Dumb and Dumber (franchise)

Ut Wikipedy
Dumb and Dumber
betinker Peter Farrelly en
Bobby Farrelly
eigner New Line Cinema (o/m 2003)
Universal Pictures (fan 2014 ôf)
lân Feriene Steaten
begjinjier 1994
einjier 2014
films
langspylfilms Dumb and Dumber
Dumb and Dumberer:
   When Harry Met Lloyd

Dumb and Dumber To
tillefyzje
tekenfilmsearjes Dumb and Dumber
offisjele webside
www.dumbanddumber.com

Dumb and Dumber is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 1994 úteinsette mei de komeedzjefilm Dumb and Dumber. Dy giet oer in pear ûntychlike sufferts dy't healwiis troch it libben knoffelje en by tafal in ûntfieringssaak oplosse. Sûnt binne der in prequel, in ferfolchfilm en in tekenfilmsearje yn it ramt fan 'e franchise ferskynd.

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dumb and Dumber[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Dumb and Dumber (film).

Yn Dumb and Dumber rekket de knoffelige omkoal Lloyd Christmas (Jim Carrey) op slach fereale as er de tsjeppe Mary Swanson (Lauren Holly) sjocht. As sjauffeur bringt er har nei de lofthaven, mar wannear't er sjocht dat se yn 'e oankomsthal in kofferke stean lit, grypt er dat om it by har werom te bringen. Mei syn allike ûnnoazele bêste freon Harry Dunne (Jeff Daniels) set Lloyd ôf nei de bestimming fan Mary har reis: it wintersportoard Aspen yn Colorado. It docht lykwols bliken dat Mary it kofferke mei opsetsin efterlitten hie, om't in famyljelid fan harres ûntfierd is en it losjild op 'e lofthaven ôflevere wurde moast.

Dumb and Dumber waard regissearre troch Peter Farrelly nei in senario fan himsels, syn broer Bobby Farrelly en Bennett Yellin. De film gie op 16 desimber 1994 yn premiêre, en brocht $247,3 miljoen op tsjin in budget fan $17 miljoen. Meitiid ûntjoech Dumb and Dumber him ta in cultfilm. Guon filmkritisy beskôgje it as ien fan 'e bêste komeedzjefilms út 'e 1990-er jierren.

Dumb and Dumberer: When Harry Met Lloyd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Dumb and Dumberer: When Harry Met Lloyd.

Dumb and Dumberer: When Harry Met Lloyd is in prequel fan 'e oarspronklike film, wêryn't Lloyd Christmas (Eric Christian Olsen) en Harry Dunne (Derek Richardson) op 'e middelbere skoalle mei-inoar yn 'e kunde komme en daliks de bêste freonen wurde. De korrupte rektor Collins (Eugene Levy) brûkt it ûnnoazele duo om jild te slaan út 'e oprjochting fan in klaske foar learlingen mei "spesjale behoeften", mar Jessica Matthews (Rachel Nichols), in sjoernaliste foar de skoalkrante, kriget dêr lucht fan. Wylst se tsiere oer wa fan beiden Jessica "hawwe mei", bringe Lloyd en Harry op ûnneifolchbere wize de ûnderhânske praktiken fan Collins oan it ljocht.

Dumb and Dumberer: When Harry Met Lloyd waard regissearre troch Troy Miller nei in senario fan himsels en Robert Brener. De film gie op 13 juny 2003 yn premiêre, en brocht $39,3 miljoen op tsjin in budget fan $19 miljoen.

Dumb and Dumber To[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Dumb and Dumber To.

Yn Dumb and Dumber To is it tweintich jier nei de foarfallen yn 'e oarspronklike film. Lloyd Christmas (Jim Carrey) en Harry Dunne (Jeff Daniels) binne noch altyd like ûnnoazel en noch altyd like goede freonen. Wannear't Harry ferlet hat fan in niertransplantaasje, geane se op 'e siik nei in famyljelid dat him helpe wol. Om't er adoptearre is, kinne syn âldelju him net helpe, mar út in ûniepene brief út 1991 docht bliken dat in âlde flam fan Harry swier fan him rekke is. De poppe, in famke, is letter ôfstien foar adopsje. Lloyd en Harry sette ôf op in reis troch de Feriene Steaten om Harry syn dochter te sykjen, yn 'e hope dat sy him in nier jaan wolle sil.

Dumb and Dumber To waard regissearre troch de bruorren Peter en Bobby Farrelly nei in senario fan harrensels, Bennett Yellin, Sean Anders, John Morris, en Mike Cerrone. De film gie op 14 novimber 2014 yn premiêre, en brocht $169,8 miljoen op tsjin in budget fan $50 miljoen.

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekenfilmsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Dumb and Dumber (tillefyzjesearje).

Dumb and Dumber is in tekenfilmsearje op basis fan 'e oarspronklike film, dy't yngiet op 'e fierdere aventoeren fan 'e beide sufferts Lloyd Christmas (ynsprutsen troch Matt Frewer) en Harry Dunne (Bill Fagerbakke). De searje waard makke troch Hanna-Babera Cartoons en New Line Television en wie fan oktober 1995 oant febrewaris 1996 op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen by tillefyzjenetwurk ABC. Der waard ien seizoen makke fan 13 ôfleverings, elts mei in spyldoer fan 22 minuten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.