Springe nei ynhâld

H.P. Lovecraft

Ut Wikipedy
H.P. Lovecraft
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Howard Phillips Lovecraft
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 augustus 1890
berteplak Providence (Rhode Island)
stoarn 15 maart 1937
stjerplak Providence (Rhode Island)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre horror en weird fiction
perioade Ynterbellum
bekendste
  wurk(en)
The Call of Cthulhu
The Rats in the Walls
At the Mountains of Madness
The Shadow over Innsmouth
The Shadow Out of Time
prizen Retro Hugo 1945
jierren aktyf 19161937
offisjele webside
www.hplovecraft.com

H.P. Lovecraft (Amerikaansk-Ingelske útspr.: [ˈlʌvkræːft], likernôch: "lav-krêft"; folút: Howard Phillips Lovecraft; Providence, 20 augustus 1890 – dêre, 15 maart 1937) wie in Amerikaansk skriuwer fan benammen horror en weird fiction, dy't ek aktyf wie as dichter, publisist, essayist, sjoernalist, literatuerkritikus en redakteur. Hy is benammen bekend wurden as de geastlike heit fan 'e optochte wrâld dy't letter de Cthulhu Mythos neamd waard. It wurk fan Lovecraft bestie foar it meastepart út koarte ferhalen, dy't er publisearre yn pulptydskriften, mei dêropta fiif novellen en ien roman. Syn bekendste wurken binne de ferhalen The Call of Cthulhu en The Rats in the Walls en de novellen At the Mountains of Madness, The Shadow over Innsmouth en The Shadow Out of Time.

It wurk fan Lovecraft gie yn op wat neffens de skriuwer it plak fan 'e minskheid yn it hielal wie: in ûnbelangryk dieltsje fan in ûnferskillige kosmos, dat op elts willekeurich stuit fuortreage wurde koe. Hy foege oan syn ferhalen fantastyske eleminten ta dy't de neffens him besteande brekberens fan it antroposintrisme symbolisearren. Lovecraft wie it mulpunt fan in breder fermidden fan skriuwers, dat wol oantsjut wurdt as de 'Rûnte fan Lovecraft'. Dêrta hearden û.o. August Derleth, Donald Wandrei en Robert Bloch, wylst ek Robert E. Howard, de geastlike heit fan Conan de Barbaar, nauwe bannen mei Lovecraft ûnderhold. De leden fan 'e Rûnte fan Lovecraft skreaune ferhalen dy't gauris eftergrûneleminten dielden, wat ta it ûntstean fan 'e dielde wrâld fan 'e Cthulhu Mythos late.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lovecraft waard yn 1890 berne yn Providence, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Rhode Island, yn in begoedige famylje fan etnysk Ingelsk komôf. Hy wie it ienlingsbern fan Winfield Scott Lovecraft en dy syn frou Sarah Susan Phillips. Syn heit waard yn 1893, doe't Lovecraft noch mar trije jier wie, opnommen yn it psychiatrysk sikehûs Butler Hospital te Providence. Dêr soed er fiif jier letter, yn 1898, ferstjerre oan syfilis, hoewol't in eufemisme brûkt waard om syn tastân te omskriuwen. Lovecraft hold letter syn hiele libben lang fol dat syn heit geastlik paadbjuster rekke wie troch sliepeleazens en wat no in burnout neamd wurde soe. It is ûnbekend oft er dat wier leaude om't de wierheid foar him geheim holden wie, of dat it in selsoptocht ferlechje út skamte wie.

Nei de opname fan syn heit groeide Lovecraft fierders op yn 'e romme filla fan syn pake en beppe oan memmekant, Whipple Van Buren Phillips en dy syn frou Robie. Dêr wennen behalven hy en syn mem ek syn beide ûntroude muoikes Lillian en Annie doe noch. Syn mem bedoar him en woe him frijwol nea út it each ferlieze. Pake Whipple waard in twadde heit foar it Lovecraft, mei wa't er ûnder syn geregelde lange sakereizen korrespondearre troch briefkerij (Lovecraft koe mei trije jier nei't it skynt al goed lêze en skriuwe). It wie Whipple dy't Lovecraft oanfitere om literatuer en poëzij te lêzen, en dy't op jierren syn jonge pakesizzer yn 'e kunde brocht mei horror en weird fiction. Lovecraft rekke dêrtroch oanhelle mei weromkearende nachtmerjes, dy't oanboazen doe't syn mem en muoikes inkeld noch swarte rouklean droegen nei it ferstjerren fan syn beppe yn 1896.

De lytse Lovecraft mei syn âlden yn 1892.

Op eigen manneboet brocht Lovecraft himsels fan 1898 ôf yn 'e famyljebibleteek yn 'e kunde mei de wittenskip, yn 't bysûnder astronomy en skiekunde. Oan astronomy ferlear er sa syn hert, dat er yn 1902, doe't er tolve jier wie, úteinsette mei de publikaasje fan in tydskrift oer dat ûnderwerp, it Rhode Island Journal of Astronomy, dêr't 69 edysjes fan bewarre bleaun binne. Wat formeel ûnderwiis oangie, wiksele Lovecraft geregeldwei fan legere skoalle, mei tuskentroch lessen fan priveelearaars by him oan hûs. Dat skynt te krijen hân te hawwen mei in swakke sûnens, hoewol't net alhiel dúdlik is wat him mankearre.

Underwilens rekke it mei de saken fan pake Whipple sa yn it neigean, dat er koart nei 1900 syn tsjinstfolk dien jaan moast. Mei't de beide muoikes ûnderwilens troud wiene, bleaune Lovecraft, syn mem en syn pake allinne efter yn it grutte hûs. Begjin 1904 gie it bedriuw fan Whipple Phillips oer de kop, en inkele moannen letter kaam de âldman mei santich jier te ferstjerren oan in oerhaal. Neitiid waard de grutte filla ferkocht en ferfearen Lovecraft en syn mem nei in lytse twa-ûnder-ien-kapwente, om't it ûnderhâld fan it grutte hûs net op te bringen wie. Tritich jier letter soe Lovecraft dat diel fan syn libben yn in brief omskriuwe as it dûnkerste part fan syn libben, en opbychtsje dat er in skoft mei selsmoardplannen omrûn hie.

