Emergence (roman fan C.J. Cherryh)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Emergence
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2018, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige Foreigner-searje
● foarich diel Convergence
ISBN 978-0 75 64 14 146

Emergence is it njoggentjinde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ferrizing". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Emergence ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn jannewaris 2018, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood.

Wat foarôf gie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trijehûndert jier earder wie it romteskip de Phoenix by de Ierde wei ôfset om in minsklike koloanje te stiftsjen op in gaadlik plak yn it hielal. Troch in technysk probleem rekke it skip lykwols fan koerts en ferdwaalde it. De Phoenix belâne sûnder brânstof yn it sinnestelsel fan in binêre stjer, dy't sa'n radio-aktive strieling ôfsmiet dat de kolonisten en bemanningsleden dy't dêr mei mynwurkersfartugen (bedoeld foar in folle freonliker miljeu) branje wûnen út asteroïden, krepearren as rotten. Doe't der einlings genôch brânstof ynnommen wie, sprong it skip nei it earste it bêste geunstich útsjende sinnestelsel ta, mei in griene, fruchtbere wrâld. Dêr oankommen die lykwols bliken dat dy planeet al in yntelliginte libbensfoarm hie, nammentlik de atevi, in ras fan mânske swarthûdige humanoïde wêzens dy't mei kop en skouders útstutsen boppe de langste minske.

Omtrint de tiid dat de Phoenix by harren wrâld arrivearre, hiene de atevi krekt de steamtrein útfûn. De minsklike kolonisten bouden yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi in romtestasjon, dat se Alpha neamden. It wie de bedoeling fan 'e skipsbemanning om yn dit sinnestelsel nije branje yn te nimmen en dan wer ôf te setten, op 'e siik nei in bekend diel fan it hielal en de minsklike Ierde, mar de kolonisten hiene tsjin dy tiid wol goed har nocht. Sy seagen in prima wrâld rjocht ûnder harren, en wegeren dy te ferlitten. Nei 120 jier kaam it ta in brek tusken de kolonisten en de skipsbemanning, dy't einige mei de ôfreis fan 'e Phoenix, wylst de kolonisten it stasjon Alpha ôfsleaten en har oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje lieten.

Emergence spilet twahûndert jier letter en likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid ferrûn sadwaande alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.

Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron; de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht); en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.

Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't de usurpator Murini en dy syn trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini wer oan 'e macht brocht waard. Neitiid holden de swierrichheden dy't fuortkamen út 'e steatsgreep Bren lange tiid oan it wurk.

Underwilens waarden de krapoan 5.000 Reunioner flechtlingen yn in ferfallen seksje fan romtestasjon Alpha húsfêste, dêr't se min behannele waarden troch de Mospheiryske stasjonmaster Mikas Tillington. Hoe't de Mospheiraanske minsken mei de de Reunioner minsken omgiene, soe de atevi oars it measte net skele kinnen hawwe, as it net sa wie dat Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini-aiji, ûnder de reis werom nei de ierde fan 'e atevi gedoente krigen hie mei in stikmannich Reunioner minskebern. En Cajeiri wie nei de thúskomst wisberet om syn 'assosjaasje' (atevi hawwe gjin freonskippen) mei Gene, Artur en Irene libben te hâlden. Krekt foar't de kyo in besyk brochten oan 'e Ierde fan 'e atevi berikten de swierrichheden op it stasjon in hichtepunt, wêrby't Bren út namme fan 'e aiji en it regear fan Mospheira Tillington ôfsette en yn 'e hechten nimme liet (sjoch: Tracker). Dyselde waard neitiid ferfongen troch Gin Kroger, dy't ek de reis fan 'e Phoenix nei Reunion meimakke hie.

