Dumb and Dumber (film)
Dumb and Dumber | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Farrelly | |
produsint | Charles B. Wessler Brad Krevoy Steve Stabler | |
senario | Peter Farrelly Bobby Farrelly Bennett Yellin | |
kamerarezjy | Mark Irwin | |
muzyk | Todd Rungren | |
filmstudio | Katja Motion Picture Corporation Krevoy/Stabler/Wessler Prod. | |
distribúsje | New Line Cinema | |
spilers | ||
haadrollen | Jim Carrey Jeff Daniels | |
byrollen | Lauren Holly Mike Starr Victoria Rowell Karen Duffy Charles Rocket | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 desimber 1994 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | gross-out-komeedzjefilm en roadmovie | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 106 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $17 miljoen | |
opbringst | $247,3 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Dumb and Dumber | |
● folgjend diel | Dumb and Dumberer: When Harry Met Lloyd |
Dumb and Dumber is in Amerikaanske gross-out-komeedzjefilm en roadmovie út 1994 ûnder rezjy fan Peter Farrelly, mei yn 'e haadrollen Jim Carrey en Jeff Daniels. De titel betsjut "Dom en Dommer", en ferwiist nei de beide haadpersoanen. It ferhaal folget de knoffelige sufferts Lloyd Christmas en Harry Dunne, dy't dwers troch de legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten fan Providence nei Aspen reizgje om in skynber fergetten kofferke werom te jaan oan 'e frou dêr't Lloyd fereale op rekke is. Wat se net witte, is dat hja it kofferke, dêr't losjild yn sit, mei opsetsin efterlitten hie om in ûntfierd famyljelid frij te keapjen. Fan 'e filmkritisy krige Dumb and Dumber mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen groeide de film út ta in grut kommersjeel súkses. Dêrtroch ûntstie der letter in mediafranchise om 'e film hinne, dy't (anno 2023) bestiet út in prequel, in ferfolch en in tekenfilmsearje. Sûnt de 1990-er jierren is Dumb and Dumber útwoeksen ta in cultfilm. Guon kritisy sjogge de film as ien fan 'e bêste komeedzjefilms út dat desennia, wylst oaren der neat fan hawwe moatte.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lloyd Christmas en Harry Dunne binne twa ûntychlik ûnnoazele omkoalen dy't inoars bêste freonen en hûsgenoaten binne. Se wenje yn Providence (Rhode Island), dêr't se in bestean libje fan tolve ambachten, trettjin ûngelokken. Op in dei, as Lloyd as sjauffeur fan in limûsine oan it wurk is, moat er de rike Mary Swanson fan har filla nei de lofthaven ride. It is foar him leafde op it earste gesicht, en hy is derfan oertsjûge dat it foar Mary net oars is, ek al bestiet dêr gjin inkele oanwizing foar. Op 'e lofthaven sjocht Lloyd troch in glêswand hoe't Mary in kofferke yn 'e ûntfangsthal stean lit. Wat er net wit, is dat dêr it losjild yn sit dat se betelje wol foar in ûntfierd famyljelid, Bobby Swanson. De ûntfierders, Joe "Mental" Mentalino en syn jonge froulike hantlangster J.P. Shay, hawwe Mary nammentlik opdracht jûn om it yn 'e ûntfangsthal efter te litten, sadat se it dêr oppikke kinne. Mar ear't se dat dwaan kinne, naait Lloyd mei it kofferke út. Hy besiket it by Mary werom te bringen, mar har fleantúch is dan al ôfset. Dat, hy nimt it kofferke mar mei nei hûs, yn earste ynstânsje as oantinken oan Mary.