Doe't Lovecraft yn 'e hjerst fan dat jier úteinsette mei it fuortset ûnderwiis, gie it better, mei't er dêr in protte nocht oan hie, ek al moast er noch hieltyd út en troch in hoart skoalle misse fanwegen syn sûnens. Hy gie wer fierder mei de publikaasje fan it Rhode Island Journal of Astronomy, en begûn ek mei de publikaasje fan in oar tydskrift, de Scientific Gazette, dy't foar it meastepart oer skiekunde gie. Hoewol't er al koarte ferhalen skreau sûnt syn achtste, produsearre Lovecraft yn dy snuorje foar it earst de dûnkere, bizarre ferhalen dêr't er letter bekend om wurde soe, lykas The Beast in the Cave en The Alchemist. Yn 1908, koart foar syn eineksamens, krige er in nije krisis op it mêd fan syn sûnens, skynber slimmer as alle foargeande, hoewol't de omstannichheden en oarsaken ûnbekend binne. Hy soe it letter yn syn brieven omskriuwe as in mentale ynstoarting dy't mank gie mei migrêne en sliepeleazens. Dêrtroch died er nea eksamen en kearde er ek nea wer werom nei skoalle.

Oer wat Lovecraft útheefde tusken 1908 en 1913 is net folle bekend. Finansjeel gie it yn elts gefal hieltyd minder mei him en syn mem, fral nei in mislearre saaklik aventoer fan in omke, dat de famylje in protte jild koste. Yn 1912 ferskynde it earste gedicht fan Lovecraft, dat er net yn in eigen útjefte publisearre, yn in pleatslike krante. It hie as titel Providence in 2000 A.D. en stelde in takomst foar wêryn't Amerikanen fan Ingelsk komôf net mear yn tel wiene en harren plak ynnommen wie troch ymmigranten fan Iersk, Italjaansk, Portegeesk en Joadsk komôf. Yn deselde snuorje skreau Lovecraft ek rasistyske poëzij lykas New-England Fallen en On the Creation of Niggers, hoewol't er dy gedichten by syn libben nea publisearre. Tsjintwurdich soe soks blyk jaan fan ekstremistyske tinkbylden yn 'e marzje fan 'e maatskippij dy't troch de mainstream beslist net akseptearre wurde, mar doedestiden wiene rasistyske opfettings yn Nij-Ingelân noch folslein ynboargere.

In plakette ta oantins oan H.P. Lovecraft op 22 Prospect Street yn Providence.

Yn 1911 begûnen ynstjoerde brieven fan Lovecraft yn pulptydskriften te ferskinen, yn 't bysûnder Argosy. Yn 1913 fage er yn in ynstjoerd brief yn dat blêd de flier oan mei de fiksje fan Fred Jackson, wêrmei't er in fete oanhelle mei de measte oare lêzers fan Argosy, dy't hast in jier lang duorje soe en dy't útfochten waard fia ynstjoerde brieven. Syn wichtichste tsjinstanner wie John Russell, dy't syn antwurden gauris yn fersfoarm geat; Lovecraft hie dêr sa'n respekt foar dat er him twongen fielde om te reägearjen, en sa it skeel oan 'e gong hold. De stikken loeken de oandacht fan Edward F. Daas, doedestiden de haadredakteur fan 'e United Amateur Press Association (UAPA), dy't yn 1914 sawol Russell as Lovecraft útnûge om lid te wurden. Beiden giene se dêrop yn en it meastepart fan it folgjende desennium dompele Lovecraft himsels ûnder yn 'e wrâld fan 'e amateursjoernalistyk.

Ein 1914 waard Lovecraft foarsitter fan 'e ôfdieling Publike Krityk fan 'e UAPA, mids 1915 waard er fise-foarsitter fan 'e hiele organisaasje en yn 1917 klom er op ta foarsitter. Hy brûkte syn bestjoerlike posysjes om in foarm fan skreaun Ingelsk te bepleitsjen dy't troch in protte fan syn tiidgenoaten beskôge waard as argaysk en efterhelle. Lovecraft geat syn krityk op wat er de "amerikanismen" en "sprektaaltermen" yn it wurk fan oare UAPA-leden neamde faak yn ksenofobyske en rasistyske foarmen, wêrby't er de ferbastering fan 'e taal troch ymmigranten beklage. Yn 1917 waard er foarsitter fan 'e UAPA, wêrnei't er bestjoersleden beneamde dy't foar it meastepart syn ideeën oer de supremasy fan klassyk Ingelsk boppe modern Amerikaansk-Ingelsk dielden. Yn deselde tiid publisearre Lovecraft ek in protte artikels wêryn't er him tige kritysk útliet oer de ûnwil fan 'e Feriene Steaten om yn te gripen yn 'e Earste Wrâldoarloch. Nei syn miening wiene de Amerikanen it oan harsels ferplichte om Ingelân te help te kommen, dat er beskôge as harren memmelân. Nei't de Feriene Steaten har yn 1916 by de Alliëarden oansletten hiene, besocht Lovecraft yn 1917 tsjinst te nimmen by it Amerikaanske Leger. Hy kaam troch de keuring, mar moast ynbine doe't syn mem drige elts middel oan te gripen, "legaal of net", om syn tsjinstnimmen tsjin te kearen.

Yn 1916 publisearre Lovecraft syn koarte ferhaal The Alchemist yn 'e wichtichste útjefte fan 'e UAPA, dêr't er oan dy tiid ta inkeld poëzij yn útbrocht hie. Tanksij de oanmoediging fan in oar UAPA-lid, W. Paul Cook, dy't in libbenslange freon fan him wurde soe, gied er neitiid troch mei it almar mear skriuwen fan fiksje ynstee fan poëzij. Syn earstfolgjende publisearre ferhalen wiene The Tomb, wêryn't (sa joech er sels ek ta) de grutte ynfloed dy't Edgar Allan Poe op him hie, ta utering kaam, en Dagon, dat yn in styl skreaun wie dêr't er neitiid yn trochgean soe. Nei't yn 1918 syn termyn as foarsitter fan 'e UAPA ôfrûn, kearde Lovecraft werom yn syn âlde funksje fan foarsitter fan 'e ôfdieling Publike Krityk. Yn 'e winter fan 1918 op 1919 rekke syn mem geastlik yn 'e war. It is net dúdlik wat har mankearre, mar yn maart 1919 waard se opnommen yn itselde psychiatrysk sikehûs dêr't har man earder bedarre wie. Nei in petear mei har dokters, yn april, kaam Lovecraft ta de konklúzje dat se it sikehûs nea wer ferlitte soe. Dy reälisaasje smiet him yn in djippe klinyske depresje, dêr't er pas tsjin 'e ein fan it jier wer ta'n út wist te klauwen.