Nei't de kyo wer ôfreizge wiene, waard besletten dat it sa langer net takoe, en dat de Reunioner flechtlingen út it romtestasjon helle wurde moasten om har op Mospheira nei wenjen te setten, sadat se opgean koene yn 'e (ferskate miljoenen tellende) Mospheiryske befolking. Dat wie lykwols dreger as dat it op it earste gesicht liek, allinnich al om't de Reunioners noch nea op in planeet west hiene, ûnder in iepen loft, of lykfol hokker foarm fan waar ûnderfûn hiene. Boppedat wiene der op Mospheira beskate eleminten dy't de Reunioners as ferrieders fan harren foarâlden seagen, en net skromje soene om op ekstreme wize tsjin 'e Reunioners fanwegen te kommen. Tabini stjoerde dêrom de paidhi Bren Cameron nei Mospheira om it regear fan presidint Shawn Tyers te helpen en ried de komst fan 'e Reunioners ta (sjoch: Convergence). Der waard besletten dat de trije jonge 'assosjearden' fan Cajeiri en harren âlden de earsten wêze soene dy't omleech nei de ierde kamen. Underwilens waard op it fêstelân de jonge Cajeiri nei syn oerâldomke Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini-clan, ta stjoerd. Yn dy syn bûtenpleats Tirnamardi doek lykwols al rillegau in Nomari op, in sljochtwei spoararbeider, dy't lykwols troch syn berte oanspraak makke op 'e (fakante) hearskippij oer de wichtige Ajuri-clan.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bren Cameron is noch altyd op it eilân Mospheira, syn heitelân, dêr't er him lykwols net mear thús fielt nei't er safolle jierren mank de atevi libbe hat. Mei help fan syn trouwe atevi-liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini en syn tsjinners Narani en Jeladi is er drok mei de tarieding foar de oankomst fan Cajeiri syn jonge 'assosjearden' en harren âldelju op 'e planeet. Hja moatte in plak hawwe om te wenjen en ynstrukteurs foar de ienfâldichste dingen, lykas itensieden, mei't soks op it romtestasjon en op it romteskip dien wurdt troch koks dy't dêrfoar oplaat binne. In âld universiteitsgebou jout útkomst, al moat dêr wol it nedige oan ferboud wurde. Mei help fan ferskate âlde bekenden, wêrûnder Kate Shugart, Ben Feldman, Tom Lund en Sandra Johnson, giet Bren warber oan it wurk. Underwilens nimme Banichi en syn oare liifwachten de befeiliging fan it gebou ûnder de lûp, tsjutte ferskate swakke plakken oan dy't by de ferbouwing feroare wurde moatte, en nimme de ynstruksje op har fan 'e Mospheiryske befeiligers dy't de bern en harren âlden aansten beskermje moatte.

Yn Tirnamardi, op it fêstelân, hinget Cajeiri syn oerâldomke Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini-clan, der almar mear nei oer om 'e spoararbeider Nomari foar te dragen as nije hear fan 'e oanbuorjende Ajuri-clan. As jûns let by tsjuster en poermin waar troch sabotaazje de gefaarlike mecheiti (ryddieren fan 'e atevi) út harren stâl útbrekke wylst de oanhingers fan Nomari yn tinten op it gazon by de haadyngong kampearje, moat Tatiseigi sels fanwegen komme om 'e keppel te kearen. Mei Antaro en Jegari, twa fan Cajeiri syn liifwachten, dy't Taibeni binne en sadwaande suver yn it seal berne binne, set er de efterfolging yn op trije mecheiti dy't noch troch de stâlfeinten keard wurde koene. Dat binne de sleausten fan 'e keppel, mar sels yn syn hege âlderdom is Tatigseigi noch sa'n betûft ruter dat it him slagget en helje de lieder fan 'e keppel yn om dy te twingen en kear om.