Sawol Lloyd as Harry wurde dyselde deis noch ûntslein. Se keare werom nei harren appartemint, dêr't Mental en Shay, dy't Lloyd folge binne, besykje om harren oer it mad te kommen. Lloyd en Harry sjogge de mei pistoalen bewapene ûntfierders lykwols oan foar doarwarders dy't stjoerd binne troch it gasbedriuw om 'e iepensteande rekken te fereffenjen, dat se pike út troch it finster. Mental en Shay brekke yn it appartemint yn en trochsykje de boel, mar fine it kofferke net, dat Lloyd en Harry op harren flecht meinommen hawwe. By wize fan net mis te fersteane warskôging ûnthalzet Mental de parkyt fan Harry. As se tsjin 'e jûn wer thús komme, miene Lloyd en Harry lykwols dat it kopke fan 'e parkyt der fan âlderdom ôf rûgele is. Om't se gjin nije banen fine kinne, stelt Lloyd foar om nei it wintersportoard Aspen, yn 'e Rocky Mountains fan Colorado, te gean, dêr't Mary hinne ûnderweis wie. Hy kin har dan it kofferke weromjaan en ferwachtet dat se sa tankber wêze sil dat hy en sy op slach ferkearing krije sille. Harry fielt earst neat foar sa'n fiere reis, mar as Lloyd fertelt dat Mary tige ryk is en dat se him en Harry perfoarst "op 'e sosjale piiplieding oanslute" kin, wit er syn maat te bepraten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sadwaande sette se de oare moarns ôf nei Aspen. Se belibje ferskate ôfwearzige aventoeren mei in hufterige frachtweinsjauffeur dy't himsels "Sea Bass" neame lit en mei in motorplysje dy't derop stiet om út 'e bierfleskes te priuwen dêr't Lloyd yn pisse hat. Lang om let wurde se byhelle troch Mental en Shay. Mental docht him foar as in lifter en lit him troch Lloyd en Harry oppikke, wylst Shay harren temûk folget. Mental wurdt al rillegau it kofferke gewaar. As se oanstekke by in weirestaurant, risselwearret er om it iten fan Lloyd en Harry oan te mingen mei rottefergif, dat er by him draacht yn 'e foarm fan pillen. Dêrnei sil er mei it kofferke útnaaie. Wylst er dat snoade plan oer de tillefoan trochdocht oan syn opdrachtjouwer Nicholas André, in fertroude mar ferriedlike famyljefreon fan 'e Swansons, stopje Lloyd en Harry by wize fan grap silypipers yn 'e hamburger fan Mental, net wittende dat er oan in maachswolm lijt en dat soks klearebare fergif foar him is. Wannear't Mental in hap nimt, rekket er sadwaande yntern slim ferwûne. Nei't de kjel wurden Lloyd en Harry him bybrocht hawwe, freget er om syn maachpillen, dêr't se him in hantsjefol fan yn 'e mûle stopje. Te let sjocht Mental dat se by fersin net syn maachpillen pakt hawwe, mar it rottefergif. Mental komt om en Lloyd en Harry meitsje har út 'e fuotten.
By in benzinestasjon treft Harry oan 'e pomp in tsjeppe jonge swarte frou, Beth Jordan, wylst Lloyd op it húske in nije konfrontaasje mei Sea Bass hat. Harry besiket Beth safier te krijen dat se him har tillefoannûmer jout, mar ûnderwilens rêdt er it op om himsels yn 'e brân te stekken, sadat der abrupt in ein oan it petear komt. Yn 'e tuskentiid hat de plysje yn it weirestaurant fêststeld dat Mental fermoarde is. Tsjûgen jouwe Lloyd en Harry op as de dieders, dat der wurdt in weiblokkade opset op 'e snelwei nei Colorado. Mar wylst Harry eefkes de eagen ticht docht, nimt Lloyd út klearebare ûnnoazelens de ferkearde ôfslach en riidt seis oeren lang yn 'e ferkearde rjochting, nei Lincoln yn Nebraska (wêrmei't se sûnder euvelmoed de plysjeblokkade omsile). As er einlings wekker wurdt en lang om let foar it ferstân kriget wat der bard is, wurdt Harry poer. De beide mannen hiene nammentlik mar krekt genôch jild om Aspen te heljen, en troch Lloyd syn stommiteit hawwe se no net mear genôch benzine. Harry beslút om 'e hiele reis oer te jaan en rinnende op hûs oan te gean. Lloyd ruilet lykwols yn in plakje dêrsanne harren autobuske tsjin in minybrommer, wêrnei't er Harry wit te bepraten om dochs mei te gean nei Aspen.