Under ynfloed fan 'e wurken fan Lord Dunsany, dy't er koarte tiid earder ûntdutsen hie, skreau Lovecraft yn 1919 de ferhalen fan syn saneamde Dream Cycle ("Dreamsyklus"), lykas The White Ship, The Doom that Came to Sarnath en The Statement of Randolph Carter. Begjin 1920 folgen The Cats of Ulthar en Celephaïs. Yn dyselde snuorje kaam Lovecraft yn 'e kunde mei Frank Belknap Long, dy't de rest fan syn libben syn bêste freon en neiste fertrouling wêze soe. Letter dat jiers begûn er de ierste ferhalen te publisearjen dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Cthulhu Mythos, in optochte wrâld wêrfan't de namme wierskynlik betocht waard troch August Derleth. Yn dy ferhalen lei Lovecraft him ta op it oantsjutten fan 'e kosmyske neatichheid fan 'e minskheid mei weromkeardende ferwizings nei boppenatuerlike entiteiten en fiktive teksten, wêrfan't benammen de ferskriklike 'fergetten god' Cthulhu en de gefaarlike grimoire Necronomicon de popkultuer binnenkrongen binne en ek bûten it wurk fan Lovecraft bekend wurden binne. Yn 't earstoan skreau er de ferhalen noch op reälistyske wize, mar meitiid ferskode er datoangeande nei horror en weird fiction. It gedicht Nyarlathotep en it koarte ferhaal The Crawling Chaos, dat er skreau y.g.m. Winifred Virginia Jackson, kamen ein 1920 út. Yn 1921 folgen de ferhalen The Nameless City en The Other Gods.

H.P Lovecraft mei syn lettere frou Sonia Greene yn 1921.

Houlik en ferhuzing nei New York

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 maaie 1921 kaam Lovecraft syn mem yn it Butler Hospital te ferstjerren oan komplikaasjes fan in operaasje oan 'e galblaas fiif dagen earder. Op 'e nij rekke Lovecraft wei yn in djippe depresje, en yn in brief fan njoggen dagen letter skreau er dat er gjin reden seach om noch troch te gean mei libjen. Nettsjinsteande dat hold er oan mei it besykjen fan konvinsjes op it mêd fan amateursjoernalistyk, en yn july fan dat jier trof er op ien sa'n konvinsje Sonia Greene. Sy wie in skieden frou fan Joadsk komôf út New York, en dêrmei yn alles it tsjinstelde fan wat Lovecraft grutbrocht wie om fatsoenlik te finen. Hy rasjonalisearre syn relaasje mei in Joadinne troch derop te wizen dat se goed assimilearre wie yn 'e Ingelske kultuer. Syn muoikes karden de relaasje ôf, mar nettsjinsteande dat troude Lovecraft op 3 maart 1924 mei Greene, wêrnei't se har nei wenjen setten yn in appartemint yn 'e New Yorkske borough Brooklyn. Neffens Greene har sizzen prestearre Lovecraft nei alle tefredenheid, wat syn houlikse plichten oangie, hoewol't sy wol yn alles it inisjatyf nimme moast. Dy bleuens wiet se oan 'e ferstikkende opfieding troch syn mem.

New York wie foar Lovecraft in iepenbiering. Hy fûn der in groep lykstimde yntellektuele en literêr taleine freonen, de saneamde Kalem Club, dêr't û.o. aventoereromanskriuwer Henry Everett McNeil, abbekaat en anargistysk auteur James Ferdinand Morton jr. en dichter Reinhardt Kleiner ta hearden. Oare leden, dy't har der nei Lovecraft by joegen, wiene syn protezjee Frank Belknap Long, boekhanneler George Willard Kirk en Samuel Loveman, dy't Joadsk wie, mar mei wa't Lovecraft dochs goed befreone rekke. De oare leden fan 'e club fiteren Lovecraft oan om syn ferhalen foar publikaasje oan te bieden by it tydskrift Weird Tales. Haadredakteur Edwin Baird akseptearre mannich in ferhaal fan 'e Dream Cycle foar syn needlijende blêd, ek al waarden dy slim bekritisearre troch in diel fan 'e lêzers.

Net lang nei de brulloft fan Lovecraft en Greene gie de bank wêrby't Greene klant wie, oer de kop, mei as gefolch dat se har bedriuw en al har sparjild ferlear. Ta oermjitte fan ramp rekke se sels yn 'e minnichte. Lovecraft besocht har finansjeel te ûnderhâlden troch foar it earst yn syn libben wurk te sykjen (hy hie foartiid altyd fan 'e erfenis fan syn pake libbe), mar syn gebrek oan wurkûnderfining spile him parten. De útjouwer fan Weird Fiction besocht it tydskrift wer rindabel te meitsjen troch in oare haadredakteur oan te stellen, en bea dy baan oan Lovecraft oan. Dy sloech it oanbod lykwols ôf, mei't it wurk in ferhuzing nei Chicago betsjut hawwe soe. Yn syn plak waard doe Farnsworth Wright as haadredakteur oannommen, waans wurk Lovecraft yn it ferline bekritisearre hie. Neitiid waarden de ferhalen dy't Lovecraft by Weird Tales foar publikaasje oanbea, gauris ôfwiisd. Men wol wol hawwe dat dat kaam fanwegen sensuerregels dy't opsteld waarden nei't der yn in ferhaal (net fan Lovecraft) dat yn it tydskrift publisearre waard, yn bedutsen termen ferwiisd wie nei nekrofily. Oan 'e oare kant publisearre Wright in soad ferhalen fan Lovecraft dy't er yn earste ynstânsje ôfwiisd hie, nei it ferstjerren fan 'e skriuwer dochs noch.