Der bestiet gjin twifel oer wa't efter dizze sabotaazje-aksje sit: Geidaro, de suster fan 'e lêste (fermoarde) hear fan 'e Ajuri, dy't derfan fertocht wurdt dat se ûnder ien tekken spile hat mei in oare Ajuri: Shishoji, de ferstoarne (en alhiel net miste) lieder fan it Skaadgilde (sjoch: Peacemaker). Geidaro, in ûnoangenaam frommes yn 'e omging, is in âldmuoike fan Cajeiri fia syn mem Damiri. Werom yn 'e hûs mei in ferstûke earm en withoefolle kniezings is Tatiseigi dweiltrochwiet, smoarch en poerrazen. Hy docht noch dyselde jûns oanjefte fan foarnimmen (d.w.s. fan syn foarnimmen om Geidaro deadzje te litten) by it Slûpmoardnersgilde, dat by de atevi trochgiet foar plysje en rjochtbank en dat sokke oanjeften goedkarre (en trochgean litte) of ôfkarre (en tsjinhâlde) kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns arrivearret Cajeiri syn mem Damiri yn Tirnamardi, mei by har har poppe Seimiro, dy't Seimei neamd wurdt, Cajeiri syn lytse suske. Damiri is heal Atageini en heal Ajuri, mar is opgroeid by de Ajuri en ken Nomari noch út har jonkheid. Sy befêstiget dat Nomari yndie is wa't er seit dat er is, mar se bringt ek ûntrêstigjend nijs, nammentlik dat Nomari al jierren kontakten ûnderhâldt mei Machigi, de as gefaarlik beskôge hear fan 'e súdlike Marid. Nomari jout daliks ta dat er yn 'e ûnlijige tiden nei de steatsgreep dêr't Tabini by ôfset waard, gearwurke hat mei Machigi. Hoewol't it foar it each liek as stipe de hiele Marid de usurpator Murini, wie it eins sa dat Murini in marionet fan it Skaadgilde wie, in tige geheime groepearring binnen it Slûpmoardnersgilde, dy't oanstjoerd waard troch Shishoji. En Machigi wie de reden dat it Skaadgilde yn 'e súdlike Marid nea foet oan grûn krigen hat. Boppedat is Machigi no in bûnsgenoat wurden fan 'e aiji-dûairiêre Ilisidi, Cajeiri syn oerbeppe (sjoch: Betrayer).

Bren Cameron syn pânsere bus, dêr't Damiri mei arrivearre is, wurdt útstjoerd nei Diegi, in doarp yn 'e omkriten fan Tirnamardi, om iten yn te slaan foar de hommelse tarin fan gasten. Antaro, dy't har earm brutsen hat by de wylde mecheiti-rit, wurdt nei it sikehûs yn Diegi stjoerd, en har broer Jegari giet mei har. Tatiseigi stjoert ek in ienheid fan syn eigen liifwachten mei, en dat is mar goed ek, want op 'e weromweis nei Tirnamardi wurdt de bus oanfallen en ûnder fjoer nommen. Troch de oanwêzigens yn 'e bus fan Antaro en Jegari, dy't omkesizzers binne fan 'e Keimi, de hear fan Taiben, wurde de mecheiti-beridende Taibeni by it konflikt belutsen, en Cajeiri skillet Rejiri, de erfgenamt fan 'e hear fan Dur, op om him te freegjen en fier yn syn fleantúch in ferkenningsflecht út. Mei dêrtroch kinne farske ienheden fan it Slûpmoardnersgilde handich ôfweve mei de oanfallers, dat ûnderhearrigen fan Geidaro blike te wêzen.