Tsjin 'e tiid dat de beide maten op it minybrommerke yn dat wintersportoard heech yn 'e bergen arrivearje, binne se heal beferzen fan 'e kjeld. Yn it pleatslike tillefoanboek kinne se Mary net fine om't Lloyd net mear wit hoe't se fierder hjit en derfan útgiet dat de namme op it kofferke, Samsonite, har efternamme is. Dy nachts bringe se troch yn in park dêr't se in fjurke stoke. Harry syn hannen binne troch en troch kâld, en as er dêroer kleit, jout Lloyd him it ekstra pear wanten dat er al dy tiid al oan hie, om't hysels mei twa pear wanten oan suver swithannen hat. Harry is begryplikerwize nidich dat Lloyd de wanten net earder earlik mei him dield hat, dat hy beslút wraak te nimmen troch it stomme kofferke yn in berchmar te smiten. Wylst de beide mannen om it kofferke fjochtsje, rekket it slot rampoai. It kofferke giet iepen en blykt fol jild te sitten. Lloyd en Harry beslute wat fan it jild te brûken om troch de tiid te kommen, en dêrfoar lizze se eltse kear in bryfke mei in skuldbekentenis yn it kofferke werom. Se sizze dat se it jild inkeld foar de earste libbensbehoeften brûke sille, mar dat is foar harren blykber in reklik begryp, dat lúkse hotelkeamers yn in djoer hotel omfettet, in folsleine nije garderôbe en in Ferrari-sportauto fan $270.000.
Ut 'e pleatslike media komme Lloyd en Harry oan 'e weet dat Mary fan efteren Swanson hjit en dat sy en har famylje in galabarren organisearje om jild yn te sammeljen foar de beskerming fan 'e bedrige Iislânske snieûle. De beide mannen geane dêrhinne, mar Lloyd skytskoarret der tsjinoan om Mary oan te sprekken. Ynstee bepraat er Harry om dat foar him te dwaan. Mary har styfmem Helen fynt Mary en Harry in leuk stel en beävensearret dat se de oare deis tegearre te skyen geane. Harry beseft dat er in ôfspraakje hat en beslút dat foar Lloyd stil te hâlden. Ynstee seit er dat er foar Lloyd in ôfspraakje makke hat de oare moarns yn 'e hotelbar. Wylst Lloyd dêr sit te wachtsjen op Mary dy't mar net opdaagjen komt, giet Harry mei Mary de berch op, dêr't er in skoft lang fêst komt te sitten as er mei syn tonge it beferzen metaal fan 'e skylift oanrekket. Op 't langelêst wit Mary him te befrijen en dêrnei hawwe se tegearre in protte wille yn 'e snie. Lloyd freget de barkeeper op 't lêst oft dy ek wit wêr't Mary Swanson wennet, en wurdt dan nei in grutte filla ta stjoert. Dêr komt er krekt op 'e tiid oan om te sjen hoe't Harry Mary thúsbringt.
Mary nûget Harry út om dyselde jûns wer mei har op stap, mar Lloyd nimt wraak op syn maat troch syn drinken oan te lingjen mei laksearmiddel. Dat begjint te wurkjen as Harry Mary by har thús oanhellet, sadat er dêr sjen moat dat er op it húske komt. It húske blykt lykwols bûten wurking te wêzen, wat foar Harry oanlieding is om 'e húskepot mei ynhâld út it rút te soalen om foar te kommen dat Mary sjocht wat er dien hat. Underwilens arrivearret Lloyd ek by Mary thús en fertelt har dat er har kofferke hat. Hy nimt har mei nei it hotel dêr't er har net inkeld it kofferke sjen lit, mar ek syn ûnstjerlike leafde foar har ferklearret. Dan blykt lykwols dat Mary al troud is en dat it har man Bobby is dy't ûntfierd is. Nicholas André en Shay binne Lloyd en Mary ûnderwilens nei it hotel folge en komme har yn 'e hotelkearmer fan Lloyd en Harry oer it mad. As André it kofferke iepenmakket en gjin jild mar inkeld in steapel skuldbekentenissen oantreft, wurdt er poerlulk en bedriget er Lloyd en Mary mei de dea. Wilens keart Harry sûnder wat bedijd te hawwen werom nei it hotel, dêr't er yn 'e lobby opwachte wurdt troch Beth Jordan, de tsjeppe swarte frou dy't er earder by de benzinepomp besocht te fersieren.