It lêste hûs dêr't Lovecraft wenne, fan 1933 oant syn dea yn 1937.

Werom yn Providence

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens ferhuze Greene earst nei Cincinnati, yn Ohio, dêr't se in baan krije koe, en letter nei Cleveland, yn deselde steat en om deselde reden. Lovecraft, dy't efterbleau yn Brooklyn, ferlear alles útsein de klean dy't er oanhie by in ynbraak yn syn ienkeamerappartemint. Fan it bûsjild dat Greene him tastjoerde, hierde er in oar, noch lytser appartemintsje yn 'e wyk Brooklyn Heights. Om dyselde tiid hinne skreau er de ferhalen The Horror at Red Hook en He, en ek syn meast ferneamde ferhaal, The Call of Cthulhu. Yn 1926 kearde er werom nei Providence, dêr't er by in muoike fan him ynloek. Yn dy snuorje skreau er û.m. de roman The Case of Charles Dexter Ward, en de novellen The Dream-Quest of Unknown Kadath en At the Mountains of Madness. Hy die ek korreksjewurk foar oare skriuwers en wie fierders aktyf as ghostwriter fan û.m. The Mound, Winged Death en The Diary of Alonzo Typer. Ien fan syn kliïnten, de boeienskening Harry Houdini, wie fol lof oer syn wurk en besocht him te helpen troch him oan lju út syn fermidden fan kunde foar te stellen dy't him oan fêst wurk helpe koene. Dat rûn lykwols op 'e non troch Houdini syn ferstjerren.

Lovecraft wie wol deeglik by steat om syn aparte skriuwstyl (in foarmleaze beskriuwing fol taspilings troch de eagen fan in skokte mar passive ferteller) te kombinearjen mei de aksje en it soarte rûtinemjittige ynhâld dat populêr wie. Wright betelle him bygelyks royaal foar it rjocht om The Dunwich Horror, in ferhaal wêryn't er dat die, yn Weird Tales publisearje te meien, en fan 'e lêzers kamen dêr tige positive reäksjes op. Lykwols produsearre Lovecraft almar mear wurk dêr't er neat mei fertsjinje koe. Foar de bûtenwacht bearde er dat de ûntfangst fan syn wurk him kâld liet, mar eins wied er tige gefoelich foar krityk, sasear sels dat er it faak leaver weromloek as dat it oan mooglike krityk bleat kaam te stean. Ek besocht er faak mar ien kear om in ferhaal publisearre te krijen, en liet er it nei in ôfwizing fierders gewurde. Soms, lykas mei de novelle The Shadow over Innsmouth, dy't aksje en in opwinende efterfolging omfette, skreau er wat dat kommersjeel libbensfetber wie, mar besocht dan hielendal net om it publisearre te krijen. Hy negearre sels belangstellende útjouwers dy't út eigen beweging kontakt mei him opnamen. Sa reägearre er net doe't ien dernei fernaam oft er ek in roman ree hie foar publikaasje, wylst er yndie sa'n wurk yn 'e kast lizzen hie: The Case of Charles Dexter Ward.

In pear jier nei't er weromferhuze wie nei Providence besleaten Greene en Lovecraft, om't se al sa lang skieden libbens laten, oer te gean ta in formele skieding. Greene ferfear yn 1933 nei Kalifornje, dêr't se yn 1936 wertroude. Se wie har der ûnbewust fan dat Lovecraft de skiedingspapierren nea ûndertekene hie, en dat se dus eins bigamy begie. Lovecraft koe nea ek mar yn 'e fierste fierte fan syn skriuwwurk libje. Ynstee tarre er syn hiele folwoeksen libben, troch tige sunich te wêzen, op 'e erfenis fan syn pake, dy't frijwol op wie doe't er stoar. Soms sparre er himsels it iten út 'e mûle om 'e postsegels foar syn briefkerij betelje te kinnen (hy skreau yn syn libben nei skatting 100.000 brieven). As gefolch fan 'e Grutte Depresje waard er sosjalist en oanhinger fan Franklin D. Roosevelt.

Op 11 juny 1936 makke Lovecraft syn freon Robert E. Howard in ein oan syn libben nei't er te hearren krigen hie dat syn mem nea wer wekker wurde soe út har koma, en syn mem stoar koarte tiid letter. Dat griep Lovecraft bot oan. Tsjin 'e ein fan datselde jier waard syn novelle The Shadow over Innsmouth einlings publisearre, yn 'e foarm fan in paperback. It wie syn earste wurk dat útkaam yn boekfoarm. Hy wie der lykwols alhiel net bliid mei, want it stie smoarfol drukflaters. Der waarden mar 200 eksimplaren fan ferkocht, en de rest waard ferbaarnd doe't de útjouwer oer de kop gie. Tsjin dy tiid wie de skriuwkarriêre fan Lovecraft effektyf foarby. Koart nei't er syn lêste orizjinele koarte ferhaal skreau, The Haunter of the Dark, seid er dat de fijannige ûntfangst fan syn novelle At the Mountains of Madness "mear dien hat as wat ek om myn eins fiktive karriêre te beëinigjen."

Underwilens wie Lovecraft syn sûnens yn 'e minnichte rekke. Hy litte oan in oandwaning dy't er sels omskreau as "de gryp", mar nei't er úteinlik syn fobyske eangst foar dokters oerwûn en himsels yn febrewaris 1937 ûndersykje liet, die bliken dat er termkanker hie, dy't al yn in terminaal stadium oanbelâne wie. De rest fan syn libben, in foege moanne, brocht Lovecraft yn it sikehûs troch yn oanhâldende en oanboazjende pine. Fanwegen syn belangstelling foar de wittenskip hold er in deiboek oer syn sykte by oant er úteinlik syn pinne net mear fêsthâlde koe. H.P. Lovecraft kaam op 15 maart 1937 yn it sikehûs yn syn berteplak Providence te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 46 jier. Hy waard byset yn it grêf fan syn âlden en pake en beppe oan memmekant op it Swan Point Cemetery yn Providence, dêr't syn fans yn 1977 in aparte grêfstien foar him oprjochten. Dêrop waarden syn namme, bertedatum en datum fan ferstjerren ynkurven en dêrûnder de tekst "I am Providence" ("Ik bin Provicence", mar ek "Ik bin de Foarsjennichheid"), in fraze út ien fan syn brieven.