As Nomari letter yn Tirnamardi de man'chi (likernôch trou, mar sterker) fan 'e finzennommen oanfallers wit te winnen, beslút Tatiseigi him foar te dragen as de nije hear fan Ajuri. Ut 'e haadstêd, Shejidan, komt it berjocht dat it Slûpmoardnersgilde Tatiseigi syn oanjefte fan foarnimmen akseptearre hat. Noch ear't men út Shejidan wei Ajiden, de bûtenpleats fan 'e hearen fan 'e Ajuri-clan, berikke kinnen hat, kriget lykwols Tatiseigi tillefoan fan Geidaro, dy't him freget syn ûnderhearrigen, dy't har hûs binnenkrongen binne, werom te lûken. Tatiseigi kin dat net dwaan om't it syn ûnderhearrigen net binne. It tillefoanpetear einiget mei in skot en in gjalp, wat it lêste is wat fan Geidaro fernommen wurdt. Oannommen wurdt dat de grûn yn Ajuri de restanten fan it Skaadgilde te hjit ûnder fuotten wurdt, en dat se risselwearje om fan ruten te spyljen, mar net foar't se ûnwinske tsjûgen út 'e wei romme hawwe. Koarte tiid letter komt it berjocht út Shejidan dat Nomari troch Tabini-aiji oansteld is as hear fan Ajuri. Mei in ienheid liifwachten dy't him troch it haadkertier fan it Slûpmoardnersgilde tawiisd is, set de nije hear daliks ôf nei Ajiden.

Underwilens is Bren op Mospheira besoarge rekke troch de ûntrêstgjende berjochten dy't him fan it fêstelân ôf berikke, mar hy kin dêr fan dy ôfstân neat oan- of tadwaan. Ynstee konsintrearret er him op 'e tarieding foar de oankomst fan 'e Reunioner bern mei harren âlden, dy't no oansteande is. Shawn Tyers, Bren syn freon en eardere kollega, dy't no de presidint fan Mospheira is, hat yn 'e tuskentiid ek net stilsitten. Krekt oarsom: hy hat in kompromis berikt mei de smoarrike Aslund-famylje, dy't de grutte Asgard Korporaasje yn besit hat en teffens de wichstichste donateur is fan 'e Erfskipspartij, de anty-atevi-beweging op Mospheira dy't yn it ferline alris op in hier nei in oarloch tusken Mospheira en de Westlike Assosjaasje feroarsake hat (sjoch: Inheritor). De Erfskipspartij hat him ek tsjin 'e fêstiging fan 'e Reunioners op Mospheira keard, mar as de Aslunds in draai fan hûnderttachtich graden meitsje, folget de moderate top fan 'e partij harren dêryn, wylst de ekstremisten dat wegerje, wat in brek yn 'e partij feroarsaket.

Nei't it romtefear feilich lâne is en de Reunioner bern en harren âlden arrivearre binne, hâldt presidint Tyers in taspraak om harren te ferwolkomjen. Dat feestlik barren wurdt lykwols rou ûnderbrutsen as in ekstremistyske oanhinger fan 'e Erfskipspartij besiket de presidint dea te sjitten. Dat mislearret om't Shawn Tyers in kûgelfrij fest fan Bren liend hie, en de presidint rekket mar lichtferwûne. Dit foarfal liedt ta grutte ferûntweardiging en lulkens ûnder de Mospheiryske befolking, en Heyden Court, it gebou dêr't de Reunioners komme te wenjen, wurdt oerstreamd troch blomstikken en winskkaarten. Oare kant de seestrjitte wurdt yn Tirnamardi ek in feestlike gearkomste holden, wêrby't de ein oan it skeel tusken de Atageini en de Ajuri fierd wurdt. Keimi fan Taiben, ûnder de yndruk fan 'e ferhalen dy't er fan Antaro en Jegari heard hat oer de wylde mecheiti-rit fan omke Tatiseigi, wurdt de earste hear fan Taiben út 'e skiednis fan 'e atevi dy't offisjeel Tirnamardi besiket (de iuwenlange fete tusken de Taibeni en de Atageini is noch net sa lang lyn besljochte). En Cajeiri syn lytse suske Seimiro wurdt formeel útroppen ta de erfgenamte fan 'e bernleaze Tatiseigi.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner | Invader | Inheritor | Precursor | Defender | Explorer | Destroyer | Pretender | Deliverer | Conspirator | Deceiver | Betrayer | Intruder | Protector | Peacemaker | Tracker | Visitor | Convergence | Emergence