Wannear't Harry de hotelkeamer binnenkomt, wurdt ek hy troch André finzen nommen. It oanhâldende getsier fan Lloyd en Harry driuwt André ta razernij, en hy beslút ien fan harren te fermoardzjen út wraak foar it stellen fan "syn" jild. Harry biedt himsels oan en André sjit him twaris yn it boarst. Dêrop falt de FBI ûnder lieding fan spesjaal aginte Beth Jordan de hotelkeamer binnen om André op te pakken. It docht bliken dat Harry net dea is om't Beth, dy't André en Shay op it spoar wie, him mei in kûgelfrij fest ûnder de klean nei binnen stjoerd hie om André út te lokjen. André en Shay wurde yn 'e boeiens slein en ôffierd. Mary wurdt net folle letter weriene mei har befrijde man Bobby, ta grutte teloarstelling fan Lloyd.
De FBI nimt alle besittings dy't mei it losjild kocht binne, yn beslach, dat Lloyd en Harry bliuwe wer like beroaid efter as se begûn wiene. Se sette op 'e minybrommer ôf út Aspen werom nei Providence, en as it brommerke de geast jout, moatte se geandefoets fierder. In autobus mei seksy, yn bikiny klaaide froulju hâldt ho by harren, en de beide freonen wurdt frege oft se ek in pear mannen witte dy't mei it bikinyteam op toernee troch de Feriene Steaten wolle om 'e froulju eltse dei mei oalje yn te wriuwen. Harry seit dat fiif kilometer fierderop in doarp is dêr't se grif wol in pear fan sokke mannen fine kinne. De fernuvere bikinymodellen ride fierder, mar Lloyd draaft derefteroan oant de bus wer stilstean bliuwt. Efter de pûst leit er út dat Harry goed stom west hat; it doarp is de oare kant út. Wylst de bus fol bikinymodellen fuortriidt, seit Lloyd wat in gelokkige keardels dat wêze sille, dy't mei dy froulju op toernee geane. Harry bewissiget syn freon dat ek sy beiden noch wolris sa'n kâns krije sille.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Lloyd Christmas | Jim Carrey |
Harry Dunne | Jeff Daniels |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Mary Swanson | Lauren Holly |
Joe "Mental" Mentalino | Mike Starr |
FBI-aginte Beth Jordan | Victoria Rowell |
J.P. Shay | Karen Duffy |
Nicholas André | Charles Rocket |
Sea Bass | Cam Neely |
Helen Swanson | Teri Garr |
Karl Swanson | Hank Brandt |
Barnard | Joe Baker |
motorplysje | Harland Williams |
resjersjeur Dale | Felton Perry |
Bobby Swanson | Brad Lockerman |
Margie Neugeboren | Lin Shaye |
bline Billy | Brady Bluhm |
âldere dame | Connie Sawyer |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dumb and Dumber waard regissearre troch Peter Farrelly nei in senario dat er yn 'e mande mei syn broer Bobby en Bennett Yellin skreaun hie. As produsinten wiene Charles B. Wessler, Brad Krevoy en Steve Stabler by it projekt belutsen foar de filmstudio's Katja Motion Picture Corporation en Krevoy/Stabler/Wessler Production. Foar de film wie in budget beskikber fan $17 miljoen, dat finansierd waard troch de gruttere studio New Line Cinema. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Irwin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Todd Rungren.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike kar foar it duo Lloyd Christmas en Harry Dunne waard foarme troch de akteurs Gary Oldman en Nicolas Cage. Oldman, en nei him Steve Martin en Martin Short, wiisden de rol fan Lloyd ôf. Yn dy rol waard úteinlings de Kanadeeske akteur Jim Carrey cast, fan wa't de bruorren Farrelly op dat stuit noch nea heard hiene. Nei't se foar him keazen hiene, mar noch foar't de opnamen foar Dumb and Dumber úteinsetten, briek Carrey troch mei de film Ace Ventura: Pet Detective. Carrey koe dêrom foar syn rol yn Dumb and Dumber in salaris betingje fan $7 miljoen.