De grêfstien fan H.P. Lovecraft.

Neilittenskip en ynfloed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn dea soargen Lovecraft syn freonen en bewûnderders, yn 't bysûnder August Derleth en L. Sprague de Camp, derfoar dat syn hiele oeuvre publisearre waard. Fan 'e 1950-er jierren ôf kaam der mear wurdearring foar syn wurk en meitiid groeide Lovecraft út ta in skriuwer dy't beskôge wurdt as ien fan 'e grûnlizzers fan 'e moderne horror- en fantasyliteratuer. Der waard sels in subsjenre fan horror nei him ferneamd: lovecraftiaanske horror. Yn 1962 neamde literatuerkritikus Colin Wilson Lovecraft op ien sike mei H.G. Wells, Aldous Huxley en J.R.R. Tolkien.

Yn 2012 omskreau Michael Dirda, in literatuerkritikus foar de Britske krante The Times Lovecraft as in "fizjonêr", dy't "inkeld foar Edgar Allan Poe ûnderdocht […] yn 'e annalen fan Amerikaanske paranormale literatuer." Nick Mamatas, in literatuerkritikus fan 'e Los Angeles Review of Books, stelde yn 2014 dat de kwaliteit fan Lovecraft as skriuwer ferdizene waard troch de dregens fan syn taalgebrûk en ûnderwerp, mar dat syn feardichheid de reden is dat syn populariteit beklibbe is, wylst oare pulpskriuwers út 'e 1930-er jierren, lykas Seabury Quinn en Kenneth Patchen, dy't by harren libben tige populêr wiene, no amper noch lêzen wurde.

Yn 'e ienentweintichste iuw is de mear oandacht kommen foar it rasisme dêr't sawol libben as wurk fan Lovecraft mei ôfmakke wie. Hoewol't tajûn wurde moat dat Lovecraft foar syn tiid en maatskiplik fermidden gjin ekstremist wie, om't de measten krekt sa tochten lykas hy, kin oan 'e oare kant ek net ûntstriden wurde dat er in rasist wie. De foaroansteande Afro-Amerikaanske fantasyskriuwster N.K. Jemisin beskôget Lovecraft syn opfettings oer ras as essinsjeel foar syn literêre wrâld: "syn foaroardielen foarmen de grûnslach fan syn horror. […] Hy skilderet hjir en dêr mei syn wurden prachtige bylden, dat is machtich wurk, mar je wurde der benaud fan, […] want it jout in ynkyk yn it ferstân fan in echte rasist en liedt ta it besef hoe wierlik frjemd harren tinken is, hoe wierlik steurend har fermogen is om harren meiminsken har minsklikheid te ûntnimmen."

De trofee fan 'e World Fantasy Awards wie fan 'e earste útrikking yn 1975 ôf fjirtich jier lang in buste fan Lovecraft (mei as bynamme de 'Howard', nei foarbyld fan 'e 'Oscar'), ûntwurpen troch cartoonist Gahan Wilson. Yn 2015 kaam dêr in ein oan fanwegen de rasistyske konnotaasjes fan Lovecraft. Yn 2020 waard oan Lovecraft lykwols foar de Cthulhu Mythos mei weromwurkjende krêft de Retro Hugo Award foar bêste searje takend.

(op folchoarder fan skriuwen)

