe te litten. Jenrette sels wurdt dêrop deasketten troch Banichi. Bren lit it probleem fan 'e brânstof fierders oer oan Sabin en Gin Kroger, en bejout him wer nei de Phoenix. Dêr oankommen docht bliken dat Ilisidi-en-dy yn 'e tuskentiid foarderings makke hawwe yn 'e kommunikaasje mei Prakuyo, foar wa't it blykber makliker is om Ragi, de atevi-taal, te learen as de minsklike taal.
It kyo-skip, dat it wachtsjen wurch wurden is, hat him ûnderwilens stadichoan yn 'e rjochting fan it stasjon bejûn. Bren bewurkmasteret dat Prakuyo mei syn skip prate kin, en bewissiget him derfan dat er werom kin nei syn eigen folk sadree't de beide skippen in ferbining oanlein hawwe. Dat liedt ta in útnûging oan Bren, Ilisidi en Cajeiri om in besyk te bringen oan it kyo-skip. Hoewol't dat om Bren wol oergean meien hie, sjocht er gjin mooglikheid om der mei goed fatsoen ûnderút te kommen. Dat sadwaande bejouwe Bren, Ilisidi en Cajeiri har mei har respektivelike liifwachten en mei Prakuyo nei it kyo-skip, dêr't Prakuyo syn folk der nei't it skynt fan wit te oertsjûgjen om freedsume betrekkings mei de minsken en atevi oan te knoopjen. Wylst yn 'e folgjende wiken alle rom 4.000 stasjonsbewenners (en úteinlik ek Braddock) oan board fan 'e Phoenix geane en it skip de befrijde brânstof ynnimt, fiert Bren ûnderhannelings mei de kyo. Dy resultearje deryn dat it lege stasjon oan 'e kyo oerdroegen wurdt, en dat de Phoenix frij ôfreizgje mei nei de Ierde fan 'e atevi. De kyo, dy't oanjouwe dat se oan harren fierste grins yn oarloch binne mei noch wer in oar ras fan bûtenierdske wêzens, hawwe lykwols de noasje dat eat dat ienris ferbûn is, yn kontakt bliuwe moat. Sadwaande einiget it boek as de Phoenix op hûs oangiet mei in ûntrêstigjende ûnthjit fan 'e kyo dat se yn 'e takomst in besyk bringe sille oan 'e Ierde fan 'e atevi.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
De Foreigner-searje | |
---|---|
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence |