Kleastersk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gerkeskleastersk)
Kleastersk
algemien
oare namme(n) Gerkeskleastersk
eigen namme Kloasters
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ûnbekend
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nedersaksysk
            ● Westnedersaksysk
              ● Noardsaksysk
                ● Grinslânsk
                  ● Kleastersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint

It Kleastersk of Gerkeskleastersk (Kleastersk: Kloasters) is in Nedersaksysk dialekt, dat sprutsen wurdt yn 'e twillingdoarpen Gerkeskleaster en Strobos. It taalgebiet leit dêrmei yn it easten fan 'e Fryske gemeente Achtkarspelen, tsjin 'e grins mei de provinsje Grinslân oan. It Kleastersk kin beskôge wurde as in oergongsdialekt tusken it Frysk en it Grinslânsk.

De lokaasje fan it Kleasterske dialekt (read) yn it Nedersaksyske taalgebiet (ljochtgriis).

Karakteristiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kleastersk wurdt omskreaun as "net sa sjongerich as it Frysk, mar ek net sa hurd as it Grinslânsk." Friezen beskôgje it as in foarm in Grinslânsk, wylst it Grinslanners it gauris foar Frysk oansjogge. De Kleasterske taalstriidster Wietske Poelman sei dêroer: "We hem'n 'n soort identiteitscrisis. Allinnig ien Gerskeskloaster-Stroobos bin'n we thuus." Taalkundich sjoen liket it Kleastersk lykwols tichter by it Grinslânsk as by it Frysk te stean.

It is ûndúdlik hoe't it Kleastersk yn it fan oarsprong Frysktalige Gerkeskleaster-Strobos belâne is. It is ferliedlik om 'e sitewaasje yn it twillingdoarp te ferlykjen mei dy yn Kollumerpomp, in doarp yn 'e midden fan 'e oanbuorjende gemeente Kollumerlân, dat ek in eigen Nedersaksysk oergongsdialekt hat, it Pompstersk. Ek kin in ferliking makke wurde mei it Kollumerlânske Westerkertiersk dat yn Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum, yn eastlik Kollumerlân, sprutsen wurdt. It ferskil is lykwols dat Kollumerpomp en eastlik Kollumerlân op ynpoldere lân lizze dat eartiids ta de Lauwerssee hearde, wylst Gerkeskleaster-Strobos op sângrûn leit. Poelman: "’t Kloasters is 'n vremd fenomeen. We bin'n echt 'n eiland hier. Je kin'n 't min verklaar'n."

Hjoeddeiske sitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is ûnbekend hoefolle sprekkers oft it Kleastersk noch hat. It dialekt wurdt hjoed de dei yn Gerkeskleaster-Strobos op 'e dyk noch by 't folop sprutsen, mar yn iepenbiere gearkomsten ferbrekke de lju har eins fuortendaliks en geane se oer op it Nederlânsk. Poelman wie ien fan 'e earsten dy't dat net die. En doe't se yn 2014 foar de FNP yn 'e gemeenteried fan Achtkarspelen keazen waard, wie se de earste dy't yn 'e riedsseal Kleastersk spriek. By de gemeenteriedsferkiezings fan maart 2018 waard se net werkeazen, en dêrnei besleat se om har fierder yn te setten foar har memmetaal. Poelman hat it plan opfet om in offisjele stavering foar it Kleastersk te meitsjen, en hat dêroer kontakt opnommen mei de Fryske Akademy, dêr't men entûsjast reägearre. Op it stuit wurdt besocht de finansiering fan in formeel taalkundich ûndersyk nei it Kleastersk ûnder tafersjoch fan 'e Akademy rûn te krijen. Neffens Poelman is dat neat te betiid: "As gieneen 't vastleit, dan verdwient 't. Veur 't Kloasters is 't vijf veur twaalf."

Wurdlist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

WURDLIST
Frysk Kleastersk Grinslânsk Nederlânsk
aanst straks domt straks
bêd bêre bedde bed
bôle bôle stuut brood
famke meiske wicht meisje
gûle guul'n skrei'n huilen
knibbels knibbels knie'n knieën
krekt krekt krekt net
net niet naait niet
prate praat'n proat'n praten
sinne sun sun zon
sleat sloat sloot sloot
tsiis kees kees kaas

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Veltman, Melle, "Veur 't Kloasters is 't vijf veur twaalf", yn: de Ljouwerter Krante, 23 april 2018, s. 23.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)