Romans en novellen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1927 – The Dream-Quest of Unknown Kadath (novelle; publisearre 1943)
  • 1927 – The Case of Charles Dexter Ward (roman; publisearre maaie en july 1941)
  • 1930 – The Whisperer in Darkness (novelle; publisearre aug. 1931)
  • 1931 – At the Mountains of Madness (novelle; publisearre febr. oant apr. 1936)
  • 1931 – The Shadow over Innsmouth (novelle; publisearre apr. 1936)
  • 1935 – The Shadow Out of Time (novelle; publisearre juny 1936)
  • 1897 – The Noble Eavesdropper (nea publisearre, ferlern gien)
  • 1899 – The Little Glass Bottle (publisearre 1959)
  • 1899 – The Mystery of the Grave-Yard (publisearre 1959)
  • 1899 – The Secret Cave, or John Lees Adventure (publisearre 1959)
  • <1902 – The Haunted House (nea publisearre, ferlern gien)
  • <1902 – The Secret of the Grave (nea publisearre, ferlern gien, of mooglik in alternative titel foar The Mystery of the Grave-Yard)
  • <1902 – John, the Detective (nea publisearre, ferlern gien)
  • 1902 – The Mysterious Ship (publisearre 1959)
  • 1905 – The Beast in the Cave (publisearre juny 1918)
  • 1907 – The Picture (nea publisearre, ferlern gien)
  • 1908 – The Alchemist (publisearre nov. 1916)
  • 1917 – The Tomb (publisearre mrt. 1922)
  • 1917 – Dagon (publisearre nov. 1919)
  • 1917 – A Reminiscence of Dr. Samuel Johnson (publisearre sept. 1917)
  • 1918 – Polaris (publisearre des. 1920)
  • 1919 – Beyond the Wall of Sleep (publisearre okt. 1919)
  • 1919 – Memory (publisearre maaie 1923)
  • 1919 – Old Bugs (publisearre 1959)
  • 1919 – The Transition of Juan Romero (publisearre 1944)
  • 1919 – The White Ship (publisearre nov. 1919)
  • 1919 – The Doom that Came to Sarnath (publisearre juny 1920)
  • 1919 – The Statement of Randolph Carter (publisearre maaie 1920)
  • 1919 – The Street (publisearre des. 1920)
  • 1920 – The Terrible Old Man (publisearre july 1921)
  • 1920 – The Cats of Ulthar (publisearre nov. 1920)
  • 1920 – The Tree (publisearre okt. 1921)
  • 1920 – Celephaïs (publisearre maaie 1922)
  • 1920 – From Beyond (publisearre juny 1934)
  • 1920 – The Temple (publisearre sept. 1925)
  • 1920 – Nyarlathotep (publisearre nov. 1920)
  • 1920 – The Picture in the House (publisearre simmer 1921)
  • 1920 – Facts Concerning the Late Arthur Jermyn and His Family (publisearre mrt. en juny 1921, ûnder de titel The White Ape)
  • 1921 – The Nameless City (publisearre nov. 1921)
  • 1921 – The Quest of Iranon (publisearre july en aug. 1935)
  • 1921 – The Moon-Bog (publisearre juny 1926)
  • 1921 – Ex Oblivione (publisearre mrt. 1921)
  • 1921 – The Other Gods (publisearre nov. 1933)
  • 1921 – The Outsider (publisearre apr. 1926)
  • 1921 – The Music of Erich Zann (publisearre mrt. 1922)
  • 1921 – Sweet Ermengarde (publisearre 1943)
  • 1922 – Hypnos (publisearre maaie 1923)
  • 1922 – What the Moon Brings (publisearre maaie 1923)
  • 1922 – Azathoth (romanfragmint; publisearre juny 1938)
  • 1922 – Herbert West – Reanimator (publisearre febr. oant july 1922)
  • 1922 – The Hound (publisearre febr. 1924)
  • 1922 – The Lurking Fear (publisearre jann. oant apr. 1923)
  • 1923 – The Rats in the Walls (publisearre mrt. 1924)
  • 1923 – The Unnamable (publisearre july 1925)
  • 1923 – The Festival (publisearre jann. 1925)
  • 1924 – The Shunned House (publisearre okt. 1937)
  • 1925 – The Horror at Red Hook (publisearre jann. 1927)
  • 1925 – He (publisearre sept. 1926)
  • 1925 – In the Vault (publisearre nov. 1925)
  • 1926 – Cool Air (publisearre mrt. 1928)
  • 1926 – The Call of Cthulhu (publisearre febr. 1928)
  • 1926 – Pickman's Model (publisearre okt. 1927)
  • 1926 – The Strange High House in the Mist (publisearre okt. 1931)
  • 1926 – The Silver Key (publisearre jann. 1929)
  • 1927 – The Colour Out of Space (publisearre sept. 1927)
  • 1927 – The Descendant (ferhaalfragmint; publisearre 1938)
  • 1927 – The Very Old Folk (diel fan in brief; publisearre simmer 1940)
  • 1927 – History of the Necronomicon (koarte pseudo-skiednis; publisearre 1938)
  • 1928 – The Dunwich Horror (publisearre apr. 1929)
  • 1928 – Ibid (publisearre jann. 1938)
  • 1932 – The Dreams in the Witch House (publisearre july 1933)
  • 1933 – The Thing on the Doorstep (publisearre jann. 1937)
  • 1933 – The Book (ferhaalfragmint; publisearre 1938)
  • 1933 – The Evil Clergyman (fragmint út in brief; publisearre apr. 1939)
  • 1935 – The Haunter of the Dark (publisearre desimber 1936)

Gearwurkings mei en korreksjewurk foar oare auteurs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1919 – The Green Meadow (mei Winifred V. Jackson; publisearre maityd 1927)
  • 1920 – Poetry and the Gods (mei Anna Helen Crofts; publisearre sept. 1920)
  • 1920 – The Crawling Chaos (mei Winifred V. Jackson; publisearre apr. 1921)
  • 1922 – The Horror at Martin's Beach (mei Sonia Greene; publisearre nov. 1923)
  • 1922 – Four O'Clock (mei Sonia Greene; publisearre 1949)
  • 1924 – Imprisoned with the Pharaohs (mei Harry Houdini; publisearre july 1924)
  • 1926 – Two Black Bottles (mei Wilfred Blanch Talman; publisearre aug. 1927)
  • 1927 – The Last Test (mei Adolphe de Castro; publisearre nov. 1928)
  • 1927 – The Thing in the Moonlight (mei J. Chapman Miske; publisearre jann. 1941; Lovecraft-kenner S.T. Joshi beskôget dit net as in echt wurk fan Lovecraft, mei't it in postume omwurking ta in ferhaal is troch Miske fan it ferslach fan in dream fan Lovecraft yn ien fan syn brieven)
  • 1928 – The Curse of Yig (mei Zealia Bishop; publisearre nov. 1929)
  • 1929 – The Electric Executioner (mei Adolphe de Castro; publisearre aug. 1930; in omwurking fan it ferhaal The Automatic Executioner, dat foar it earst publ. waard yn 1891)
  • 1930 – The Mound (mei Zealia Bishop; publisearre nov. 1940)
  • 1930 – Medusa's Coil (mei Zealia Bishop; publisearre jann. 1939)
  • 1931 – The Trap (mei Henry S. Whitehead; publisearre maaie 1932)
  • 1932 – The Man of Stone (mei Hazel Heald; publisearre okt. 1932)
  • 1932 – Winged Death (mei Hazel Heald; publisearre mrt. 1934)
  • 1932 – The Horror in the Museum (mei Hazel Heald; publisearre july 1933)
  • 1933 – Through the Gates of the Silver Key (mei Edgar Hoffmann Price; publisearre july 1934)
  • 1933 – Out of the Aeons (mei Hazel Heald; publisearre apr. 1935)
  • 1933 – The Hoard of the Wizard-Beast (mei R.H. Barlow; publisearre 1933)
  • 1933 – The Slaying of the Monster (mei R.H. Barlow; publisearre 1933)
  • 1934 – The Horror in the Burying-Ground (mei Hazel Heald; publisearre maaie 1937)
  • 1934 – The Tree on the Hill (mei Duane W. Rimel; publisearre sept. 1940)
  • 1934 – The Battle that Ended the Century (mei R.H. Barlow; publisearre juny 1934)
  • 1934 – The Sorcery of Aphlar (mei Duane W. Rimel; publisearre 1934)
  • 1935 – Till A'the Seas (mei R.H. Barlow; publisearre simmer 1935)
  • 1935 – The Challenge from Beyond (mei C.L. Moore, A. Merritt, Robert E. Howard en Frank Belknap Long; publisearre sept. 1935)
  • 1935 – The Disinterment (mei Duane W. Rimel; publisearre jann. 1937)
  • 1935 – The Diary of Alonzo Typer (mei William Lumley; publisearre febr. 1938)
  • 1935 – Satan's Servants (mei Robert Bloch; publisearre 1949)
  • 1936 – In the Walls of Eryx (mei Kenneth Sterling; publisearre okt. 1939)
  • 1936 – The Night Ocean (mei R.H. Barlow; publisearre winter 1939)
  • 1938 – Collapsing Cosmoses (mei R.H. Barlow; publisearre 1938)
  • 1946 – Bothon (mei Henry S. Whitehead; publisearre 1946)