Oars as Oldman woe Cage wol yn Dumb and Dumber spylje, mar allinne as er in salaris fan $2 miljoen betelle krige. Dêrmei oerspile er syn hân en waard er troch New Line Cinema oan 'e kant setten. Chris Elliott en Rob Lowe waarden foar de rol fan Harry yn omtinken nommen, mar de kar foel úteinlik op Jeff Daniels, dy't genoegen naam mei in salaris fan $50.000. New Line wie net botte wiis mei Daniels en besocht fan him ôf te kommen, mei't dyselde op dat stuit inkeld bekend wie fan earnstige toanielrollen. De bruorren Farrelly en Jim Carrey fochten lykwols om Daniels yn 'e film te hâlden.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Dumb and Dumber fûnen plak yn 1994. Guon sênes waarden op lokaasje filme yn Providence, yn Rhode Island, en yn 'e foarstêd Cumberland. Oare stedssênes yn Providence waarden eins opnommen yn Salt Lake City, yn Utah. De sêne op 'e lofthaven waard filme op 'e Ynternasjonale Lofthaven Salt Lake City. De sênes yn Aspen waarden eins filme yn Breckenridge, yn Colorado, en yn Park City, yn Utah. It Stanley Hotel yn Estes Park, yn Colorado, gie troch foar it fiktive Danbury Hotel yn Aspen. De sênes yn 'e snie mei de skylift en it skyen waarden filme yn it Copper Mountain Resort yn Colorado.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Dumb and Dumber waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 16 desimber 1994 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 novimber fan dat jier by platemaatskippij RCA Records.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Dumb and Dumber mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 2 fan 4 stjerren. Guon komyske eleminten út 'e film fûn er midden yn 'e roas, wylst er fan oaren neat hawwe moast. Yn 'e San Francisco Chronicle kwalifisearre Peter Stack Dumb and Dumber as "om jin de bûsen út te skuorren". Stephen Holden fan The New York Times hie benammen lof foar Jim Carrey, dy't er "de nije Jerry Lewis" neamde. Sûnt de 1990-er jierren is Dumb and Dumber útwoeksen ta in cultfilm. Guon kritisy sjogge de film as ien fan 'e bêste komeedzjefilms út dat desennia, wylst oaren der neat fan hawwe moatte.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Dumb and Dumber in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 52 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In ûnmeilydsum stomme komeedzje dy't ferheft wurdt troch de beide haadrolspilers: Jim Carrey slacht troch en Jeff Daniels hâldt him bewûnderensweardige goed yn in aktearprestaasje dy't rjocht tsjin al syn eardere wurk yngiet." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Dumb and Dumber in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 14 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dumb and Dumber brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $127,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $120,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $247,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $17 miljoen betsjut dat in winst fan $230,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jim Carrey wûn foar syn fertolking fan 'e rol fan Lloyd Christmas yn Dumb and Dumber in MTV Movie Award foar bêste komyske aktearprestaasje, en Carrey en Lauren Holly (dy't letter koarte tiid troud wiene) wûnen de MTV Movie Award foar bêste tút. Carry en Jeff Daniels waarden fierders nominearre foar de MTV Movie Award foar bêste filmduo.
Franchise
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Dumb and Dumber (franchise).
It grutte kommersjele súkses fan Dumb and Dumber late ta it ûntstean fan in mediafranchise om 'e film hinne dy't ek Dumb and Dumber hjit. Yn 1995–1996 stjoerde ABC in trettjindielige tekenfilmsearje út oer de fierdere aventoeren fan 'e sufferts Lloyd Christmas en Harry Dunne. Yn 2003 kaam der in prequel út ûnder de titel Dumb and Dumberer: When Harry Met Lloyd. Dy film, wêryn't de titelrollen fertolke waarden troch Derek Richardson, resp. Eric Christian Olsen, lit it begjin fan 'e freonskip fan Lloyd en Harry op 'e middelbere skoalle sjen. In ferfolchfilm, Dumb and Dumber To, ferskynde yn 2014. Dy spilet tweintich jier nei de foarfallen yn 'e oarspronklike film, en Jim Carrey en Jeff Daniels kearden dêrfoar werom yn harren âlde rollen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Dumb and Dumber
- (in) Ynformaasje oer Dumb and Dumber yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske komeedzjefilm
- Amerikaanske roadmovie
- Gross-out
- Ingelsktalige film
- Film fan New Line Cinema
- Film fan Peter Farrelly
- Film út 1994
- Film oer freonskip
- Film oer in reis
- Film oer skyen
- Film oer snie en iis
- Film oer ûntfiering
- Film oer in hotel
- Film oer bistemishanneling
- Film oer ûntslach
- Film oer de FBI
- Film oer oplichting