De folgjende wurken fan August Derleth waarden troch him presintearre as gearwurkings mei Lovecraft, en waarden by Derleth syn libben ek as sadanich akseptearre. Nei syn dea, lykwols, begûnen literatuerkritisy dizze wurken te beskôgjen as besibbe oan it wurk fan Lovecraft, mar net as wurken dêr't Lovecraft sels bydragen oan levere hie. Se wurde no sjoen as ûnderdiel fan 'e Cthulhu Mythos, dy't opspjalten wurdt yn 'e oarspronklike, 'Lovecraft Mythos', en de lettere en mindere 'Derleth Mythos'.

  • The Ancestor
  • The Dark Brotherhood
  • The Fisherman of Falcon Point
  • The Gable Window
  • The Horror from the Middle Span
  • Innsmouth Clay
  • The Lamp of Alhazred
  • The Lurker at the Threshold
  • The Peabody Heritage
  • The Shadow in the Attic
  • The Shadow Out of Space
  • The Shuttered Room
  • The Survivor
  • The Watchers Out of Time
  • Wentworth's Day
  • Witches' Hollow


Twifelich auteurskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It koarte ferhaal The Inevitable Conflict waard yn desimber 1930 en jannewaris 1931 yn it tydskrift Amazing Stories publisearre ûnder de namme P.H. Lovering. Op basis dêrfan waard gauris oannommen dat Lovecraft eins de auteur wie. In ferskaat oan arguminten, lykas statistyske analyze fan 'e skriuwstruktuer, is letter troch guon letterkundigen nei foarren brocht om te bewizen dat Lovecraft net de skriuwer west hawwe kin.

Lovecraft skreau in grut tal gedichten. De folsleine poëzij fan H.P. Lovecraft waard yn 2013 ûnder redaksje fan S.T. Joshi útbrocht yn 'e bondel The Ancient Track: Complete Poetical Works of H. P. Lovecraft (New York, Hippocampus Press). In eardere, minder komplete bondel waard yn 2001 publisearre troch Night Shade Books. Foar in folsleine opsomming fan gedichttitels, sjoch: dizze side op 'e Ingelske Wikipedy.

Filosofyske wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1915 – The Crime of the Century
  • 1915 – The Renaissance of Manhood
  • 1915 – Liquor and Its Friends
  • 1915 – More Chain Lightning
  • 1916 – Old England and the "Hyphen"
  • 1916 – Revolutionary Mythology
  • 1916 – The Symphonic Ideal
  • 1917 – Editors Note to McGavacks "Genesis of the Revolutionary War"
  • 1917 – A Remarkable Document
  • 1918 – At the Root
  • 1918 – Merlinus Redivivus
  • 1918 – Time and Space
  • 1918 – Anglo Saxondom
  • 1919 – Americanism
  • 1919 – The League
  • 1919 – Bolshevism
  • 1919 – Idealism and Materialism – A Reflection
  • 1920 – Life for Humanity's Sake
  • 1921 – In Defence of "Dagon"
  • 1922 – Nietzscheism and Realism
  • 1922 – East and West Harvard Conservatism
  • 1926 – The Materialist Today
  • 1931 – Some Causes of Self-Immolation
  • 1933 – Some Repetitions on the Times
  • 1935 – Heritage or Modernism: Common Sense in Art Forms
  • 1936 – Objections to Orthodox Communism

Wittenskiplike wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1899 – The Art of Fusion, Melting Pudling & Casting
  • 1899 – Chemistry (4 dielen)
  • 1899 – A Good Anaesthetic
  • 1901 – The Railroad Review
  • 1903 – The Moon
  • 1903-1907 – The Rhode Island Journal of Astronomy
  • 1903-1904 – The Scientific Gazette
  • 1903-1904 – Astronomy / The Monthly Almanack
  • 1904 – Annals of the Providence Observatory
  • 1904 – Providence Observatory Forecast
  • 1904 – The Science Library (3 dielen)
  • 1906 – artikels oer astronomy foar de The Pawtuxet Valley Gleaner
  • 1906 – Third Annual Report of the Providence Meteorological Station
  • 1907 – Celestial Objects for All
  • 1906-1908 – artikels oer astronomy foar The Providence Tribune
  • 1909-1915 – Astronomical Notebook
  • 1914-1918 – artikels oer astronomy foar The Providence Evening News
  • 1915 – artikels oer astronomy foar The Asheville Gazette-News
  • 1916 – Editor's Note to MacManus' "The Irish and the Fairies"
  • 1917 – The Truth about Mars

Oare non-fiksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1914 – A Task for Amateur Journalists
  • 1914-1919 – Departments of Public Criticism
  • 1915 – What Is Amateur Journalism?
  • 1915 – Consolidations Autopsy
  • 1915 – Consolidation's Autopsy
  • 1915 – The Amateur Press
  • 1915 – The Morris Faction
  • 1915 – For President – Leo Fritter
  • 1915 – Introducing Mr. Chester Pierce Munroe
  • 1915 – The Question of the Day
  • 1915 – ferskate notysjes, yn The Conservative
  • 1915 – haadartikels, yn The Conservative
  • 1915 – Finale
  • 1915 – New Department Proposed: Instruction for the New Recruit
  • 1915 – Amateur Notes
  • 1915 – Some Political Phases
  • 1915 – Introducing Mr. John Russell
  • 1915 – In a Major Key
  • 1915 – The Conservative and His Critics
  • 1915 – The Dignity of Journalism
  • 1915 – The Youth of Today
  • 1915 – An Impartial Spectator
  • 1915 – Symphony and Stress
  • 1915 – Little Journeys to the Homes of Prominent Amateurs
  • 1915 – Metrical Regularity
  • 1915 – The Allowable Rhyme
  • 1915-1916 – Reports of the First Vice-President
  • 1915-1916– Systematic Instruction in the United
  • 1916 – The Proposed Authors Union
  • 1916 – Introducing Mr. James T. Pyke
  • 1916 – Editorial, yn The Providence Amateur
  • 1916 – United Amateur Press Association: Exponent of Amateur Journalism
  • 1916 – Among the New-Comers
  • 1916 – Among the Amateurs
  • 1917 – The Vers Libre Epidemic
  • 1917 – Concerning "Persia – In Europe"
  • 1917 – Amateur Standards
  • 1917 – A Request
  • 1917 – A Reply to The Lingerer
  • 1917 – Editorially
  • 1917 – News Notes
  • 1917 – The United's Problem
  • 1917 – Little Journeys to the Homes of Prominent Amateurs
  • 1917-1918 – President's Messages, yn The United Amateur
  • 1918 – Poesy
  • 1918 – The Despised Pastoral
  • 1918 – The Literature of Rome
  • 1918 – The Simple Spelling Mania
  • 1918 – Comment
  • 1918 – Les Mouches Fantastiques
  • 1918 – Amateur Criticism
  • 1918 – The United: 1917-1918
  • 1918 – The Amateur Press Club
  • 1919 – The Case for Classicism
  • 1919 – Literary Composition
  • 1919 – Hélène Hoffman Cole – Littérateur
  • 1919 – Trimmings
  • 1919 – For Official Editor – Anne Tillery Renshaw
  • 1919 – Amateurdom
  • 1919 – The Brief Autobiography of an Inconsequential Scribbler
  • 1919-1935 – Commonplace Book
  • 1920 – Looking Backward
  • 1920 – For What Does the United Stand?
  • 1920 – sûnder titel, yn The Tryout
  • 1920 – Editor's Note to Loveman's "A Scene for Macbeth"
  • 1920 – Amateur Journalism – Its Possible Needs and Betterment
  • 1920 – The Pseudo-United
  • 1920-1921 – fragminten sûnder titel, yn The United Amateur
  • 1920-1925 – haadartikels, yn The United Amateur
  • 1920-1925 – News Notes
  • 1921 – Winifred Virginia Jackson: A Different Poetess
  • 1921 – Ars Gratia Artis
  • 1921 – What Amateur Journalism and I Have Done for Each Other
  • 1921 – Lucubrations Lovecraftian
  • 1921 – Within the Gates
  • 1921-1923 – The Vivisector
  • 1921-1923 – The Haverhill Convention
  • 1921-1923 – The Convention Banquet
  • 1922 – "Rainbow" Called Best First Issue
  • 1922 – The Poetry of Lilian Middleton
  • 1922 – Lord Dunsany and His Work
  • 1922 – A Confession of Unfaith
  • 1922-1923 – berjochten fan 'e foarsitter, yn The National Amateur
  • 1923 – Rudis Indigestaque Moles
  • 1923 – Introduction to Hoags Poetical Works
  • 1923 – In the Editors Study
  • 1923 – Random Notes on Philistine-Grecian Controversy
  • 1923 – Review of Ebony and Crystal by Clark Ashton Smith
  • 1923 – Bureau of Critics
  • 1923 – ferskate notysjes, yn The Conservative
  • 1923 – The President's Annual Report
  • 1923 – Rursus Adsumus
  • 1924 – The Professional Incubus
  • 1924 – The Omnipresent Philistine
  • 1924 – The Work of Frank Belknap Long, Jr.
  • 1925 – Diary
  • 1925 – Commercial Blurbs
  • 1925-1927 – Supernatural Horror in Literature
  • 1926 – Cats and Dogs
  • 1927 – wurd foarôf ta Bullens White Fire
  • 1927 – A Matter of Uniteds
  • 1927 – The Trip of Theobald
  • 1927 – Vermont: A First Impression
  • 1928 – wurd foarôf ta Symmes Old World Footprints
  • 1928 – Observations on Several Parts of America
  • 1929 – An Account of a Trip to the Fairbanks House
  • 1929 – Travels in the Provinces of America
  • 1929 – Notes on Hudson Valley History
  • 1929 – Notes on Alias Peter Marchall by A. F. Lorenz
  • 1930 – An Account of a Visit to Charleston
  • 1930 – An Account of Charleston
  • 1930 – The Convention
  • 1930 – Autobiography of Howard Phillips Lovecraft
  • 1930-1931 – A Description of the Town of Quebeck, in New France, Lately Added to His Britannic Majesty's Dominions
  • 1932 – In Memoriam: Henry St. Claire Whitehead
  • 1932 – European Glimpses (op 'e nij besjoene ferzje fan in reisferslach fan Sonia Greene)
  • 1932 – Correspondence between Wilson Shepherd and R H. Barlow
  • 1932 – Notes on Verse Technique
  • 1932 – Foreword to Kuntz's Thoughts and Pictures
  • 1932-1936 – Bureau of Critics
  • 1933 – Some Notes on a Nonentity
  • 1933 – Some Dutch Footprints in New England
  • 1933 – Some Notes on a Nonentity
  • 1933 – Notes on Weird Fiction
  • 1933 – Weird Story Plots
  • 1934 – Notes on Writing Weird Fiction
  • 1934 – Mrs. Miniter: Estimates and Recollections
  • 1934 – Homes and Shrines of Poe
  • 1934 – The Unknown City in the Ocean
  • 1935 – Some Notes on Interplanetary Fiction
  • 1935 – What Belongs in Verse
  • 1935 – Dr. Eugene B. Kuntz
  • 1936 – Some Current Motives and Practices
  • 1936 – Charleston
  • 1936 – Literary Review
  • 1936 – Defining the "Ideal" Paper
  • 1936 – Report of the Executive Judges
  • 1936 – Suggestions for a Reading Guide
  • 1936 – In Memoriam: Robert Ervin Howard
  • 1937 – Death Diary

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side.